‘t Wie 1945. De Dútsers wienen nei de ‘heimat' werom gien, net marsjeare, mar sloffe, en de Canadezen kamen as oerwinners it Fean binnen riden yn jeeps en tanken. It wie feest! Grut feast!
Een skoftke letter wie Wierd van der Meer, dy't ik al ris earder neamd ha, taxi-chaffeur foar Dalstra, leau'k, en hy riedt een protte roun mei de Canadese soldaten en ofsieren. Sa no en dan kaam hy wol ris eefkes thús mei syn moaie taxi, en dy stie wol ris by syn hûs of by de daam, oan de Achterwei. Dat wie flak by ús. Wy loerden dan wol troch de rútsjes fan de auto en seachen dêr al dy langere of koartere peukjes fan de soldaten en ofsieren yn ‘e jiskebakjes fan de taxi. Smoarfol soms. Dy ha wy wol ris leech helle en dan de peukjes gau yn ‘e bûsen, en dan it lân yn. Earne yn een sleatswâl sieten wy dan dy peukjes iepen te brekken en bewarren de moaie giele tabak en makken der sigaretten fan. Foar floeikes brûkten wy blêdsjes fan een âld psalmboekje. En mar paffe! Hearlik! ‘t Wie hearlike tabak en it rûkte foller better en
lekkerder as de eigenbou dy't wy sels ferbouwden yn ‘e tún. Dit kaam my fan e wike yn't sin doe't ik hearde dat een frou fan noch mar goed 50 jier stoarn wie oan longkanker, en dat se altyd rookt hie. Ik wie noch mar 11 ½ doe't wy de peukjes snorden út it jiskebakje fanWierd syn taxi. Alle jonges rookten om't leven. It wie hiel gewoan. Ik bin tankber dat ik ferlost bin fan ‘t roken doe't ik 36 jier wie. ‘k Ha fier oer de 100,000 sigaretten op rookt. En goed op ‘e longen! Wat een sinten, wat een nicotine, wat een gefaar foar ús sûnens, en wat een fiize gewoante eins. De adem stonk ek mar fiis en skerp foar jin sels mar foaral foar een oar.
Ik neamde niis krekt de namme Dalstra. Der wennen altyd een protte Dalstra's op ‘e Trije Roede, yn Boelensleane, en ek op ‘t Fean. ‘k Ha ek een hiele protte fan dat folk yn ‘e kompjûter. Yn'e oarloch
wie der soms ‘noodslachting' by slachter Dalstra op ‘e Trije Roede. Ik herinnerje my hiel dúdlik dat der dan wol ris een man op ‘e fyts by ús op ‘e Warreboskleane kaam mei een soart ‘belle' of skille yn ‘e hân. Hy bleau hjir en dêr stean en dan rinkelde hy mei dy belle en as de froulju en bern dan út ‘e hûs kamen, rôp hy lûd en dúdlik: ‘Noodslachting by slachter Dalstra op ‘e Trije Roede. Goed fleis foar ... ‘, en dan neamde hy de priis en tiid en ûre, ensf. Ik bin der ek wol ris hinne stapt om wat lapkes foar mem op te heljen.
Doe't wy een pear jier yn Canada wennen, roun 1958, kamen wy te wenjen yn een lyts doarpke en dêr wenne kapper Riekus Meesters. Dy hat 5 jier lang my it hier knipt. Riekus wie troud mei Ymkje Dalstra, dochter fan Lammert Markus Dalstra (1868-r.1950) en Janke Aukes Bosgraaf (1873-r.1962). Lammert wie een soan fan Markus Lammerts Dalstra (1843-1911) en Stijntje Pieters de Meer (1844-1928). Markus wie een soan fan Lammert Teyes Dalstra (1808-1885) en Fokje Jans Haagsma (1800-1858). Janke Aukes Bosgraaf wie een dochter fan Auke Foppes Bosgraaf (1841-1914) en Antje Andries Bekkema (1842-1887).
Riekus en Ymie binne hiele geselliche minsken. Ymie wie de jongste fan 10 bern en sy wie berne op ‘e Loane yn 1919. Har broer Frans is omkaam yn't konsintraasjekamp yn Auschwitz. Twa fan har bruorren wienen slachter: Auke Dalstra op ‘e Boelensleane en Andries Dalstra op ‘e Trije Roede. No is't moaie fan ‘t gefal dat Ymie, Ali en ik alle trije famylje fan mekoar binne. Dat wisten wy in 1958 net fansels. Mar hjoed wol. Wy komme alle trije by mekoar by Antje Gooitzens Nicolai (1777-1846) dy't froeger op ‘t Fean wenne. Sy wie een dochter fan Gooitzen Pieters Nicolai (1730-1830) en Trijntje Alberts Alma(1745-1834). Dizze Antje hat ek fan alles meimakke. Een folgjende kear fertel ik wol ris hoe't Ymie, Ali en ik famylje binne fan dizze Antje.
Jelle yn Kanada