Doe't ik froeger foar it earst
nei de mulo gie yn Drachten, stapten we moarns betiid fan't Fean nei de tram op
'e hoeke fan de Skieding en de wei nei Drachten. Dat wie gâns in ein. Ik ha it
in pear jier lyn noch ris wer stapt foar de aardichheid. Master Kappe fan't Fean
hie my eefkes nei dy hoeke ta brocht. It wie in knap ein! Wy binne yn de oarloch
ek wol gauris fan't Fean nei de Kornhorn stapt nei de Kristlike Grifformearde
Tsjerke. Dat wie ek in glûpend ein! Froeger moasten in protte bern
lange einen rinne om by skoalle te kommen. Mar dat der ek noch in soarte lyts
roeiboatsje en in fearboat brûkt wurde moasten, barde net folle. En dochs
wienen der bern dy't sa nei skoalle gienen. De bern fan Anne en Ymkje Postma
wienen moarns in moai skoft ûnderweis foardat se op't skoalleplein fan de
Kristlike skoalle yn't west fan Stynsgea wienen. Harren hûs stie tichteby it
Knillisdjip, oan it Nonnepaed. Froeger hiet it dêre Mûnsetille of yn 'e folksmûle
'Moestille'. Anne Postma buorke dêre en hie
sa'n 10-12 beestjes. Fan hûs ôf moasten se earst oerset wurde oer de âlde Bûtenposter
feart. Dat dienen se mei harren eigen lytse boatsje mei in line der oan en sa
lutsen se it boatsje nei de oare kant. Dan stapten se nei Reahel wêr't in 'pontsje',
of fearboatsje harren oer it Knillisdjip sette. Dêr stienen ek mear bern te
wachtsjen. En sa mei elkoar brocht Jan
de Haan harren nei de oare kant fan it brede wetter. Dan stapten se troch
ferskate kampen lân nei Stynsgea. By't simmer en mei moai waar wie dat gjin
spul fansels, mar as it stoarme en as der iis yn 't kanaal kaam, fear de boat
net. Dan stapten de bern nei Blauferlaat en dêr gienen se oer de hege brêge en
sa nei Stynsgea ta. Sa gienen se ek nei de Pypke tsjerke, mei de pont oer it
kanaal. Ien fan de bern fan Anne en
Ymkje, Janke Postma, fertelde mei ek dat har âldste suster op 15 july 1949
oanriden is op de Ôfslútdyk. Sy wie dy deis fuort mei in groep learlingen fan
in kursus en sy stoppen eefkes by it monumint op de Ôfslútdyk. Dêr moasten se
de wei oerstekke en doe is Gerritsje Postma oanriden troch in auto. Sy wie op
slach dea! Slim! Wat in konsternaasje. Wat freeslik as jo as âlden soks mei
meitsje moatte. Mar as gesin ek. Gerritsje wie noch mar 18 jier âld. 'Myn mem
is der nea wer oer hinne kaam. It lei in sekere domper op ús allegearre.', sa
fertelde har broer Jelle my lêstendeis. Hûnderten kearen feilich mei in
boatsje oer it djippe kanaal, en ien kear de wei oer en in auto pakt har. Wat
giet it soms frjemd yn 't libben. Jelle Postma en syn suster Janke
wenje no noch yn't âlderlik hûs dat moai útsjocht op it kanaal. Se hoege no
it kanaal ek net mear oer. Yn de sechtiger jierren is der in brêchje oer de Bûtenposter
feart kaam en is de wei ek ferhurde wurden. No brûke se de auto en kinne se
oeral hinne komme. Janke (1940-) en Jelle (1938-)
binne dus bern fan Anne Lubbes Postma (1900-1989) en Iemkje Merkus (19001978),
dochter fan Jelle Hylkes Merkus (1864-1961) en Gerritje Jelles van der Wal
(1868-1950). Dizze Gerritsje wie in dochter fan Alle Jans van der Wal
(1827-1905) en Ynskje Pieters Ellens (1831-1899).
Okkerdeis ha ik in stikje skreaun oer de famylje Merkus. [sjoch
ROOTS-189] Jelle yn Kanada
|
||
Heit Anne Postsma (1900-1989) & Mem Iemkje Merkus (1900-1978) |
||
Gerritje (1931-1949) | Leentje (1932 - ) | |
Lubbe (1934-1990), Jelle (1938 - ), Janke (1940 - ), Ynskje (1936 - ) |