OP ZOEK NAAR ROOTS - 24


't Wier op in wyte Krysttiid,
En alles ûnder snie;
It ierdryk amme frede,
Oft alles frede wier.

Sa begjint een lang gedicht fan 34 ferskes oer KRYSTJOUN, dichte troch Marcus Antonius. Doe't wy bern wienen song ús heit dat wol as hy moai siet te spinnen yn 'e oarlochstiid. En op de earste Krystdei lies ús mem dat wol foar oan ús gesin doe't wy lyts wienen. Ik fûn it altyd een prachtich ferhaal. Jierrenlang ha ik it hielendal út 'e holle kend en dan song ik it wol as ik allinnich wie. It hie heislik stoarme yn dat âlde boerehûs fen dat gesin, en de soan fleach de doar út, gie nei 't bûtenlân, mar 12 jier letter komt de frede werom yn dy mei reid bedutsen klûs fen de âlde boer Hidde Jans.

Het is omtrint Krysttiid 1999. Benei 2000 jier lyn is Jezus berne yn Bethlehem.

Ik tink noch wol ris oan bepaalde Krystfeesten fan jierren lyn, foaral út myn bernetiid en út de oarlochstiid. Nettsjinsteande de oarloch wie der dochs frede by ús yn 'e hûs.

Wy wienen mar earme minsken, en elke sint telde yn ús húshâlding. Mar it wie een feilich en smûk plakje foar ús as bern. It wie fertroud en gesellich yn de waarme keamer by de brânende kachel, yn it hûs efter de AVEK op 't Fean.

Mei Krysttiid hienen wy gjin krystbeam. Dat mocht net. Der wienen ek gjin sinten foar fansels, mar it mocht ek net. Thús net, yn skoalle net, en yn tsjerke al hielendal net.

Allinnich yn 'e Herfoarmde Tsjerke mocht it wol. 'k Bin ien kear as jonge by myn omke Pieter Hamstra yn Eastermar west mei de Krystdagen, en dêr hienen sy in prachtige, meunster-grutte beam midden yn 'e tsjerke op 't Heachsân. Dat wie noch ris wat! Skitterjend. 'k Sjoch noch dy echte kearsen brânen, en dy amers fol wetter om de beam hinne.

By ús thús hiene wy allinnich mar in pear stikjes hulst, mei dy moaie reade kraaltsjes. Dat hearde neffens my by't Krystfeest. Mem stiek dy takjes den efter skilderijkes, en der leinen ek in pear takjes op 'e skoarstien mantel. It amme frede! It joech sfear. Krekt as Peaske sûnder in sean aai gjin echte Peaske wie, sa wie Krysttiid sûnder hulst gjin echte Krysttiid.

En wat gienen we faak nei 'tsjerke rûn Krysttiid: de snein foar Krysttiid 2 kear, mei Krysttiid 3 kear en dan noch it Krystfeest foar ús as bern, dan de folgjende snein wer 2 kear, dan 2 âld en nijjier-tsjinsten, en dan noch wer een snein fan 2 kear. Letter, doe't wy grutter wienen, gienen we ek noch wol nei wat útfieringen ta. 't Koe net op. Mar wy fûnen it hiel gewoan. It hearde der by. De dominees neamden dy tiid wol ris de '10-daagse veldtocht'. As it foarby wie, wienen sy ek skjin oan ein!

Wat joech it ús hert freugde as wy mei mekoar it 'Ere Zij God' songen yn de Grifformearde Tsjerke op 't Fean mei hûnderten minsken dy't alle plakken beset hienen. Wat in machtich stik muzikale begelieding fen it korps dat op 'e kreake siet. Dat die jin wat!

As bern gienen wy nei it evangelisaasje-gebouke op 'e Trije Roede, op it hoekje fen de reed nei bakker's Froukje. Wat smakke de poeiermolke hearlik út dy grutte molkbussen. Feest! Krystfeest! Fredefeest!

Dochs wie it net altyd frede op 'e Trije Roede by't gebouke. It is wol ris bard det in kloft jonges, en miskien ek wol famkes, de lieders fen de Grifformearde Tsjerke op stienen te wachtsjen mei bulten reemakke snieballen. Doe't de twa mannen der oan fytsen kamen, krigen sy it fen alle kanten te ferduorjen. It reinde hurde, wyte kûgels. It wie sa slim dat de beide mannen hastich werom gienen, en tsjin mekoar seinen: 'Getrouwe God, de heidenen zijn gekomen ...' Dy jûn kaam der fen evangelisearjen net folle.

Allinnich op 'e twadde Krystdei en op Nijjiersdei mochten wy reedride, mar op snein en earste Krystdei net fansels.

Krystfeest wie foar ús wol it Kristusfeest. It azeme fen rêst en fen frede. As bern tochten wy al det dy frede fan Kristus kaam.

Hjoed de dei is Krysttiid wol wat oars wurden. Foaral yn Canada wêr't sinteklaas en Krysttiid hân yn hân geane. 'k Bin wol ris bang dat 'Santa Claus' mear oandacht kriget as Kristus.

't Foel my op dat yn it ferhaal fen de berte fen Kristus ek syn stambeam jûn wurd, lyk as yn Mat. 1 en Lukas 3. 'k Ha de nammen wol gauris lêzen en dan foel it my op dat Kristus net allinnich goede en oppassende foarâlden neamt, nee, Hy slacht net ien oer. Rachab stiet der by, David ek, en noch mear fan dy grutte sûndaars. Hy skammet Him net foar syn foarâlden.

Dat jout ús moed en hope. Wy binne ek net sokke bêste minsken, en yn ús stambeammen sitte ek wol wat brike, krûme takken. Wy skamje ús wol ris foar in beppe dy't trouwe moast, of ien dy't in bern oerwûn hie, of in oerpake dy't sitten hie. Wy meie ek graach wol ris oardielje. Mar dat moat dochs mar net. Wy binne neat better. Jezus hâlde fan harren en betelle foar al Syn bern. Krysttiid is't feest fan de leafde, fen ferjouwing, fan genede. Minsken, mei de leafde fan Kristus ús oantrune om oaren en mekoar leaf te hawwen.

Blessed Christmas and a Happy New Year.

Jelle yn Kanada