OP ZOEK NAAR ROOTS - 26


Jierrenlyn krige ik fan myn heit en mem it moaie boek ‘De Ham - in doarp op ‘e sânen', skreaun troch J. Dottinga. Myn hiele foarfamylje kaam út ‘e Ham en ik bin dus ek noch altyd bliid mei dit boek dat útjûn wurde doe't De Ham 1000 jier bestien hie. Yn dit boek wurdt aardich wat skreaun oer Sterke Jerke of Hearke Tjerks Witteveen. Hy wurdt sels neamd ‘De Simson fan ‘e Ham'. Hy wie ôfgryslik sterk en de ferhalen oer Sterke Jerke binne prachtich om te lêzen. Hy tilde samar grutte izeren ankers fan 300, 400, en ien fan 600 kilo op en ek wol graue swiere balstienen. Hy luts swiere weiden fol hea oan it tiksel en sjouwde in folle dongkroade mei sân deryn oer it ploege lân. Der binne bergen anekdotes oer dizze sterke man. Ek oer syn dochter Rixt dy't een feint, dy't har sitte liet mei in bern, en dy't sy letter op in feestje trof, de earmen sa stiif en fûl om syn lichem sloech, sabeare fan leafde, ... dat sy syn ribbekas bruts en hy 2 dagen letter ferstoar.

Al jierren lang ken ik in haad fan in Kristlike skoalle yn Ontario dy't ik wol gauris troffen ha op gearkomsten. Hy is haad fan de Kristlike legere skoalle yn Trenton, en trije fan ús lytsbern geane by him op skoalle. Lytse Bethany sit by Mister Witteveen yn ‘e klasse. Ja, sa hiet de man. Syn namme is Ike Witteveen, krekt as froeger Gen. Ike Eisenhower. Ik trof Ike lêstendeis en frege him wêr't hy einliks wei kaam. Syn antwurd wie rap en rimpen: ‘Ut ‘e Harkema.' Ik sei wat ferheard tsjin Ike: ‘Ut ‘e Harkema? Ik kom fan ‘t Fean, en bin berne yn ‘e Ham.' It praatsje gie fierder yn't Frysk en hy fertelde my: 'Hiel froeger kamen myn foarâlden ek út ‘e Ham. Ik bin noch in ôfstammeling fan Sterke Jerke fan ‘e Ham.' ‘k Haw Ike doe eefkes op en del besjoen. Hy liket my ek net om ‘e nocht. It is gâns in keardel! Myn gedachten gienen gau eefkes nei it boek wêryn Sterke Jerke beskreaun stiet. Ike wist wol aardich wat oer dy meunster-sterke foarheit!

Letter ha ik wat gegevens krige fan Ike en alles sit al moai yn ‘e kompjûter. Ike syn Fryske namme is einliks Eize Witteveen en hy is yn 1942 berne yn'e Harkema as soan fan Feitze Witteveen (1900-1994) en Stijntje Harmsma (1907-1999).

Feitze wie in soan fan Jan Witteveen (1868-1948) en Sytske Veenstra (1868-1935). Dizze Jan wie in soan fan Riekele Witteveen (1836- ) en Sieuwke Poelma (1835 - ), en Riekele Witteveen wie in soan fan Heerke Tjerks Witteveen (1801-1890) en Geertje Oldenburger (1808-1899). En dizze Heerke wurde neamd Sterke Jerke!

Doe't ik Eize yn ‘e kompjûter treaun hie en alles wat to plak siet yn dat ding, tocht ik: no wol ik ris sjen of't Eize en ik earne by mekoar komme. De kompjûter begûn te kreunen en wrammels noch oan ta sei er: ‘Ja, Eize en Jelle komme by mekoar troch dy Geertje Oldenburger. Dus net fia Sterke Jerke. Dat tocht ik al doe't ik Ike ris gûd beseach. Hy is een bytsje mear mâns as ik, tink ik. Dy Geertje Oldenburger stamt ôf fan in sekere Hendrik Aizes. Dat sit sa: Geertje wie in dochter fan Jan Oldenburger (1782-1868) en Matzen Rinsma (1788-1868), en Martzen wie in dochter fan Oebele Rinsma en Hinke van der Heide (1759-1828). Hinke wie in dochter fan Hendrik Aizes [van der Heide] (1729-1821) en Martje Keimpes .

No hie dizze Hinke in broer Aize (1757-1821) dy't troud wie mei Jeltje Jans (17757-1827), en dizze Aize en Jeltje hienen in soan Hendrik van der Heide (1788-1828) en dy wie troud mei Antje Berends Tilstra (1788-1864) dy't yn Surhùzum wennen.

Harren dochter Loltje van in soan Hendrik Rinzes Kooistra (1847-1917) dy't troud wie mei Romkje Buursma (1841-1929). Dizze minsken wennen op ‘e Boelensleane. Harren soan Rinze Kooistra (1875-1946) wie troud mei Hiltje Franken (1878-1948) en dat wienen myn pake en beppe, de âlders fan myn heit Hendrik Kooistra (1906-1994).

En sa komme in âld-Harekiet en in âld-Feanster by mekoar, en beide dienen se it selde wurk yn in oar lân, yn Canada. Eize wurket noch, ik ha it poatlead del lein. Hy komt ek út in sterker laach as ik. Lit him noch mar eefkes troch avesearje. Hy is ek tsien jier jonger!

Jelle yn Kanada