OP ZOEK NAAR ROOTS - 205

Doe't ik yn augustus fan dit jier in wike yn Fryslân wie, om't myn broer Rinze ferstoarn wie, trof ik in man en syn frou dy't beide famylje fan my binne. Ik koe se wol net, mar al pratendewei die bliken dat der bekende nammen te foarskyn kamen. Wy sieten al ridlik gau yn 'e Nicolai's en de Kooistra's te skarreljen. De frou wie Jeltsje en hy wie in Jan. Se wenje yn Sint Nyk. Beide hienen by it ûnderwiis west, en no meie se genietsje fan harren pensjoen en se dogge aardich wat frijwilligers wurk, foaral foar de tsjerke. Sy hienen elkoar kennen leard op 'e Koningin Juliana Kweekskoalle yn Drachten. Dat is de selde skoalle wêr't ik ek myn oplieding hân ha, en wêr't ik Bouwe Nicolai ek as learaar meimakke ha. [sjoch ROOTS-14]

No lit ik Jeltsje eefkes fertelle:

"Fan 1956 oant 1959 siet ik op de ULO yn Surhústerfean. Ik ha dêr klas 1,3 en 4 folge. It gong dus wol goed. Ús heit prate yn dy tiid wol ris mei Yme Drost, moalkeapman en ek de man fan de Boerenleenbank yn Stynsgea. Se hiene it net allinnich oer it moal en it jild, ús heit fertelde ek oer syn húshâlding, syn bern. Sa hie Yme Drost sein: "Dat fanke moat fierder leare, se moat nei de Kweek. Dêr is ek in learaar Nicolai, praat dêr mar ris mei". Sa heucht it my noch dat ús heit sei: "Ik sil ris mei Bouwe fan Mekke-om prate". Hy is doe nei Drachten ta fytst en hat mei syn neef praten. Ik wit noch dat er thús kaam en sei: "Dû moast earst de ULO ôfmeitsje en dan kinst wol nei de Kweek".

No wie ik yn dy tiid noch hielendal net dwaande mei wat ik nei de ULO dwaan soe. Ús heit syn ûndernimmen liet ik mar wat gewurde. Dochs bin ik letter nei de Kweekskoalle yn Drachten gongen. Dêr ha ik leard foar ûnderwizeres of 'skoalmatres' sa't myn pake Boele it sei. En dêr op dy Kweekskoalle ha'k myn man, Jan van der Meer út Harkema, kennen leard. Wy hawwe beide mei folle nocht yn't ûnderwiis wurke. Jan wie learaar Ingelsk yn Snits en ik ha yn it basisûnderwiis wurke. Jan hat 41 jier foar de klasse stien en ik 31 jier. Ik ha sa'n 10 jier der tusken út west en dat wie yn de tiid dat ús trije bern noch lyts wienen. Foaral de tiid dat ik by de beukers wurke, wie in prachttiid. Yn 2004 binne we beide mei de F.P.U. gong."

En dan fertelt Jeltsje noch in moai ferhaaltsje oer har pake Roel Nicolai.

"Pake sil yn 'e 70 west ha. Hie in Solex. Op in kear kaam er by ús wei. Wy wennen oan in sânreedsje, it Súd 6a yn Surhuzum. Myn âlden wenje dêr no noch. Pake swaaide sa mar de wei op en ried sa wat tsjin in jongkeardel oan op syn fyts. Pake fûtere: "Kinstû net better útsjen?" De jonge sei: "Ja, mar jo moatte ek útsjen!" Pake andere: " Wol nee, ik bin de âldste, ik ha foarrang". Sa wiene pake syn ferkearsregels.

Ús heit en syn broers ha dêrnei ris praten. It wie dúdlik: pake wie in gefaar op de dyk! Myn pake syn Solex kaam op slot en hy mocht net mear brûkt wurde!"

Wa is Jeltsje eins?

Sy is berne yn Pieterzijl yn 1943 en is in dochter fan Luitzen Nicolai (1918-) en Wijke Ytsma (1919-), dochter fan Boele Ytsma (1892-1968) en Jeltje van der Veer (1891-1964). Dizze Boele is fiere famylje fan Ytzen Ytsma, de beamkapper. [sjoch ROOTS-104]

Jeltje van der Veer wie in dochter fan Johannes van der Veer (1865-1935) en Hiltsje Oldenburger (1869-1935), dochter fan Halbe Barelds Oldenburger en Jeltsje Postma. Johannes van der Veer wie in soan fan Pieter Klazes van der Veer en Trijntje Hendriks Kooi.

Luitzen Nicolai is in soan fan Roelof Annes Nicolai (1886-1968) en Antje van der Molen (1886-1970). Sy wie in dochter fan Luitzen Mients van der Molen (1856-1929) en Antje Jans Mud (1853-1892).

Roelof Nicolai wie in soan fan Anne Andries Nicolai (1853-1923) en Wikke Tjallings Bos (1853-1939). Anne wie in soan fan Andries Roels Nicolai (1819-1883) en Trijntje Metskes van der Wal (1820-1893). Andries wie in soan fan Roel Mekkes Nicolai (1779-1851) en Joukje Andries van der Veer (1788-1861). As jo noch wat fierder tebek geane komme Jeltsje en ik by elkoar by dû. Atzo Nicolai fan Droegeham.

Noch in pear wurden oer Jan van der Meer (1943-). Hy is in soan fan Sietze van der Meer (1909-1996) en Grietje Land (1908-2005). Jan syn broer Anne wennet op 't Fean. Sietze wie in soan fan Anne Sytzes van der Meer (1889-1973) en Lutske Wierds Kooistra (1888-1960). En dizze Lutske wie in nicht fan myn pake Rinze Kooistra (1875-1946).

Jelle yn Kanada