OP ZOEK NAAR ROOTS - 203

Op de alfde dei fan de alfde moanne hoopje ik wer op 't Fean te wêzen yn de Lantearne foar ús twadde ROOTS-dei. Dêr is al wat oer bekend makke wurden. Dan hoopje ik in protte lêzers persoanlik te moetsjen. En.... no sil it my ris benije oft der ek famylje fan Bareld Bijma komme sil dy dei.

No't ik wat âlder wurd, tink ik wolris hoe skerp en dúdlik in protte bylden binne út de bernetiid. Sa siet ik okkerdeis te tinken oan de Grifformearde Tsjerke op 'e Dellen wêr't wy yn de oarlochstiid wol gauris hinne gienen om't de reis nei de Kristlike Grifformearde tsjerke yn Kornhorn te fier wie. Wy sieten dan wol gauris op de lange kreake, op de allerfoarste bank, ûngefear yn't midden, rjocht tsjinoer de preekstoel. Dat kaam om't de minsken dy't dy fêste plakken hienen, net altyd yn't tsjerke komme koenen en dan mochten wy dêr wol sitte. Dy plakken wienen fan freonen fan myn âlden.

Ik kaam op dizze tinzen doe't ik in mailtsje krige fan in frou út Ede, mar sy kaam eins út Boelensloane. Harren hûs stie op de hoeke fan de Loane en de Trije Roede. Har âlden hienen dy fêste plakken yn  de tsjerke. Dy man wurke mei myn heit op it molkfabryk op 't Fean. Sadwaande koenen se elkoar fansels. Letter is dy man boer wurden op it spultsje fan syn âlden, dat deun neist harren hûs stie.

Dat hûs en it boerespul binne oant no ta noch altyd yn 'e famylje bleaun.

De skriuwster fan dy e-mail wie it "neikommerke" fan Bareld Bijma en Sietske Land. Sy hienen al twa famkes en krigen goed tsien jier letter noch in tredde famke. En dat famke, dy frou, skreau my oer har stambeam en ek oer ferhalen fan har pake. Dat wie Anders (Andries) Bijma, de mollefanger fan de Trije Roede. In protte fan syn ferhalen steane op it internet. Sjoch mar by: www.verhalenbank.nl

De húshâlding fan Bareld en Sietske is letter út elkoar rekke en de trije famkes wenje no bûten Fryslân. De âldste dochter, Attje, wennet mei har man yn Switserlân. De twadde dochter, Teikje, wennet mei har man yn Amersfoort, en de tredde dochter, Hinke, wennet yn Ede. Har man, dy't nertsfokker wie yn Ederveen, is al ferstoarn.

Alle trije famkes ha wurk dien of dogge dat noch, dat mei soarch foar oare minsken yn ferbân stiet. Dat seit jo wol wat, tinkt my. Sy ha alle trije in sosjale ynslach. De âldste dochter, Attie, is learares húshâldlike fakken oan in húshâld-skoalle en hat ek haad west fan de ôfdieling húshâlding yn it Ned. Sanatoarium yn Davos. Feikje, it twadde famke, hat froeger by de gesinsfersoarging yn Achtkarspelen wurke. Hinke is ynrjochtings-assistinte, en hat wurke yn de keuken fan ferplegings-ynrjochtingen, en hat ek yn Switserlân wurke. No is se noch parttime wurksum op de 'voedings adminstratie' yn it sikehûs fan Ede.

Hinke (1948-) is dus in dochter fan Bareld Bijma (1912-1996) en Sietske Land (1911-1987), dochter fan Albert Land (1866-1940) en Teikje Bos (1873-1946). De Land-famylje ha ik wol gauris neamd yn ROOTS. [sjoch ROOTS-78, 115, 126, 132]

Bareld Bijma wie in soan fan Andries Bijma (1890-1977) en Attje Tuinstra (1892-1980), dochter fan Jan Rapkes Tuinstra (185-1943) en Wilhelmina de Ruiter (1863-1943).

Andries Bijma, de ferhaaltjesferteller en mollefanger, wie in soan fan Bareld Meijer Bijma (1854-1935) en Wytske Andries Bekkema (1856-1919), dochter fan Andries Jacobs Bekkema (1819-1884) en Aaltje Wytzes Holwerda (1820-1883). Bareld Bijma wie in soan fan Alle Barelds Meyer Bijma (1828-1915) en Fopkje Brands Veenstra (1833-1895).  In soan Brand Bijma (1858-1931) ha ik al ris neamd yn ROOTS-15 om't dy yn de famylje sit fan Kees Bijma. In suster fan Brand, Wipke Bijma, bringt ús yn de Dalstra-famylje. Eins wie dy hiele Trije Roede besibbe oan elkoar, tink ik wolris.

Jelle yn Kanada


Wa kin alle 6 molkfabryk wurkers op dizze foto te plak krije?
Wa't se it earst alle 6 neame kin, kriget in pryske! [e-mail:jelle@kooistra.ca]