'Minsken,
minsken, wat in minsken!' Dat tocht ik dy sneon op 't Fean, de 11de novimber.
Dat wie ROOTS-Dei-2. Yn 2002 hienen we ek sa'n dei en doe kamen der ek hiel wat
minsken. Mar dizze twadde ROOTS-Dei wie wol in boppeslach! Fier oer de hûndert
minsken kamen delsetten. It like de hiele dei wol op in merke. By tiden wie it
fierstente drok. Oan ien kant bin ik hiel bliid mei dy dei, mar oan de oare kant
fyn ik it skande dat der net genôch tiid wie om wat langer mei eltsenien te
praten. Mei de measten wie dat foar de earste kear fansels. It wienen allegearre
lêzers fan ROOTS en ek in protte wêr't ik wolris oer skreaun ha yn myn ROOTS
ferhaaltsjes. De minsken kamen fan fier en hein. Der wienen ek Kooistra's fan
Grins, der kamen Oldenburgers út Delfsyl, Teikje en Hinke, dochters fan Bareld
en Sytske, wienen der al hiel út Utrecht en Gelderlân. De earste dy't myn frou
en ik, fier foar tsienen, dy moarns oantroffen wie Melle Holthuis út Harkema.
Hy is no 86 jier âld, hy wie op 'e fyts kommen, en nei wat hin-en-wer praat sei
hy: 'Ik wol hjir de hiele dei bliuwe!'. Dat hat hy ek dien. Hy fûn it prachtich.
It wie fuortynienen al drok om 10 ûre en dat gie troch oant 4 ûre ta. De
Feanster hie alles hiel moai regele en hie soarge foar kofje mei wat derby. Dat
wie dik yn oarder!
Yn
dit stikje wol ik eefkes wat neame oer trije foto's.
a.Geertsje
Wedman-Steensma út Drachten wie der ek. Sy is in dochter fan Gosling Steensma
en Ypkje van der Heide, en sy hat froeger yn it Avekshûs wenne oan de
Warreboskleane, wêr't wy jierren lyn ek yn wenne ha. Geertsje hat ek hiel wat
útpluze oer har stambeam. Sy hat dy deis ek genoaten en sy sil my in fotokopy
stjoere fan dat hûs wêr't wy dus beide yn wenne ha. Ik ha al jierren socht om
in ôfdruk fan dy foto en no komt it dochs noch klear.
b.De
twadde foto dy't ik neam is dy fan dy 6 molkfabryks-mannen dy't yn ROOTS-203
stien hat. Ik koe mar twa fan de seis mannen en hie de lêzers frege om help.
Ferskate minsken koenen wol in pear, mar net allegearre. Ik hie sels in pryske
tasein oan de persoan dy't alle 6 neame koe. Der wie ien dy't se alle seis
opskarrele hat. In earste klas sneuper dy't 'stad en land' ôfreizge hat, of
skille of maild hat, om se te krijen. Willen Veenstra fan't Fean blykt in earste
klasse fisker te wêzen. Hjir bin de seis nammen fan l.n.r.: Johannes Senneker,
in sekere Van der Berg, Kees Bijma, Gosling Steensma, Bareld Bijma, en Douwe van
der Veer. Dus dy puzzel is ek wer oplost.
In
dei of wat nei de ROOTS-dei bin ik eefkes by Willem en Johanna west en ha him
doe it pryske oerhandige: in flesse Kanadeeske Maple Syrup. Ik sei tsjin him: 'Wy
brûke dat spul op pankoeken yn Kanada'. Dizze flotte prater andere:'Pankoeken!
Der bin'k sljocht op. Dat tref ik.' Dus dat wie klear. Ik tink dat Johanna dy
selde dei noch oant bakken west hat. Willem hie
goed sin oan pankoeken mei Kanadeeske sjerp!
c.De
tredde foto is de foto dy't ik hjir by dit stikje doch. Dy sneon ha ik hiel wat
paperassen sjoen en meikrigen, en ek dizze moaie foto. Annie Notebomer út
Lytsegast joech him my en se sei: 'Ik wit net wa as dit binne, mar dy foto lei
by ús thús. Ik tink dat it in Olderburger húshâlding is. Jo krije dizze foto
en wa wit kin jo wol ris út fine wa as dizze minsken binne."
Ik
tocht wat is dit in moai gesin! Der stiet in namme ûnder, mar dat it plak wêze
óf de namme fan de fotograaf. Der stiet ûnder: Tutweiler-Ellensburg, WN.
Wa
fan de lêzers fan ROOTS kin dizze minsken? Wa wit bin der wol neisaten dy't him
graach ha wolle. Stjoer my mar in mailtsje of in brief, of belje mar eefkes. Wa
wit kin Willem it wol útfine.
Jelle yn Kanada