"Hollander, Brabander,
spekfretter, koekoek", al sokke skelnammen wurden froeger wol gauris brûkt
op 'e Langewyk by Rottefalle, en dêr wurde op reagearre mei in wân op 'e hûd
as se jo te pakken krigen."
Dat skreau Jaap van der Meer út
Burgum my okkerdeis doe't hy wat fertelde oer syn foargeslacht, de Veenstra's.
Hy hie wol ris heard dat guons fan de Veenstra's froeger út it Súden fan
Nederlân kaam wienen, en heidefjilden en feangrûnen kocht hienen by Rottefalle
en it Wytfean. Yn elts gefal namen se de namme Veenstra oan yn 1811.
Jaap hat wol mear moaie
ferhaaltsjes heard fan syn âld-beppe Tryntsje Foppes Huitema en fan syn beppe
Gepke Ljibbes Veenstra. Sa binne der hiel wat 'sterke' staaltsjes oer syn âld-pake
Ljibbe Jacobs Veenstra bewarre bleaun. Dat moat in ûnbidich sterke keardel west
ha. Op in tsjustere jûn kaam dizze man ris mei de âlde tram fan Ljouwert en
stapte út by Nijtap. Dêrwei stapte hy nei hûs, nei de Fjouwer Roede. Wat hy
net wist, wie dat fjouwer mannen in best stik drank yn 'e kraach hienen en ôfpraat
hienen dat se de earste de beste dy't se tsjin kamen pakke soenen en fan kant
meitsje soenen. Ljibbe wie al op 'e Langewyk en dêr ynienen soenen dizze mannen
him pakke. Hy wie sterk mar wurde doe noch sterker troch de eangst miskien. Hy
griep de earste en mitere him yn 'e wyk. Doe griep hy de twadde en soalde him
mei faasje tsjin in dikke beam oan, en de tredde sloech hy om raak op syn kop.
De lêste, de fjirde dus, raasde: " Ljibbe, slach my net dea, slach my net
dea. Wy wisten net datsto it wiest!"
Letter gienen de fjouwer mannen
nei dokter om wat oplape te wurden, en doe gienen se nei de plysje. Se fertelden
de plysje dat Ljibbe Hollander harren oanfallen en mishannele hie. De oare deis
kaam de plysje by Ljibbe en doe hearde hy de oare kant fan it barren dy nachts.
De polysjeman leaude Ljibbe, mar net de fjouwer sûplappen. Drank wie froeger in
grut probleem ûnder it earme folk. Der wienen hast gjin sinten foar iten en
klean foar frou en bern, mar wol foar sokke oare fratsen. Earmoed brocht in
bulte ellinde. Ik ha dêr wol Fryske boeken oer lêzen oer de omkriten fan Beets
en sokke plakken. Slim, sokke tastânen! Jelle Dam, yn syn moaie boekje "Jeugd
Herinneringen van Jelle Dam", ferhellet dêr ek fan. En ek Rink van der
Velde yn boeken lykas 'Jan Hut' en 'Feroaring fan Lucht'.
Wa is Jaap eins, en wat en wa is
syn foargeslacht. Dat wol ik no noch eefkes troch jaan.
Jacob Ljibbe van der Meer
(1938-) wennet yn Burgum. Hy is troud mei Jantsje Folkerts (1937-) út Grinzer
Pein, in suster fan Geert Folkerts fan't Fean, dy't troud is mei
Grietsje Wijma (1926-). Geert en Jantsje binne bern fan Harm Folkerts
(1902-1969) en Martsje Huitema (1900-1991).
Jacob is in soan fan Tjemme van
der Meer (1906-1981) en Folkje Klompstra (1906-1953). Tjemme is in soan fan
Lieuwe van der Meer (1875-1930) en Gepke Veenstra (1883-1956), dochter fan
Ljibbe Jacobs Veenstra (1857-1929) en Trijntje Foppes Huitema (1857-1949),
dochter fan Foppe Halbes Huitema (1832-1915) en Gepke Sanders van der Meulen
(1832-1921).
Ljibbe wie in soan fan Jacob
Wytzes Veenstra (1819-1886) en Aatje Wytzes Wijma (1818-1892) dochter fan Wytze
Gerrits Wijma (1784-) en Minke Jans de Boer (1784-1863).
Jacob Veenstra wie in soan fan
Wietze Jarigs Veenstra en Trijntje Jacobs Veenstra.
Jelle yn Kanada