In
protte minsken ha faak hiele moaie herinneringen oan harren pakes en beppes. As
bern koenen jo hast neat ferkeard dwaan by pake. Myn broer Rinze boarte ris as
jonkje by ús pake Rinze Kooistra yn Droegeham mei pake syn djoere hammer. Dat
wie sa'n hammer mei klauwen om spikers derút te lûken. Rinze wie dêr wakker
mei
oan
'timmerjen' en sloech doe mei de klauwen op in stien en .....de iene klauwe
bruts derôf. Dat like net sa bêst! Wat soe pake no wol net sizze? Pake sei: 'Dy
hammer wie ek neat wurdich!' Myn heit sei doe: 'As wy froeger as jonges dat dien
hienen, wie de boat oan west!' De measte pakes dogge in protte dingen mei de
bernsbern. Fiskje, fytse, spultsjes dwaan, aaisykje, reedride, en folle mear
dingen. En beppes ek fansels.
Beppes
priizgje, beppes bewûnderje, beppes sjonge, beppes fine alles goed, beppes ha
lekker snobguod, ensf.....!
Ik
krige in hiel moai briefke fan in beppe-sizzer fan Willemke Alma dy't út
Harkema komt mar al sûnt 1946 yn Kanada wennet. [sjoch ROOTS-210]
Har
namme is Dixie Laliberté, sy is troud, en sy is 42 jier âld. Sy skriuwt:
ROOTS-210
hat al mear Alma-neisaten oant skriuwen set en dat is prachtich. Johan Zwart hie
my eins as earste oant sykjen brocht om Willemke te finen, en no komme der al
mear út dy grutte Alma-famylje.
Ik
hearde no ek fan bern en bernsbern yn Kanada dat beppe Vim sit te glunderjen oer
alle oandacht ynienen. Sy fynt it prachtich.
Yn
1996 hat dy famylje yn Kanada feest fierd want doe wiene Angus Pederson en
Willemke Alma 50 jier troud. De foto hjirby lit ús sjen dat it noch in blier en
fleurich spantsje wie, nei 50 jier. Ik tocht dat dizze foto wol moai wêze soe
foar de lêzers fan ROOTS en foaral foar de Alma's.
Der
binne in stik of wat neisaten fan de Alma's mei de famylje oant útsykjen. Dat
is in hiele toer want it is in talryk folkje mei sydtakken nei alle kanten.
Sydtakken? Ja, fan 15 bern krije jo hiel wat lytse takjes. Der wie in Andries
Alma by en dy wie troud mei Harmke Veenstra. Dat bringt ús fia Liefke Hamstra
by Geert Pieters Hamstra. En der wie in Geert Alma troud mei Grietje Elzinga. Dy
hie in suster Trijntje dy't troud wie mei Durk Mozes. Dêr in dochter fan, Lamke,
ha ik al ris neamd yn ROOTS-4. It hâldt mar net op. Ik ha in protte gegevens
oer de Alma's, dus se witte wêr't se wêze moatte om mear te krijen.
Ik
hoopje noch ien stikje te skriuwen oer dizze famylje yn Kanada en dan foaral oer
de âldste soan Lewis, de boer, de cowboy, filosoof, dichter, sjonger...... Dat
wurdt dus ROOTS-212.
En
dan nim ik in hiele oare famylje.
Pake
en Beppe! Wat foar pake of beppe binne wy hjoed? Plantsje wy ek moaie
herinneringen? De lytsbern sille it letter wol fertelle as wy der net mear binne.
Jelle yn Kanada