"Doe't
ik ôfskie naam fan myn mem yn 1946 om nei Kanada te gean, sei mem: 'No sjogge
wy mekoar noait wer, leave. No giest sa fier fuort!" De dochter sei: "Dat
sil wol wat meifalle, mem. Ik kom fêst wol wer ris thús by mem, hjèr."
Mem
krige wol gelyk. Sy hat har famke nea wer sjoen. Allinnich mar foto's. De
jierren gienen fluch foarby en doe't de dochter einlings foar it earst wer yn
Harkema kaam, lei mem al op 't hôf. En heit ek. Wat is dat faak bard mei dy
earste emigranten. Wat is der faak sein wurden: 'Wy namen ôfskie foar it libben!'
It earste begjin wie foar in protte emigranten hiel muoilik yn Kanada. Der kaam
earst neat fan werom gean. Der wienen doe noch gjin sinten foar sokke reizen.
Ik
krige in mailtsje fan Johan de Zwart út Grinslân en dy frege my oft ik yn
Kanada ek in muoike fan him fine koe dy't krekt nei de oarloch nei Kanada gien
wie om by har Kanadeeske soldaat te wêzen. Johan wist de achternamme fan de
soldaat al, mar fjirder neat. Mar Tjitske Hoekstra-Alma út Harkema hat it klear
krigen. Sy hat eefkes foar my op stap west en wakker oant speuren west yn
Harkema en....sy fûn wat mear oer in plaknamme, ensf. Doe't ik op it internet
it telefoanboek fan Kanada neiplúze, fûn ik hiel wat nammen dy't der op liken.
Ik probearre ien en....ja, wier, it wie yn ien kear klear! Fuortynienen raak! Ik
hie in âldere dame derfoar en sy kaam út Fryslân, út Harkema, en....jimme
kinne it wol riede fansels: wy gau yn 't Frysk prate. Klear wie't! Sy fertelde
my oer de oarloch, hoe't sy dy knappe Kanadeeske soldaat trof yn Hearrenfean en
hoe't se dêr foar de wet troud binne yn it lêst fan 1945 en doe mei folle mear
soldaten yn 'e optocht nei Harkema. Dêr wie de tsjerketsjinst yn de Herfoarme
Tsjerke. Har man is doe al gauëftich nei Kanada gien. Sy mocht fuort net mei.
It jier derop krigen se in famke, en doe is sy yn 1946 allinne mei it famke de
grutte dobbe oer gien en kaam yn Halifax oan mei de "Lady Nelson". Sy
hat knap siik west op de oseaan. Der wienen noch folle mear fan dy breidsjes oan
board. In protte hienen al in poppe en it skip wurde 'Diaper Ship' of de 'ruften-boat'
neamd. Doe mei de trein nei Saskatchewan en dêr kaam se nei dagen fan reizgjen
oan. En...dêr stie Angus Pederson op har te wachtsjen. Hy hie in
buorkerij mei hinnen, bargen, skiep, en ek nôt. Willemke's âldste
dochter Audrey fertelde my:
'Doe't
mem de famylje en freonen fan Angus foar it earst oantrof, joegen sy har in
feestjûntsje. Mem krige in protte kadootsjes, en it aldermoaiste wie in wollen
tekken. Dy wie moai ynpakt en mem moast it pak iepen meitsje. Doe't se de tekken
iepen die en him plat op 'e grûn lei, wie de iene side fan de tekken al
hielendal bespjelde mei dollar biljetten. Der wie ûngefear 200 dollar foar mem.
Wat wie se dêr wiis mei."
Letter
krigen Angus (1915-2003) en syn 'Harkemarder' wyfke noch trije bern derby. Sy
hat eins nea wer Friezen of Hollanders troffen yn dy provinsje. Mar se kin it
Frysk noch knap. Dat giet der nea wer út. Sy fertelde my ek noch dat se nea ûnwennich
west wie, mar dat se har knap oanpasse koe, al koe se earst gjin wurd Ingelsk.
Dan wurde jo wol nuver troch de moster helle.
Ien
fan har twa soannen makket lietsjes, sjongt wol, en hat al trije CD's útjûn.
En
wa is dizze oarlochs-breid? Dat is Willemke Alma, berne yn 1923 yn Harkema. Sy
wie ien fan de 15 bern fan .....Gerke Geerts Alma (1882-1949) en Andrieske
Jelles Bekkema (1883-1969). Andrieske wie in dochter fan Jelle Andries Bekkema
(1850-1927) en Aafke Willems Koorda (1847-1935). Gerke Alma wie in soan fan
Geert Alma (1844-1912) en Aaltsje Eerdes van der Tuin (1845-1911). Geert wie in
soan fan Gertsje Alberts Alma (1821-1844) en dat wie in dochter fan Albert
Taekes Alma (1779-1839) en Trijntje Siedses van der Heide (1783-1857). Willemke
hat noch ien suster, Hindrikje, dy't troud wie mei Tjeerd Visser (1910-1977).
Hindrikje wennet op 't Fean yn it Suyderhuys. Sy hat ek noch ien broer, Eelke
Alma, en dy wennet yn Harkema. In suster fan Gerke Alma, Geertsje (1876-) wie
troud mei Gerben Pieters Hamstra (1869-). Sa komme jo by myn mem har
Hamstra-famylje.
Jelle yn Kanada