OP ZOEK NAAR ROOTS - 217

Wa hie dat no oait tinke kind dat ik in lekker kopke kofje krije soe by Freerkje Schievink. En ek noch wol yn Brits Columbia yn Kanada. En....Corrie Houtstra wie der ek by en dy krige ek in bakje. Nei wat hinne-en-wer praat, die al ridlik gau bliken dat wy alle trije yn de selde klasse sitten ha op de Kristlike Skoalle yn Surhústerfean. En no goed 60 jier letter sieten we as âlde minsken moai by Freerkje yn har machtich moaie hûs yn Kanada. Dat kaam sa: myn frou en ik woenen altyd graach in lange treinreis meitsje en ek de Rocky Mountains sjen. Mar ...wy hienen dêr eins gjin famylje, mar troch e-mails en stambeam-wurk kamen wy de lêste pear jier yn kontakt mei kennissen fan froeger. En sa rekken wy op reis: 30 dagen mei de trein! Al hielendal nei de oare kant fan Kanada en Amearika. In pracht reis! Wat ha we hege bergen sjoen. 'Ik hef mijn ogen op naar de bergen ', dat ha wy no echt dien. Ek oare psalmen en lieten oer “ bergen ” kamen mei yn’t sin.

Wy ha earst in wike by Jaap Klaren en syn frou Corrie Houtstra út fan hûs west. Wat hat Corrie ús ferwend! Dat koe net better. Op in moarntiid namen Jaap en Corrie ús mei nei de Kamstra's. Freerkje is nammentlik troud mei Jan Kamstra út Bûtenpost. No wy ha dêr mei alle nocht en wille sitten te kofje drinken. En mar fertelle oer froeger fansels. Wy binne eefkes it hiele Fean by lâns west en fûnen ek út dat der hiel wat klasgenoaten fan ús ek de wide wrâld úttein binne.

Wat wenje Jan en Freerkje yn in moai hûs! En wat hat Jan in prachtige tún! Alles stiet fol blommen en der leit net in strieke oerdwers en ik koe gjin kjit fine! Hy is dêr elke dei drok mei, soe ik sa wol sizze. It liket wol in lyts paradyske!

Freerkje is op ien nei de âldste fan in húshâlding fan 12 bern ! Sy wennet no yn in hiel grut hûs, gâns in ferskil mei it lytse arbeidershûske dat se froeger op 't Fean hienen. Doe hienen se mar in lytse keuken en mar ien wenkeamer foar al dy minsken! 'Myn mem wie krekt in klok wêr't de pykjes om hinne sieten', sei Freerkje. Har heit hie foeger en opperman west mar koe dat letter net mear dwaan om't dat soarte wurk te swier foar him wurde. Letter wurke hy foar de gemeente en hâlde tûntsjes en perkjes netjes.

Freerkje (1932-) is in dochter fan Hindrik Schievink (1907-1978) en Freerkje Kielstra (1912-1993). Ja, mem en dochter hienen de selde namme. Dat kaam om't de iene beppe ek in Freerkje wie.

Freerkje Kielstra wie in dochter fan Jeen Kielstra (1872-1956) en Tryntsje Weening (1875-1946). Sa komme jo ek by de fam. Freerk Weening dy't froeger oan de Achterwei wenne en ek nei Kanada gien is.

Hindrik Schievink wie in soan fan Auke Harms Schievink (1872-1949) en Freerkje Pieters Nicolai (1874-1915).

Dizze Schievink's binne fiere famylje fan myn mem dy't in âld-beppe hie dy't Wytske Hindriks Schievink hiet.

Jan Kamstra (1926-) is in soan fan Roelof Kamstra (1887-1956) en Janke Pijl 1891-1976). Jan hat elektrisjên west en hat ek foar it gas wurke.

Noch eefkes dit: in folle nicht fan Freerkje is Tietie Kielstra (1934-) út Grinzer Pein. Tietie is nei Amearika gien mei har man Rients Dijkstra.[sjoch ROOTS-193] Sy wenje no yn de staat Washington. Tietie en myn frou Ali ha twa jier tegearre op keamers wenne en sieten beide yn de ferpleechsters-oplieding yn Drachten. Wy ha no ek in wike by Tietie en har man west.

It 'internet' hat ús allegearre by elkoar brocht.

Jelle yn Kanada


Hendrik Schievink & Freerkje Kielstra mei har 12 bern: Tryntsje, Freerkje,
Jeen, Auke, Hendrik, Klaas, Griet, Ali, Siepie, Geke, Wiesje, Harm.