"Sy
wie in echte doarpsfiguer. Sy koe alle minsken yn 'e Ham en alle minsken yn 'e
Ham koenen har. Wêr't se ek binnenfoel, dêr die se yn 'e regel gau in hantaast.
Doe't myn mem ferstoar yn 1934 en myn suster de húshâlding die, kaam se wol
ris by ús lâns, bleau stean, seach eefkes om 'e hoeke fan 'e doar, en frege
hoe't it gie. Doe't se seach dat myn suster de hannen mear as fol hie mei al it
wurk, sei se: 'Hjir, jou my de ierpels mar gau eefkes, dan skyl ik dy wol foar
dy!' By in oar die se gau eefkes de ôfwosk, en wer by oaren holp se op in oare
manear. Sy hie in echte gemienskips-sin. Sy wie oeral thús. En se wie o sa
gesellich."
Dizze dingen hearde ik fan in fier famyljelid
fan myn mem, nammentlik fan Hart Hamstra út 'e Ham. Dat kaam te praat doe't ik
Hart opbelle oer in frou yn 'e Ham dy't myn mem en ek myn tante Janke Kooistra
wol gauris neamden froeger. Dat wit ik hjoed-de-dei noch wol. Ik hie doedestiids
al gauëftich yn 'e gaten dat se mei eare en respekt oer dizze frou praten. Dy
frou wie Wieger's Hindrikje. En dat wie de frou wêr't Hart sokke moaie dingen
oer neamde. Ik tocht wat is dat moai dat de minsken sa oer oare minsken út it
ferline prate kinne. De bibel seit yn Iepenbiering 14:13 'Har wurken folgje har
nei'. Sa is't ek. Oer Hindrikje is dat ek al hielendal sa. Mei it sa ek wêze
foar ús allegearre.
Hart Hamstra fertelde my ek dat Wieger en
Hindrikje wenne ha yn in hûs efter de Herf. Tsjerke tichteby in hûs wêr't myn
pake Jelle en beppe Hinke Hamstra hiel froeger ek wenne ha. Dêr is myn beppe
Hinke Nicolai ek ferstoarn oan de Spaanske Gryp yn 1918. Dat hûs stie tichteby
de buorkerij fan Gooitzen Nicolai. Gooitzen wie troud mei Jinke de Boer. Letter
hat Hindrikje ek wenne yn't hûs flak by de âlde toer fan de Ham wêr't noch
wer letter myn tante Janke Kooistra jierrenlang yn wenne hat. Dat hûs is no
alhielendal fernijd wurden.
Wieger hie froeger in lyts boerespultsje en hy
holp de boeren ek wol yn de drokke tiid yn 'e simmer.
Der moast hiel wat komme om sa'n grutte húshâlding
troch de tiid te krijen. Der wienen wol in stik of tsien bern. Ien fan de famkes,
Antsje (1901-1977) wie troud mei Klaas Hoekstra (1898-1948). Dêr in dochter fan
wie troud mei Sybe Hamstra (1926-), dy't strjitmakker wie. Sa komme we dus in
bytsje yn de Hamstra-famylje.
Sybe wenne ek achter de toer en hy wie troud
mei Johanna Hoekstra (1931-) in
bernsbern fan Hindrikje dus. Sybe wie in soan fan Wiebe Hamstra (1891-1969) en
Hebeltje Visser (1897-1971).
Dizze Wiebe wie in soan fan Hendrik Jelles
Hamstra (1845-1892) en Sjutsje Wiebes Weening (1859-1937).
Wa is Hindrikje (1871-1940)eins?
Sy wie in dochter fan Wopke Jans Hoekstra
(1840-1920) en Trijntje Theunis Rinzema (1842-1910).
Wa is Wieger (1874-1916)?
Hy wie in soan fan Klaas Nannes van der Veen
(1841-1921) en Eltsje Wiegers van Dijk (1842-). In suster fan Eltsje, Houkje
(1840-1927) bringt ús by dû. J. Hielema en dy syn frou Aukje Nicolai bringt ús
by har beppe Gooitzen’s Jinke. In dochter fan Wieger en Hindrikje is
Sibbeltsje (1911-1995) dy’t troud wie mei Sipke Krol (1909-1987). Harren soan
Ludzer (1932-2002) ha ik goed kind en ik ha okkerdeis noch mei syn frou Ieke van
Houten praat. Sibbeltsje like in protte op har mem yn dwaan en litten. Sa sjogge
we dat ien namme, Hindrikje, ús alle kanten út sjen litte kin. Oeral komme jo
dan wol nammen of minsken tsjin dy’t jo wol ris troffen ha.
Jelle yn Kanada