OP ZOEK NAAR ROOTS - 215 (Diel-2)

Ja, dy twa jonkjes! Henkie en Wimpie! Se fielden harren al gau thús op 't Fean. Se krigen wer goed iten en nei in pear minne dagen fan spuien om't de maachjes wenne moasten, begûnen se op te fleurjen. Yn it ferhaal fan Henk steane ek ferskate briefkes dy't de jonkjes nei Den Haag stjoerden wylst se op 't Fean wienen. Kostlik! Der sitte al gau wat Fryske wurdsjes yn en it iten is ek oars as thús. Se krije grouwe earten en ek oare Fryske kost. Mar it smakket goed!

En wat binne se wiis mei harren eigen mem yn Den Haag. Se freegje geregeld hoe't it mei mamma is, foaral no't mamma wer in poppe kriget.

Se komme ek op skoalle op 't Fean. Ik tink fan op de Iepenbiere skoalle, mar it giet net sa geweldich. Sy hiene it lêste skoft ek al net nei skoalle west yn Den Haag. Se wurden dan ek in klasse tebek set om't it skoaljier op 't Fean op ien april begûn en yn den Haag op ien septimber. Se geane ek trou nei tsjerke mei de Wouda's en de Bekkema's en se fertelle ek hoe't elkenien op 't Fean nei tsjerke giet. Elke sneintemoarn sjogge se hiele gesinnen nei de tsjerken stappen. Se sjogge ek dat elk hiem moai skjin is, dat de reed oanfage is of mei de túnklauwe moai makke is, der is wyt sân op de strjitsjes struid, ensf. En...alles ammet frede, sels yn de oarloch!

By de Wouda's ha se in hynder of in 'kedde' en it is al gau 'wy leare hynsteriden'! It giet prachtich. Se neamden de Wouda's en Bekkema's gewoan heit en mem, want dy wurden wurde faak neamd yn de briefkes nei Den Haag. De boikes ha it geweldich nei't sin. Se geane ek geregeld mei Hindrik Wouda mei as dy fuort giet mei syn hynder en wein. Dat wie in feest. Se mochten dan ek menne, fan heit Wouda! Se binne mar 4 moannen op 't Fean west, mar wat ha se wat belibbe dêre.

Feike Wouda út Drachten, in omke-sizzer fan Hindrik Wouda, fertelde me in moai ferhaaltsje oer dat hynder. He sei:

"Hindrik-om hie in hynder dy't 'Piet' hjitte. Wy hiene ris besite en sieten oan de kofje en doe rôp ien fan de besikers: "Sjoch, dêr rint in hynder op 'e wei". Dat wie ek sa, mar Piet wist it paad nei syn kampke lân wol te finen. Hy bleau dan foar de hikke stean te wachtsjen op syn baas. Faaks in hiele tiid letter kaam Hindrik-om der oan toffeljen mei in amer mei foer, en as er dan omke seach begûn hy te wrinzgjen. Hindrik-om kaam ris mei in wein fol beamstammen fan Koartwâld en doe't hja it hiem op kamen en foar it keukenraam lâns stapten, foel Piet dea del. Omke fertelde oan eltsenien dat "ús Piet hie sa'n plichtsbesef tsjinoer my dat hy wie foarby Fokke Voorhorst yn Koartwâld al dea, mar hy stroffele it hiele ein nei hûs noch troch en doe joech er him del by ús foar it rút". Nei de dea fan Piet sei eltsenien op de buert: "Ha jim it al heard dat Piet Wouda dea is?" Der hat in advertinsje yn de Feanster stien dat Piet Wouda ferstoarn wie!"

Dy Wouda's kin it moai fertelle! Feike is ek in echte Wouda!

En doe kaam de befrijing! Krekt op Henkie syn jierdei: 12 april! Yn ien fan de briefkes beskriuwe se hoe't de Dútsers nei hûs sloften! En hoe't de flaggen bûten kamen doe't bekend makke wurde dat Dútslân him oer joech. It skynt dat guon minsken alle hier der ôf skeard krigen om't se wolris te freonlik mei de fijân om gienen.

Dy lytse mantsjes ha alles goed opnaam.

Ien fan de grutste eveneminten dy't se meimakke ha is wol de fuotbalwedstriid tusken it Feanster alftal en de Kanadezen! De jonkjes fertelle der oer en ek hoe't de Kanadezen nei ôfrin sûkelade, muntsjes en sigaretten rûn struiden! Henkie fertelt oan syn âlden dat hy in pear muntsjes te pakken krige en ek in sigaret! "En dy ha ik lekker opsmookt!", skriuwt hy. En noch mar 12 jier âld! Letter skriuwt hy: "No bin ik 73 en ik rook noch!" Jong geleerd, oud gedaan!

By de Wouda's mochten se ek graach yn't hea yn skuorre boartsje. Henkie fertelt dat se dêr ek it hokje fûnen wêr't it rikke spek hong! Dêr ha se ek wolris stikem wat stikjes ôfsnien en lekker op iten yn de golle!

En hynsteride! Wat moaie dingen foar dizze jonkjes! Aaisykje, sleatsjespringe, de fjilden yn...! Swemme yn de smoarge Feansterfeart. En wat wienen de Bekkema's en de Wouda's goed foar harren. Der binne ferskate brieven by fan U. Bekkema en ek fan de Wouda's. Foaral Janke Wouda wurdt faak neamd, en Sjoukje Bekkema ek!

Doe't Sjoukje letter op 2 maaie yn 1946 troude mei Pieter Flootman hat heit Horchner in moai lied makke oer Sjoukje en Pieter, en de Horchner's stjoerden in bosk blommen oan it jonge pearke.

Begjin july, 1945 is it sa fier dat it wer mooglik is om knap te reizgjen nei Hollân. Se geane mei in fee-auto fia de Ôfslútdyk wer op Den Haag oan.

It ferhaal fan Henk Horchner jout jo in dúdlik en echt byld hoe slim as de honger en de need wienen, foaral yn de grutte stedden.It fertelt ús ek dat der in protte goeie minsken wienen om foar dizze hongerige bern te soargjen. Alle eare oan de Bekkema's en de Wouda's, mar ek oan in protte oaren dy't klear stienen om te helpen! Ik nim myn petsje ôf foar dizze minsken dy't de Heare brûkte om oaren fan Syn bern te helpen.

Jelle yn Kanada

[Ik ha in protte gegevens oer de Wouda's en de Bekkema's. Freegje gerêst!]


Efterste rige: Fokje, Hinke, Feike, Teije, Meint, Trien,
Middenyn: Janke, Anna, Siebe,
Foaroan: Wiebren, heit Hendrik Wouda, Jeltsje, mem Dora Wouda-de Haan, Siets.