|  
ROOTS - DEI | 
| Nov. 
          11, fan 10 - 4 | 
| Yn 
          de Lantearne | 
| Surhuisterveen | 
In 
  pear wiken lyn hat der al yn de Feanster stien dat myn frou en ik dizze 
  oankomme sneon, de 11de novimber, op 't Fean yn de Lantearne, wêze sille, fan 
  10 ûre ôf oant 4 ûre ta. Der komme ek noch in stik of wat genealogen fan 
  namme, nammentlik Tinus Jongsma, Reid van der Ley, en Klaas Bekkema! En....Douwe 
  de Graaf, de skriuwer!
Yn 
  2002 ha wy ek sa'n dei hân. Dat wie doe in grut sukses. Dêr tink ik noch wol 
  gauris oan.
En 
  no is't goed 4 jier letter en no sille we it noch ris wer dwaan. Wy sjogge der 
  hiel bot nei út want ik hoopje no wer minsken te moetsjen dy't ik neamd ha yn 
  stikjes fan ROOTS of dy't de stikjes geregeldwei lêze. In protte fan dizze 
  minsken kin ik dus allinne mar 'op papier', fia mailtsjes.
It 
  jier 2006 is wol in hiel bysûnder jier foar ús beiden. Yn maaie wienen wy 
  presys 50 jier yn Kanada, en yn desimber hoopje wy 50 jier troud te wêzen. 
  Minsken, wat is dy heale ieu mei faasje foarby flein!
Wy 
  ha yn dy 50 jier hiel wat ôfreizge. Wol 15 kear nei Nederlân! Mar wy ha ek 
  wol nei Amearika west, lykas fan't maitiid. [sjoch de foto] En no wer nei 
  Nederlân. Dat is de twadde kear al yn 2006. Al earder wienen wy yn Nederlân 
  om sykte en in stjergefal yn de famylje. 
In 
  minske is eins altyd op reis. Dat reizgjen begjint al as jo berne wurde en dat 
  giet it hiele libben troch. Ús libben is ien lange reis. En op sa'n reis 
  belibje jo fan alles. "It giet net altyd sa maklik yn 't libben", 
  skreau ien okkerdeis. Soms reint it, soms skynt de sinne, it kin ek stoarmje, 
  jo kin de wyn tsjin jo ha, mar ek yn 'e rêch. Gelokkich binne der ek moaie rêstige 
  tiden.
Wy 
  binne dus allegearre op reis....nei in einstasjon. Der binne mar 2 fan sokke 
  stasjons: it iene is net sa moai, it oare wol.
Ik 
  tink noch wol ris oan dy prachtige grutte print of tekening fan de twa wegen: 
  de brede en de smelle. 'k Ha der as jonkje wol ris foar stien te sjen. Ik ha 
  noch altyd ien yn myn studearkeamer hingjen. Dat jout jo wol in dúdlik byld 
  fan de einstasjons.
Wy 
  moatte dêr wol ris goed oer nei tinke, of wy wolle of net. Wy reizgje no noch 
  en kin no noch yn 'e rjochting fan it goeie stasjon komme. Lit we allegearre 
  in goeie kar meitsje.
Minsken, 
  ik soe sizze: Oant sjens, no sneon, yn de Lantearne op 't Fean. It kostet 
  jimme neat en jimme krije ek noch in kopke kofje mei wat der by. En....jimme 
  meitsje ús hiel bliid.
Jelle yn Kanada
          
