Elk minske is net samar in goede slachter! Dat fûnen wy út yn ‘e oarlochsjierren. Wy wennen yn't Avekshûs oan de Warreboskleane op ‘t Fean. Dat hûs stiet der al lang net mear. It wie earst fan Johannes Kuipers, fiere famylje fan ús, en letter wie meester Tjoelker ús húsbaas. Wy hienen in groue baarch yn een hokje efter it hûs. Hy wie klear foar de panne. It slachtsjen moast by jûntiid dien wurde fanwege de Dútsers en N.S.B.ers. It soe wêze op in Sneontejûns. Wy hienen efter yn't hûs 2 dûbele kouestâllen dy't net brûkt wurden en de groppe wie moai skjin altyd. Wierd van der Meer (1917-1985), freon fan de famylje, soe ús helpe want Wierd hie wol ris sjoen hoe't dat op en ta gie mei ‘t slachtsjen. De messen wienen skerp, de bile lei klear, amers fol wetter stienen ré, en de baarch ferhûze fan't hok nei de groppe. Wy, de
trije jonkjes, leinen al op bêd boppe de stâllen en hearden it heisterjen wol ûnder ús. Mem wie der net sa gerêst oer, ek al om't de beide ‘slachters' it wol ris sjoen hienen mar noch nea dien hienen. Hawar, de tiid wie der en de baarch stie koest en klear yn ‘e groppe.
Heit stie ek al klear mei't mes, Wierd stie klear mei de bile, en de baarch stie ek klear. Wierd stie dwers oer de baarch en hie de grutte bile omheech. ‘Bist klear, Hindrik?', frege Wierd. ‘Ja', sei heit. Wierd sette him lykas Simson lang lyn, en soe de baarch yn ‘e sûze slaen, tusken de beide eagen mei de hakke fan de bile. Dat wie ek wol goed kaem as de baarch mar net krekt syn kop omdraaide om nei heit te sjen. Ut meilijen miskien? Wierd sloech omtinken, mar ... rekke de baarch oan de kant fan syn kop yn't each en ... mis wie't. De baarch raasde moard en brân en tjirge lyk as allinne in baarch dat dwaan kin. Wierd rekke ûndersteboppe yn ‘e groppe, en rôp tsjin heit: ‘Stek him dea, Hindrik!', mar heit rôp: ‘Ik doar net, doch do it mar!'. Wierd raamde it mes, fûn de baarch, en hat him dochs dea krigen. Mem kaem der ek by, der
foelen hurde wurden, heit waard lilk, sa lilk dat hy al gau op bêd gie, en Wierd en mem ha it slachtsjen fierder dien. Wierd krige de baarch omheech te hingjen en hat him iepensnien. Mar ... te djip, tink ik, want alle smoargens rekke troch it fleis, en wat hat mem wat waskje moatten om it wer skjin te krijen. Wierd hat midden yn'e nacht syn sweager der noch by helle. It is dochs wol goed kommen, want dizze ‘kwos' smakke bêst! Der is ús neat fan oerkaem.
Een jier letter hienen wy wer een baarch klear en dizze kear soe der in echte slachter by komme. Mar ... dat gie ek mis. Hy stuts ek mis en dy baarch raasde sa bot dat it wurkfolk dy iere moarns by de Avek it hearde, and guon seinen: ‘Dêr bart ek wat dat net mei!' Gelokkich is der neat fan kaam. Dy slachter sei letter: ‘Dat is de earste kear dat ik mis stiek'. Dy baarch smakke ek tige bêst! Sa kaemen wy dochs troch dy minne jierren.
Wierd van der Meer wie troud mei Grietje Sytzes Storm. Sy kaemen beide fan Harkema, mar wennen op ‘t Fean oan de Achterwei, net sa fier fan ús ôf. Ik ha dêr as jonge wol gauris húswarre en op de fjouwer bern past: Anne, Sietze, Lutske en Jantje. Ik krige dan faak wat koekjes, een pear lekkere kopkes tee, en ... wat echte sigaretten. Dat lêste wie noch it bêste en allermoaiste!
Heit en Wierd wienen famylje fan mekoar. Dat wist ik doe net. Wierd wie in soan fan Anne Sytzes van der Meer (1889-1973) en fan Lutske Wierds Kooistra (1888-1960). Lutske wie in dochter fan Wierd Rinzes Kooistra (1855-1915) en fan Anna Roels Veenstra (1865-1937), en dizze Wierd wie in soan fan Rinze Klazes Kooistra (1819-1863) en fan Loltsje Hendriks van der Heide (1825-1886). Myn heit, Hendrik (1906-1995) stamde ôf fan in broer fan dizze Wierd, nammentlik fan Hendrik Rinzes Kooistra (1847-1917) dy't troud wie mei Romkje Kornelis Buursma (1841-1929). Heit wie naemd nei syn pake Hendrik Rinzes Kooistra.
Noch efkes dit: Grietje Storm (1919-)is in ek in fan suster Nynke(1928) dy't yn Canada wennet en troud is mei Bokke Hovius. Griet har jongste suster Sjoukje (1933) wennet yn'e Ham en is troud mei Anne Foppes van der Meer, oannimmer. In pear ier lyn siet ik tusken twa kreaze froulju yn de Kristlike Grifformearde Tsjerke yn ‘e Ham. Lofts siet myn frou Ali en oan myn rjochtse kant siet dy oare frou dy't ik net koe. Krekt foar dat de tsjinst begûn, sei dy frou: ‘Bist do Jelle?' ‘ Ja', sei'k. ‘Dat tocht ik al', sei se, ‘ik wist dat jim yn Fryslân wienen. Ik seach wat ferheard op, want ik wist sa gau net wa't sy wie. Dat fernaam sy wol en holp my troch te sizzen: ‘Ik bin Sjoukje Storm'. Doe seach ik it wol fansels. Letter ha wy noch efkes praat. Mear as 45 jierren wienen foarby gien. Sjoukje is fier efter út famylje fan Sieb Weening, myn
freon yn Canada, soan fan Freerk en Ant. Wat is de wrâld lyts!
Jelle yn Kanada