OP ZOEK NAAR ROOTS - 28


'k Ha de lêste moannen ek wer fan alles meimakke. Op ien-en-tritich july krige ik in hertynfarkt en nei hiel wat rêsten en lang wachtsjen op myn beurt, bin ik yn desimber oan ien ier holpen, en begjin jannewaris is in oaren 'dottere'. Alles is no aardich goed en ik mei wer wat oant wurk, al wie ik dy hiele tiid wol wat oant skarreljen bleaun.

Yn dy tiid kaam mei it gedicht bytiden yn it sin dat wy as jonges fan sa'n 13, 14 jier âld op de mulo út 'e holle learden, nammentlik 'De Herdersfluit' fan Jacqueline van der Waals. Wy begrepen der doedestiids noch net sa'n folle fan, mar letter wol. It hat wol faak ris ta my sprutsen, en no ek wer:

"Eens ging ik langs het lage riet,
Dat ruisen kan en anders niet,
Toen langs mijn pad een herder kwam,
En één van deze halmen nam,
En die besnoeide en besneed,
En maakte tot zijn dienst gereed ..."

Letter giet it gedicht oer op de minsken dêr't de Heare op Syn tiid en Syn wize ek oan snijt, oan snoeit, oan slipet, oan skoddet .... om se klear te meitsjen foar Syn tsjinst.

'k Bin noch altyd bliid dat ik sokke moaie dingen learde op de Kristlike Mulo yn Drachten. Doedestiids seagen we net wat it nut wie fan alle kennis dy't wy opdienen, mar letter kaam dat wol fan pas. Wy learden foar de takomst, foar it libben.

En sa komme de gedachten soms fan kennis en fan dingen, by minsken dy't wy doe oan troffen.

By my op 'e mulo en letter ek op 'e kweek siet noch in Jelle, nammentlik Jelle van der Meer út Houtigehage. Dat wie in hiel kreas feintsje en hy koe ek hiel útsûnderlik kreas skriuwe. Jelle wenne flak by it Herfoarme Tsjerkje yn 'e Houtigehage wêr't Dû. Hofstra doedestiids dominy wie.
Een jier of wat lyn wie ik eefkes by Marten Bijma, dy't skean tsjinoer dat tsjerkje wenne, om't syn soan gegevens hie oer de Schievink's. Doe fûn ik út dat Jelle van der Meer en ik famylje fan mekoar wienen, mar dat ha wy nea witten. Dat koe ek hast net om't wy beide net wisten oer ús foargeslacht. En dochs is't sa. Doe't wy dat wat útpluze hienen by Marten yn 'e hûs, neamde hy sa dat hy troud west hie mei Janke van der Meer, suster fan Jelle van der Meer.

En no blykt dat Jelle en ik sels op twa manearen famylje fan mekoar binne: fia de Schievink's en de Folkertsma's.

Jelle, ek berne rûn 1933, is in soan fan Johannes van der Meer (1897-1967) en Lieske Eelzes Folkertsma (1900-1988). Lieske wie in dochter fan Eelze Minnes Folkertsma (1870) en Trijntje Baukes Schievink (1873 -) Trijntje wie in dochter fan Bauke Hendriks Schievink (1827-1902) en Elizabeth Jans Spoelstra (1844-1902). In suster fan dizze Bauke wie Wytske Hendriks Schievink (1819-1888) dy't troud wie mei myn oer-oer-pake Jelle Pieters Hamstra (1822-1896) fan 'e Ham. Dat is dus de Schievink-side.

Dy Eelze Minnes Folkertsma kaam út 'e Pein en wie in soan fan Minne Gerbens Folkertsma (1834-1915) en Janke Tabes Koopmans (1828-1896). Dizze Minne hie in suster Hinke Gerbens Folkertsma (1832-1906) dy't troud wie mei Pieter Jelles Nicolai (1835-1903). Pieter en Hinke hienen in soan Jelle Pieters Nicolai (1862-1902) dy't troud wie mei Trijntje van der Iest (1861-1944). Jelle en Tryn hienen in dochter Hinke (1888-1918) dy't troud wie mei Jelle Pieters Hamstra fan 'e Ham. Dizze Jelle wie myn pake, de heit fan myn mem. En sa binne Jelle van der Meer en ik dus twa kear famylje fan mekoar. Wy wienen beide ek ûnderwizer, ha beide jierrenlang foar de klasse stien, mar hy skreau moaier as ik.

Noch eefkes dit: Yn it boek 'De Afscheiding van 1834 in Friesland' fan Dr. J. Wesseling wurdt Gerben Eelzes Folkertsma (1803-1878), de heit fan Minne en Hinke, neamd, en noch mear famylje-leden. Hy wie lidmaat wurden fan de 'Afgescheiden Gemeente" yn Boarnburgum en wurde dêr letter ek âlderling fan dy nije tsjerke.

Jelle yn Kanada