's Avonds als het kampvuur brandt,
Als maan en sterren aan de prairiehemel staan
Dan hoor je bij het laaiend vuur
Menig cowboy avontuur
s Avonds als het kampvuur brandt.
Dat
ferske spile my troch de holle doe't ik de wurden 'cowboy' en 'prairie' hearde,
en it die my ek tinken oan Jelsum doe't ik dêr krekt nei de oarloch útfanhûs
wie. Jelsum en Koarnjum fierden it keninginne feest yn 't lêst fan augustus en
dy jûns song in groepke sjongers it liet dat hjir boppe stiet.
Ik sjoch it noch dúdlik foar my en it rekke my hiel bot. It wie
prachtich sa moai as dy minsken dat 'cowboy' ferske songen op dy stille simmerjûn.
En
no is it 2007 en no sit ik dêr wer oan te tinken. Wêrom eins? Earne yn de
prairies fan Kanada wennet in sjonger, in soart cowboy, dy't syn roots yn
Harkema hat. Yn Harkema? Ja, want dêr komt syn mem wei, en dêr wennen ek syn
pake en beppe. As jo syn namme sjogge of lêze, soenen jo dat net witte. De
namme Pederson seit de measte minsken yn Harkema neat. Dat is ek gjin wonder. En
dochs lizze dêr syn roots. In Harrekiet dy't sjongt en spilet, dy't wol mei
dien hat oan 'rodeos' op de prairies fan Kanada!
Yn
ROOTS-210 & 211 ha ik syn âlden al neamd, nammentlik Angus Pederson en
Willemke Alma. Dizze soan fan Willemke en Angus hiet Lewis. Hy is no 58 jier âld
en hy wennet mei frou en bern yn High River, yn de provinsje Alberta, yn Kanada.
Fan
lytse jonge ôf oan siet de muzyk al yn him. "Der siet muzyk yn alle
Pederson's en sy spilen alderhande ynstruminten, foaral de fioele",
fertelde Lewis my. Sels siet hy yn it korps fan de 'high' skoalle. Hy wie in
echte natuer-jonge, groeide op op de buorkerij fan syn heit, en hy mocht hiel
graach hynsteride. Hy die mei oan 'rodeos' op de prairies, mar dat hâlde
allegearre op doe't hy in raar auto-ûngelok hân hat. Doe hat hy maanden lang
yn 't sikehûs lein. En....dêre begûn hy lietsjes te skriuwen en dy sette hy
dan op muzyk. Doe't hy wer wat better wie, begûn hy te sjongen en dat gie hiel
knap. Sa goed dat hy op foel en syn namme rûnom neamd wurde.! Hy hat wol foar
grutte sealenfol minsken spile en song, en yn 1978 hat hy syn earste plaat út jûn
mei 10 ferskes dy't hy sels dichte hie.
Hy
is no al jierrenlang wurksum as 'interpreter', fertolker of útlizzer yn in grut
histoarysk doarp of 'ranch', nammentlik de "Bar U Ranch"
yn Alberta en dêr leit hy út oan toeristen en skoallebern hoe't it
froeger op-en-ta gie mei de hynders en de 'cowboys'. Hy mei graach ferhalen
fertelle oan de bern, en hy leart harren om sels 'lieten' te meitsjen.
By't
winter is dat park sluten en dan is Lewis thús, mar hy ferfeelt him net. Hy
skriuwt noch wol lieten, en hy makket prachtige learen sadels foar hynsteriders.
Hy
fertelde my ek dat hy noch nea yn Nederlân west hat, mar dat hy wol graach ris
yn Fryslân sjen woe, foaral om't syn mem dêr wei komt. Ik tocht by my sels,
wat soe dat wat wêze as der yn Harkema in jûn organiseare wurde koe en dat
Lewis Pederson út Kanada dêre dan spylje en sjonge koe foar it folk fan syn
mem. Hy kin gjin Frysk fansels, mar
de measte Friezen fersteane wol Ingelsk, tink ik.
Lewis
(1948-) is dus in soan fan Willemke Alma (1922-) en Angus Pederson (1815-2002).
Syn mem Willemke of 'Vim' sa as sy hjir neamd wurdt, is in dochter fan Gerke
Alma (1882-1949) en Andrieske Bekkema (1883-1969). De Alma's ha ik al neamd yn
ROOTS-210. Wat de Bekkema's oangiet,
dat sit sa: syn oer-pake en beppe wienen Jelle Andries Bekkema (1850-1927) en
Aafke Willems Koorda (1847-1935), dochter fan Willem Jans Koorda (1810-1895) en
Aaltje Eelkes Spaanstra (1818-1857). Jelle Bekkema wie in soan fan Andries
Jacobs Bekkema (1819-1894) en Aaltje Wytzes Holwerda (1820-1883). Andrieske
Jelles Bekkema hie in broer Willem Jelles Bekkema (1878-1976) en dat is de pake
fan de bekende Klaas Jelle Bekkema (1950-) út Drachten.
Jelle yn Kanada