It kin hast sa raar net beteare
of wy komme earne op 't Fean telâne. Dat docht ek wer bliken mei dit
ferhaaltsje.
Doe't ik in skoaljonge wie en
graach nei it fuotbaljen sjen mocht, wienen der op 't Fean twa goeie fuotbal
ferienigingen, de iene spile op sneon, de oare op snein. Ien fan dy twa hie in
kiper dy't Kanne Huitema hyt. Yn myn eagen wie hy in hiele beste spiler! Mar syn
broer Johannes koe it noch better. Dy hat wol
foar Hearrenfean spile!
Kanne kaam my yn't sin doe't ik
wat dingen tastjoerd krige fan Jaap van der Meer út Burgum. [sjoch ROOTS-208]
Syn foargeslacht kaam út Rottefalle en Boelensloane.
Doe't ik yn novimber yn Burgum wie, hat Jaap my it 'Huitema-boek' sjen
litten en dêryn fûn ik wat oer Aalzen Huitema fan't Fean. Dat boek is makke
wurden troch J. A. Kunnen út Oerterp en dy hat dus hiel wat útsocht oer de
Huitema's. Syn mem wie in suster fan Aalzen Huitema. Jan Kunnen skriuwt earne yn
dat boek:
"Beppe
út Surhústerfean hie nea leard om te fytsen. Pake wol. Dy hie in Gazelle mei
in opstap. Dat wie in ferlingde oan de achteras fan de fyts. Dêr koe pake dan
syn iene foet opsette, en hy hâlde it stjoer stiif beet mei beide hannen. Dan
begûn hy te hippen op syn oare foet en sa al stappende en hippende, krige pake
meer snelheid. Op 't lêst die hy in grutte sprong en plofte dan op it sadel. As
it sa fier wie, fytste pake fleurich op nei Boelensloane. Beppe gie leaver mei
de bus. Mar....pake woe dochs mar dat beppe it fytsen ek leare soe. Der kaam in
nije fyts. Beppe wie dan jûns drok oant oefenjen, en it gie aardich knap sa
lang as sy de wei allinne hie. Op in kear soenen pake en beppe nei de Loane,
beide op de fyts. Beppe wie knap senuweftich, mar it gie aardich goed yn 't
begjin fan de loop. Sy fytste in meter of wat achter pake oan. Midden op 'e Kolk
op 't Fean gie it mis. Der wie wat mear ferkear dêre fansels. Der wie ek in mem
mei in bernewein op 'e Kolk. Beppe hie him al sjoen en wurde hoe langer hoe
senuweftiger. Der wie wol genôch rûmte om der omhinne te fytsen, mar ....beppe
wurde noch banger en ûnwisser. Doe't se flakby de bernewein wie rôp se goed lûd:
' Gean dochs oan'e kant!' Mar it ûnmijbere barde: Beppe ried op 'e kop tsjin de
bernewein oan. In protte kabaal en getjirch, de bernewein ûnderste boppe, beppe
heal ûnder de fyts....it koe hast net mâler. Doe't it stof fuort waaid wie en
alles stil te plak lei, siet beppe plat op 't gat op 'e Kolk en hie de poppe op
'e skoat! Gelokkich mankearde der fierder neat oan beppe en de poppe! De fyts is
werom gien nei de fytsmakker en beppe hat nea wer fytst! It wie foar goed dien!
Wa wienen dizze pake en beppe
eins? Dat wienen de pake en beppe fan Jan Kunnen (1922-) út Oerterp. Jan is in
soan fan Ruurd Kunnen (18--), froeger haad fan de Iepenbiere Skoalle yn
Boelensloane. Jan syn mem wie Margjen Huitema (1897-) in dochter fan Aalzen
Huitema, de slachter fan 't Fean. In oare dochter, Martje (1900-1991) wie troud
mei Harm Folkerts (1902-1969) en dat wienen de âlden fan Geert Folkerts (1926-)
en Jantje Folkerts (1937-), de frou fan Jaap van der Meer út Burgum.
Mar dyselde pake en beppe út it
ferhaal mei de fyts, wienen ek de pake en beppe fan de kiper fan 't Fean, fan
Kanne Huitema dus. Kanne syn âlden wienen Aalzen Huitema (1895-1961) en Aukje
Pijl (1897-1968), dochter fan Johannes Pijl (1866-) en Geertje Dijk (1871-).
Aalzen wie in soan fan Jan
Hommes Huitema (1868-1950) en Antsje de Jager (1871-1958), dochter fan Aalzen
Douwes de Jager (1839-1912) en Martsje Jans Pool (1843-1926). Dizze Jantsje wie
in dochter fan Jan Eizes Pool en Janna Jans Renkema. [sjoch ROOTS-173,174,175]
Noch in lyts ferhaaltsje oer
Aalzen Huitema, dy't bytiden in grapmakker wie. Willem Veenstra syn heit en
Aalzen wienen freonen en hellen wol gauris in fyt út. Yn 't koart in lyts
ferhaaltsje: "....doe't
Johannes Huitema noch mar krekt op 'e wrâld wie, hie syn mem Aukje him yn de
bernewein foar hûs op it stienen paadsje stean. Dat hûs stie oan de
Feansterfeart. It paadsje rûn wat del nei de feart ta. Dus jo moasten goed
oppasse hoe't de wein stie. Doe't Aukje út de keuken kaam mei de fetpanne, rôp
Aalzen, har man, ynienen: 'Blinder....dêr giet ús bernewein!' Aukje skrok sa
bot dat se liet de fetpanne falle en fleach as in hazze de doar út, nei de
feart ta. De wein stie op it rântsje fan de feart...stil...want Aalzen hie , as
grap, de bernewein fêstbûn mei in ôfmetten stik tou!
Johannes sei tsjin Willem:
" Myn mem hie fan skrik wol dea wêze kinnen!'
Jelle yn Kanada