OP ZOEK NAAR ROOTS - 25


Wy leauwe dat de Heare ús libben altyd yn Syn hannen hâldt, en ús sparret en bewarret. Dêr bin wy ús net altyd op syn folst fan bewust. Wy leauwe ek dat de Heare libben jout en libben nimt, op Syn tiid.

Dêr sit ik wolris oan te tinken en dan komme der fen alderhande bylden yn'e holle oer mominten yn myn libben det de Heare dúdlik bewarjend oant wurk wie. Sa sjoch ik dat teminsten.

Lippe de Haan sei lêstendeis tsjin my: ,Wytst noch wol datst omtrint ferdronken bist yn'e Baukewyk?'

Ja, det wyt ik noch hiel skoan al is dat mear dan fyftich jier lyn.

't Wie yn'e iere maitiid, yn'e oarloch. Wy wienen rûn 10, 11 jier âld, en in hiele ploech fen dy dogeneaten kamen by mekoar by Jan Drost op Blauhûs. Een skoftke letter gienen we mei mekoar it lân yn: earst efter de keallen oan te jeien, en doe nei de Baukewyk dy't fol skossen siet. It wetter fleach razend fluch troch de wyk nei de Feanster Feart ta. Skoske-rinne! Prachtich! Skitterjend ... oant ik troch it iis rekke, ûnder de skossen, en ... doe waar alles wyt foar myn eagen. De jonges ha my der op de ien of oare manier út krigen, doe gau nei frou Drost, en skjinne, droege klean oan, wat opwaarmje, en letter nei hûs stappe, 't pakje wiete klean yn in pûde. Mem hie de hiele middei al in foargefoel hân en hie mar hinne en wer rûn, ... en heit moast letter op 'e middei sjen wêrom as dy jonge sa lang wei bleau. Heit en ik troffen mekoar tichteby it hûs fen féarts Kooistra. Gau by heit op 'e pakjedrager, en nei hûs. Bewarre!

De Heare sparre, Hy bewarre ...!

Mar ek op oare manieren. Wy swommen as jonges in sletten en fearten dy't lang net skjin en gesûn wienen. De Feanster haven en feart liken wol moai, mar der dreaunen ek wol gauris deade hûnen yn en wy swommen der moai om hinne. De wyk efter it molkfabryk stonk fen de soere waai en ôffal fen 't fabryk, mar wy swommen der yn as rotten. t Mocht wol net fan mem, mar wy dienen it wol. Soms kaam it út. Ien kear hie'k it himt omstrûpt oan. Det ûntkaam mem net fansels. Dat wie dúdlik genôch. En dochs wienen wy hast noait siik! Wy wienen behurde, tink ik.
Der ferstoarnen froeger een protte lytse bern. Hûnderten nammen bin'k tsjin kaam yn 'e Boargerlike Stân fen Achtkarspelen. Wat in fertriet foar de âlden. Siebe Jakobs Visser (1865-) en Marijke Tiesses Weening (1866-1908) ha 4 kear in lytse Ties hân. Jan Ates Tjoelker (1866-1929) en Teatske Nannes Bouius (1868-1954) krigen 4 kear in lytse Gerrit. Wobbe Harmens Jongsma (1870-) en Hebeltje Eerdes Weening (1869-) ha 4 kear in lytse Harmen ynskriuwe litten. Yn it gesin fan Sake Wolters Hamstra (1870-) en Hielkje Sijes Veenstra (1875-) ha de âlden 6 kear in lytse Sije krigen, en 6 kear brochten sy in lytse Sije nei't tsjerkhôf. Net ien libbe lang. Wat sil dêr ek faak gûld wurden wêze. En wat in jonge memkes binne der ferstoarn. Soms gie de heit 3 kear yn in lyts skoftke tiid nei Bûtenpost: earst om it berntsje oan te jaan, doe wer om't it jonkje of famke stoarn wie, en in pear dagen letter wer om't de jonge mem, syn frou, ek ferstoarn wie.

'k Bin bliid det de Heare my sparre en bewarre hat. Wol ha wy sels ek in grutte soan fen 20 jier ôfstean moatten, en ek al 2 lytsbern. Dochs is de Heare goed. Hy wit wat Hy docht.

'k Tink noch wolris oan dat moaie gedicht fen E. Halbertsma 'De Likeblommen' dat myn mem froeger út de krante knipt hat. Dêr wurdt in heit yn beskreaun dy't in jonge dogter ôfstean moast. Sy soenen nei De Like mar sy wie yn in iepen wek yn'e mar riden en ferdronken. De heit hie har en har feint noch goed warskôge, mar sy gienen dochs fuort. Ien fan de 25 ferskes seit:

" 't Is Gods wille!" rôp ús heit doe,
" En dêr is neat oan te dwaan;
Dy't myn libben en myn lust wie,
Moat ik oan 'e Heare jaan."

Bern ôfstean te moatten is hiel hurd! It is ek ûnnatuerlik. Âlden hearre eins earst te gean. Dochs wit de Heare ek dit it bêste.

Jelle yn Kanada