OP ZOEK NAAR ROOTS - 214 (Diel I)

Yn de oarlochstiid ha der hiel wat bern op 't Fean tahâlden dy't út de grutte stedden fan Hollân kamen. Dat wiene evakuees.  

In skoftke lyn krige ik in mailtsje fan in man út Australië. Hy fertelde my dat hy yn de lêste hongerwinter fan de oarloch op 't Fean west hat by poerbêste minsken. It ammet gewoan út dy e-mail dat hy noch altyd tankber is foar de geweldige soarch dy't hy en syn broerke krigen ha op 't Fean. De skriuwer fan de e-mail is fol lof oer dy twa famyljes mar ek oer de hiele Doopsgezinde Tsjerke fan 't Fean. Want dy hiele gemeente hat dy jonkjes hiel hertlik ûntfongen.

Der wienen dus 2 jonkjes: Henkie, âlve jier âld, en Wimpie dy't njoggen jier wie.

Henkie wie by polysjeman Uilke Bekkema en Wimpie by moal-keapman Hindrik Feikes Wouda tichteby de haven. Doe't ik dy nammen lêsde moast ik tinke oan ROOTS-124 want yn dat stikje beskriuw ik de famylje Bekkema. Wat ha dy minsken ek wat meimakke! Uilke Harmens Bekkema (1880-1974) en Trijntje Eelzes Postma (1883-1964) krigen 18 bern, mar alve fan de 18 bern moasten se wer ôfstean! Gjin wûnder dat se in meilydsum herte hienen foar swakke bern.

Dizze twa jonkjes wienen Henkie en Wimpie Horchner en se kamen út Den Haag.

Henk is no 73 en wennet al mear as 50 jier yn Australië, mar hy tinkt noch faak oan 't Fean dat syn rêdings-oard wie fan ein febrewaris 1945 oant begjin july fan 1945. Hy hat no syn libbensferhaal skreaun, yn it Ingelsk, en hy hat ek koarte briefkes fan him en fan syn broerke út dy Feanster tiid yn it Ingelsk fertaald. No wol hy graach dat dit hiele ferhaal ek yn it Frysk oerset wurdt. Dat wie oars krekt in putsje foar my, mar .....it binne mar net in pear feltsjes papier, syn ferhaal beslacht 76 siden!

Ik ha foaral dy stikken lêzen dy't betrekking ha op 't Fean. No wol ik in pear dingen, yn 't koart, yn twa stikjes foar ROOTS troch jaan en dan begjin ik hjoed mei de tocht fan Den Haag nei Fryslân.

Henk beskriuwt dy freeslik muoilike reis yn 't ein fan febrewaris, yn 'e winter, fan 1945. Dus it koe hast net minder. De honger wie op it slimst! It wie oeral gefaarlik. Tûzenen minsken, in lange rigen, by de wegen lâns en by de boeren lâns...om wat iten op te skarreljen!

It gesin Horchner stie der ek slim foar. De heit wie hiel swak fan meagerens, twa jonkjes wiene der beide hiel min oan ta, mem wie wer yn ferwachting mar noch wol sterk. Sy gienen nei de Doopsgezinde Tsjerke yn Den Haag en harren dûmny hie kontakt opnommen mei de dûmny op 't Fean, en doe kaam der bericht dat dy twa jonkjes wol in plakje krije soenen op 't Fean. Doe is de lange fytstocht begûn!

 Mem hie har eigen fyts, en naam Wimpie achterop. In tante fan de jonkjes kaam ek mei, en Henkie, dy't âlve wie, ried op de grutte fyts fan heit! Hoe? It sadel sa leech mooglik, dikke klossen hout oan de trapers, gjin bannen, mar stikken tún-slange om de felgen, en de fyts fiersten te grut! Dit ynmeagere jonkje koe de trapers mar amper rikke, en elke kear as de trapers yn 'e rûnte gienen, draaide syn behyndige "achterwurk" nei lofts of nei rjochts ....en hy hie op 't lêst alles spekiepen. Mem moast it jûns fersoargje en ynsmarre mei wat salve. Wat in reis! It wie om-ende-by 250 km! It naam 3 dagen en doe't se yn Drachten wienen, koenen se net mear. Gelokkich stoppe der doe in molkwein en dy goede man hat de âlde fytsen achterop smiten en it folkje mocht der ek by sitte. Henkie wie doe hiel swak en wie sa no en dan bûten bewustwêzen, achter op 'e wein. Dy man wie wierskynlik in sekere Kingma út Houtigehage. Fia him binne se op 't Fean oankommen op de dei fan de twadde maart.

 Dêr stienen de Wouda's en de Bekkema's klear om 'ingelen-wurk' te dwaan. Wat sil dy mem bliid west ha! En dy bern! Se wienen te plak. In dei of wat letter binne de mem en de tante wer nei Den Haag gien.....mei tassen fol iten fan dy goeie, golle minsken fan de Doopsgezinde Tsjerke. De Heare hat Syn ingelen oeral sitten! Ik moast tinke oan Hebr. 1:14.

De mem is feilich thúskaam en it is ek goed gien mei de nije poppe dy't yn juny fan 1945 op 'e frije wrâld kaam.                            

Hjir ûnder sjogge jimme Uilke Bekkema en syn frou, en Henkie en Wimpie Horchner yn 1945.

Jelle yn Kanada

[OP ZOEK NAAR ROOTS sil fan no-ôf-oan om de 4 wiken ferskine.]


           

Uilke Bekkema en syn frou Trijntje Postma op 2 maaie 1946 Wimpie and Henkie July 1945