Foar dit twa-hûndertste
ferhaaltsje foar ROOTS tocht ik wat bysûnders te nimmen, eat wêr't in protte
minsken noch wol wat oer witte. It giet oer in bysûndere man!
"Toen groeven ze hem zijn
ogen uit!" Dat wie it tema fan in preek dy't kandidaat Zelle brûkte op 't
Fean yn de Grifformearde tsjerke, ik tink fan yn't lêst fan de oarloch of krekt
dêrnei. Wy seagen it deagewoan barren! Hy stie self as in reus op de preekstoel
en skildere mei in geweldige stim en grutte gebaren hoe't de fijânnen mei
Simson oant folterjen wienen. As bern en as jongfolk wienen we net thús te hâlden
as kand. Zelle kaam te preekjen. Hy naam ús mei fan it momint dat hy de tsjerke
binnen stappen kaam oant it momint dat hy der wer út gie. Net ien koe sjonge
lykas hy! Wat in machtige stim! En dan dy lange swarte golvjende manen. Wat in dûmny!
Der binne noch in protte minsken
dy't harren dizze preekfeint noch dúdlik foar de geest krije kinne. Ik tink
wolris: fan alle preken dy't ik as bern heard ha, kin ik my dy fan dû. Zelle
allinne noch goed herinnerje. Mei oare minsken ek? "Gij zijt het zout der
aarde!" en "Laat mij slorpen van dat rode, dat rode daar!" Dy
preken komme samar werom yn myn tinzen. Bylden en al! Hy kaam ek wol te sprekken
foar it jongfolk en hie dan referaten mei sprekkende titels! Oeral wienen de tsjerken
stampfol as dû. Zelle kaam te preekjen of te sprekken. "It kalk fleach fan
de muorren! seinen de minsken. Hy wie ek wat oars as gewoan yn
syn deistich dwaan en litten. Hy koe ite as in sleatslatter. Naam soms wol twa
waarme mielen op in snein, sa tusken de beide tsjinsten. Hy kaam yn de regel op
syn sportfyts. En ...yn de koarte broek! Doe't ik ûnderwizer wie op Rozenburg yn 1955, wie hy dûmny yn Rockanje. Dêr hat hy net sa lang stien. Immen út dy buert fertelde my dat dû. Zelle in bytsje ferkearing hie mei de dochter fan in smid yn dy kontreien, mar de heit wie der net sa bot foar en de ferkearing rekke út. De sneins dêrop preke dû. Zelle oer "Alexander de kopersmid heeft mij zeer veel kwaads betoond!" Dat wie wol aardich tapaslik. Okkerdeis krige ik in mailtsje
fan Jan Groenewoud út Brockville, yn Kanada. Hy stjoerde my in ferhaal dat hy
fan syn broer Ids út Eastermar krigen hie, en dat giet ek oer dû. Zelle. Ids
skriuwt yn it Eastermarder tsjerkekrantsje: "Elke
kear as ik in preek hear oer Jona, geane myn tinzen werom nei de 50-er jierren,
doe't wy jongfeinten wienen. It is, tink ik, 1954, want Marten van der Veen hat
as earste syn rydbewiis en in auto, in Skoda. It wie in waarme sneintemiddei en
wy stienen mei in man of wat foar de tsjerke yn Eastermar te wachtsjen dat it
reade ljochtsje oangiet boppe it oargel. Dan meie wy oeral sitten gean en hoege
wy net by heit en mem te sitten. |
|
Ds. J. H. Zelle |
Sa't
ik al sei, dêr komt Marten oan yn syn Skoda. As jongfolk beslute we net nei
eigen tsjerke te gean, mar nei Smellinger Pein want dêr preket dû. Zelle. 'Ynstappe',
seit Marten. 'Nei de Pein!'
In
man of sân skowe yn de Skoda. Wy binne samar yn 'e Pein. De koster stjoert ús
nei de kreake om te sjen of dêr noch plak is. Mar...gjin plak mear. Doe mar op
de treppen sitte, op de kokosmatten. Dan komt de tsjerkeried binnen mei dû.
Zelle. Mei syn roetswart hier, de preek ûnder syn earm en mei grutte stappen
nei de preekstoel. Dan wurdt der in psalm op joen, de gemeente sjongt it earste
ferske, en by it twadde ferske sjongt dûmny ek mei. Wat in stim! In folle
tsjerke, sa'n 500-600 minsken, tink ik. Dû. Zelle sjongt de twadde stim boppe
alles út. En dat yn in tiid dat der gjin fersterkers brûkt wurden.
Dan
komt de preek! Dû. Zelle preket oer Jona. Trije punten hat er: Jona deserteert,
Jona saboteert, Jona protesteert. Miskien is de folchoarder net presys goed, mar
de punten wol. Wat in preek! Ik wit it measte no noch wol, mear as 50 jier
letter. Nei ôfrin geane de sân jongfeinten wer op hûs oan yn de Skoda. Wy
komme wer thús yn Eastermar. Heit en mem hienen ús al mist yn tsjerke. Mar
doe't wy fertelden dat we nei dû. Zelle west hiene, en de punten sels noch
wisten fan de preek, glimke heit".
Ik ha al ris faker oer
Groenewoud skreaun [ROOTS-91] en dêrom folgje ik dizze kear de side fan Ids syn
frou in bytsje. Ids (1939-) is troud mei Jellie de Jong (1940-) út de Kompenije.
Sy is in dochter fan Geert de Jong (1905-1984) en Romkje Bakker (1910-1986). Dat
is in dochter fan Koop Oenes Bakker (1866-1951) en Jeltsje Aizes van der Heide
(1876-1943), dochter fan Aize Franzes Bouius van der Heide (1833-1915) en Romkje
Wybes Kootstra (1837-1916). Koop wie in soan fan Oene Hendriks Bakker
(1828-1896) en Tjitske Oenes van der Velde (1828-1897).
Ús froegere buorfamke Jellie
Weening (1936-1999) wie in folle nicht fan Jellie de Jong út Eastermar. De
memmen, Romkje en Tjitske, wienen susters. [ROOTS-42]
Jelle yn Kanada