"Wat
muoike doe sei, is my letter faak yn't sin kaam!" Dat fertelde Jan Nicolai
my yn novimber 2006 doe't wy yn Fryslân wienen. Ik ha it no oer Jan Nicolai, in
soan fan Leffert en Gjertsje Nicolai dy't froeger yn Harkema wennen. Jan wie de
twadde fan de 12 bern fan dizze minsken. Jan is berne yn augustus yn 1923. It
wie doe smoarend-hjit dy simmers. Dat wie yn deselde tiid doe't Wiebe van der
Heide ferstoar nei in sinnestek yn't haailân fan Jan Buma. [sjoch ROOTS-179
& 180]
De
tiden yn 1923 wienen net sa geweldich. Der wie in protte earmoed, foaral yn
grutte húshâldings. Gjertsje wie al knap swier fan har twadde. Sy hie it
poppespul al klear lizzen. It wie net noflik mei sa'n waarmte en soms gie se in
skoftke nei de kelder om wat ôf te kuoljen.
In
suster fan har skoanmem Johanna Rinzema, nammentlik Duifke Rinzema (1854-1944),
soe bakerje by har. Duifke bleau dan 9 dagen yn 'e regel en dan krige sy f. 2,50
foar al dat wurk! Der wie noch ien dy't elk momint in poppe krije koe en dat wie
Jitske Schievink, de frou fan Anne Nicolai, in broer fan Leffert. En...Jitske
wie earst! Doe't de poppe kaam, bliek dat der net ien, mar dat der twa kamen.
Mar der wie mar op ien rekkene en der wie gjin útset foar twa. Doe is Gjetsje
har spul dêr earst hinne rekke, mar in pear wiken letter krige se it werom want
doe moast se it sels brûke doe't Jan op de tolfde augustus yn Harkema it
libbensljocht seach. Jan wie in sûne, dikke jonge fan 12 pûn. Dat hat net
maklik west foar syn mem, foaral yn dat hite waar.
Jan
fertelde my ek in moai ferhaal oer syn âlde Duifke-muoi (1854-1944) dy't troud
west wie mei Sytze Roels van der Meer (1846-1908). Sy wie al hiel âld en wenne
allinne yn de Smoarhoeke yn Harkema. Der stie in grutte linebeam flak foar har
doar en it wie oarlochstiid. It wie 1944. Muoike moast nedich wat brânhout ha
en doe frege se oan Sjoerd fan Roel en Tet, en oan Jan Nicolai, oft dy twa dy
beam foar har hûs besnoeie koenen. De beide mannen ha dat doe dien en se ha al
dat snoeihout moai stikken makke foar muoike en it talhout moai opsteapele foar
har. Wylst se dat karwei dienen, kamen der hiel wat minsken by te sjen. Dat wie
wol wat gefaarlik foaral om't Jan ûnderdûker wie en it mocht eins ek net
fansels. Mar der is neat fan kommen. Muoike wie hiel blied en tankber foar it
hout want doe koe se wer in skoft foarút. Jan en Sjoerd ha doe noch eefkes by
muoike yn 'e hûs sitten en krigen tee fan toarne bledden en in stikje bôle fan
muoike. Doe sei muoike, hiel earbiedich: " Wat bin ik bliid dat jim my
holpen ha en dat dat hout no moai stikken is. De Heare sil jimme segenje jim
hiele libben lang!"
Dat
is Jan faak yn 't sin kaam letter. "En.....wat muoike doe sei, is ek sa út
kaam, al gie it libben wolris troch leechten", sei Jan. Jan hat no de âldens
fan 83 jier ek al, dus fan de 'tige sterken'.
Jan
en syn frou Renske Helmus wenje al jierren yn Drachten en geane dêr nei de
Kristlik Grifformearde Tsjerke. Ik ha se dêr wol gauris troffen as wy ris yn
Drachten wienen by myn âlden.
Jan
Nicolai (1923-) is dus in soan fan Leffert Nicolai (1900-1948) en Geertsje Tabak
(1900-1982). Sy wie in dochter fan Jan Sieds Tabak (1865-1930) en Hiltsje Wopkes
Oldenburger (1867-1959). Hiltsje wie in dochter dan Wopke Barelds Oldenburger
(1839-1930) en Antje Haayes Postma (1835-1926). Wopke syn broer Halbe
Oldenburger en dy syn frou Jeltsje Postma ha ik oer skreaun yn ROOTS-97.
Jelle yn Kanada
[OP
ZOEK NAAR ROOTS sil fan no-ôf-oan om de 4 wiken ferskine.]