"Achter het huis van mijn
overgrootouders aan de Groningerstraatweg stonden bijenkorven. Daar gingen we
regelmatig even kijken. Die waren van mijn overgrootvader, die behalve aannemer,
ook imker was. Mijn overgrootouders waren Hendrik van Kammen en zijn vrouw,
Tjitske Lamsma. Deze oerbeppe kan ik me nog wel voorstellen, en haar zuster,
tante Anna ook wel, maar oerpake Hendrik niet. Ook herinner ik me nog goed dat
ze zo'n mooie draai-telefoon hadden in de keuken en daar kon je prachtig mee
spelen."
Sa stiet it sa wat yn in pear
mailtsjes dy't ik in skoftke lyn krige fan in frou út Hoarnstersweach. Ik stean
wol ris fersteld hoe as wy dochs altyd wer op it Fean telâne komme. Minsken,
wat rinne der in sydtakjes werom nei't Fean. No ek wer. En se komme oeral wei,
út Nederlân, mar ek út oare lannen.
Dizze dame skreau fierder dat
har opa en oma tsjinoer de AVEK wennen froeger, en tichteby it hûs fan 'de Dútser'.
Dat wie in sekere Glump, mar presys wit ik dat net mear. Ik sjoch dat moaie hûs
fan Eppie van Kammen en syn frou wer klear en dúdlik foar my stean. Trouwens dy
hiele rige hûzen wienen moaie wenten. Sy hienen allegearre fan dy heage
puntdakken. De heer Strampel wenne ek yn ien dêrfan. En polysjeman Lalkens ek.
En Wietze Gjaltema hat dêr ek wenne. Dêr bin ik wol yn 'e hûs west doe't
Oebele en ik tegearre nei de Kristlike Kweekskoalle gienen yn Drachten. Albert
Riemersma wenne yn it lêste fan dy hûzen, rjocht tsjinoer Garaazje de Vries.
No hearde ik lêstendeis dat de firma Van Kammen al dy huzen boud hat. Dat mei
dan wol krekt foar de oarloch west ha.
Hanneke van Kammen fertelde my
ek dat se it earste healjier fan har libben yn Gerkeskleaster wenne hat by 'pake
en beppe Brandsma', om't der gjin hûs wie foar har heit en mem: Hindrik van
Kammen en Francisca Brandsma. Dêrnei ha se op it Fean wenne yn in salonwein.
Letter is it gesin fia de Van Duinenstrjitte nei Delfsyl tein.
Ik kin my ek noch goed
herinnerje dat Eppie van Kammen T.B. hie. Dat wie yn de oarloch of krekt dêrnei,
tink ik. Syn frou wie Ebeltje Storteboom (1919-1997), dochter fan Tamme
Storteboom (1887-1971) en Grietje Pera (1887-1959). Dat sil wol famylje wêze
fan Boukje Storteboom, de frou fan myn broer Rinze. Dat sykje ik no mar net út
want dat is nochal wat wurk, sa'n grutte kloft minsken is dat.
Hanneke is troud mei Jan
Menninga en sy wenje yn in âlde, ferboude pastorij fan 1930. Tegearre ha se in
reklame buro, foar de Vorm.
Ik ha de Van Kammen famylje al
ris út socht [sjoch ROOTS-157], dêrom doch ik no in bytsje oer de famylje
Brandsma.
Hanneke (1963-) is dus in
dochter fan Hendrik Rieuwerd van Kammen (1942-) en Francisca Brandsma (1945-).
Hendrik is in soan fan Egbert van Kammen (1918-1974) en Ebeltje Storteboom
(1919-1997). Francisca is in dochter fan Wytze Brandsma (1920-) en Johanna
Hamstra (1925-). As ik de Hamstra namme sjoch, tink ik fuort oan ús famylje,
fan myn mem har side. Mar dochs bin wy gjin famylje fan dizze Hamstra's. Wytze
wie in soan fan Christiaan Kornelis Brandsma (1884-1970) en Sijke Holwerda
(1881-1969). Christiaan wie in soan fan Kornelis Alderts Brandsma (1838-1916) en
Trijntje Wytzes Kuiper (1842-1906). Kornelis syn âlden wienen Aldert Willems
Brandsma (1801-1860) en Neeltje Kornelis Bakker (1799-1862). Neeltje hie in
suster Romkje (1781-1834) dy't de beppe wurde fan myn oer-beppe Romkje Buursma
(1841-1893).
Noch eefkes werom nei de
Hamstra's: Johanna Hamstra wie in dochter fan Minze Alderts Hamstra (1896-1968)
en Sitske Wiersma (1894-1972). Minze wie in soan fan Aldert Jans Hamstra
(1861-1934) en Johanna Oostra (1864-1920), en Aldert syn âlden wienen: Jan
Minzes Hamstra (1833-1896) en Froukje Alderts Brandsma (1832-1866), en dizze
Froukje wie in suster fan Kornelis Alderts Brandsma dy't ik hjir boppe al neamd
ha. Jan Minzes Hamstra wie in soan fan Minze Jans Hamstra (1804-1868) en Hiltje
Rienks Kloosterman (1802-1881).
Jelle yn Kanada