ROOTS - Hâldt Op.

De lêste tiid ha ik wol gauris nei tocht oer ROOTS en hoe lang dat no al elke wike yn de FEANSTER krante ferskynd hat. Ik tink dat it hast njoggen jier rûn hat.

No bin ik mear en mear ta it beslút kaam om der mar mei op te hâlden want it wol net sa goed mear as yn it ferline. Der moat mar in ein oan komme. De ferhalen binne op! Ik bin hast út praat. En myn ûnthâld en sûnens binne ek net mear sa as dat altyd wie. Wy wurde âlder!

It lêste stikje gie oer Freerkje dy't al jierren yn British Columbia wennet en dat is dan foarlopich de hikkeslúter. Miskien skriuw ik noch wol wer ris in ferhaaltsje en dan kin dat ek wol wer yn de FEANSTER krante komme, tink ik. Mar it geregeld ferskinen sil dus op hâlde.

Ik moat sizze dat it skriuwen fan dy stikjes my in protte plezier jûn hat en ik bin bliid dat ik it dwaan koe en dwaan mocht. Sa troch de jierren ha ik hiel wat minsken en famyljes beskreaun en dat ha ik mei nocht en wille dien. En ik hoopje dat de lêzers it ek moai fûn ha.

Wat ha ik in protte minsken kinnen leard en wat ha ik in bulte brieven en e-mails krigen. Dat fûn ik altyd hiel moai.

De lêzers ha my ek in protte wurdearring jûn en dat holp my om troch te gean.

In pear fan de hichtepunten yn dizze njoggen jier ha west de beide ROOTS-dagen op it Fean yn 2002 en 2006. Wat ha ik dat prachtich  moai fûn en geweldich op priis steld. Guon fan de besikers op dy dagen kamen fan 'heinde en ver'. In teken dat se it moai fûnen en ek dat se my sizze woenen hoe as se de stikjes op priis stelden.

Dus, beste minsken, wy sette der in punt achter. It hat hiel moai west en it hat myn libben ferrike.

As immen noch fragen hat oer syn famylje dan wol ik dy hiel graach beäntwurdzje. Myn adres stiet hjir ûnder. Alle 217 ROOTS-stikjes steane op myn website.

Noch eefkes dit: Atze en alle personiel fan de FEANSTER, hiel hertlik dank dat jimme myn ferhaaltsjes altyd sa netsjes fersoarge ha en dat jimme dat fergees dien ha.

Ik winskje alle lêzers it alderbêste ta en boppe alles Gods segen.

Jelle yn Kanada  

Tel. 613 535 2152

e-mail: jelle@kooistra.ca

website: www.kooistra.ca

Adres: Jelle Kooistra, 12537 County Road 18, Williamsburg ON Canada K0C 2H0


Jelle & Ali - May 2007