OP ZOEK NAAR ROOTS - 29


Sa troch de jierren hinne ha ik wol gauris manlju troffen dy't froeger as soldaat yn Indië west hienen. Myn sweager Anne van der Meulen wie der ek west. Ik ha ek wol heard dat al hienen sy net wûne west, dochs wie der yn een protte fan dy jongfeinten wol eat sneuvele, skeind of brutsen. Yn guon kaam dat al gau nei bûten doe sy werom kamen as jonge soldaten. By oaren kaam dat folle letter iepenbier.

'k Ha dat ek wolris bepraat mei ex-Indië-gongers. Een protte ha 'yn stiltme lidden', tink ik, en faaks wurden sy ek net begrepen. It hat foar ferskate in hiele muoilike tiid west. Foar dy jonges, foar harren fammen dy't efter bleaunen yn it heitelân, en ek foar de âlden en fierdere famylje. Ali praat dêr noch wol ris oer hoe't sy as bern meilibben, en skrokken as der wer in berjocht yn 'e krante stie oer in jonge soldaat dy't yn Indië sneuvele wie. Dan wurde de noed oer eigen broer of soan wer wat grutter.

Ik herinnerje my noch skoan dat der in ferhaaltsje yn 'e krante stie oer in Bouius dy't omkaam wie yn Aug. 1947. Hy hiet Tjitte en wie noch mar 21 jier âld en wie krekt fan tefoaren troud. Syn advertinsje fan ferstjerren sjoch ik noch dúdlik foar my. Myn heit en mem koenen syn âlden wol, en dit foarfal wurde thús natuerlik bepraat. Ek hoe swier dat wêze soe foar dy âlden. Ali en ik ha ek in soan fan 20 ôfstean moatten in 1978. Hy wurde oanriden troch in dronken bestjoerder en wie op slach dea. Dat wie hurd! Soms jout de Heare hurde klappen dy't fûl oankomme. Wy kinne ús wol in bytsje yntinke hoe't sa'n berjocht út Indië de âlden sawat lam slaan koe. Oardel jier letter krige dy famylje Bouius nochris berjocht dat ien fan harren famylje omkaam wie: dizze kear wie it Kornelis Bouius, soan fan Eerde Bouius en Fokje Land, en omkesizzer fan Tjitte. Dat koe om't Tjitte ien fan de jongere bern wie út in keppel fan 18 bern, en Kornelis wie in soan fan ien fan de âldsten fan dy 18 bern. Dizze pake/beppe-sizzer fan de âlden fan Tjitte wie ek noch mar 21 jier. Wat in fertriet en pine yn ien grutte famylje. Somtiden snijt it mes oan mear as ien side.

Ik ha wol gauris famyljeleden troffen fan dizze jonges. Sa moete ik yn Pembroke, Ontario, Andries en Theunis Nicolai, soannen fan Roel Nicolai (1889-1961) en Dieuwke Bouius (1890-1961). Dieuwke wie in suster fan Kornelis Bouius, de heit fan Tjitte en de pake fan Kornelis dy't sneuvele yn Indië.

Ik ha in protte Bouius-nammen yn 'e kompjûter en ha wol korrespondearre mei guon fan dit folk yn Canada en ek wol yn Fryslân. Yn Olds, Alberta, wennet Feikje van Dijk (1941-) dy't troud is mei Hidzer Sietzema (1940-), oarspronklik fan Koart-wâld. Dit pearke hat in molkfabryk dêr, en sy ha trije jonges. De Sietzema-famylje wenne doedestiids by de âlde mûne yn Koartwâld. Feikje har mem wie Josephine Bouius (1914-1996) dy't troud wie mei Minse van Dijk (1913-1993), út Surhúzum.

Feikje har pake wie Frans Nannes Bouius (1871-1925), en dy Frans is fiere famylje fan Tjitte.

Tjitte syn âlden hienen dus 18 bern. Syn heit en mem wienen Kornelis Uilkes Bouius (1878-1967) en Bintje Eerdes Weening (1888-1959). Ik ha ek hiel wat nammen fan de Weening-famylje en dêr hoopje ik ek noch ris wat oer te skriuwen want earne komme de Weening's en de Hamstra's by mekoar. Mar ek de Kooistra's.

Kornelis Bouius wie in soan fan Uilke Gerrit Bouius (1844-1921) en Geeltje Kornelis Nieuwenhuis (1851-1918), en dizze Gerrit wie in soan fan Gerrit Franzes Bouius (1793-1868) en Teatske Nannes Hoeksma (1797-1867). Dizze minsken hienen ek in soan Nanne (1832-1919) dy't troud wie mei Trijntje Oostma (1839-1881) en dat wienen de âlden fan Frans Nannes Bouius, niiskrekt al neamd.

In dei of wat lyn trof ik Sieb Weening noch by ús Sjirk yn Alliston. 'k Neamde eefkes dat ik een stikje klear hie oer Tjitte en Kornelis Bouius. "Dat is fiere famylje fan my. In omke fan Kornelis en tagelyks de âldste broer fan Tjitte, wie myn Uilke-om (1905-) dy't troud wie mei Janke (1903-), in suster fan myn mem, Antje van der Veen.", sei Sieb.

Sa is dit ferhaal ek wer ôfrûne. Wat hat in minske al wat nammen opgarre yn syn knikkert. Mar de kompjûter wit noch folle mear, en ken ús moai wat helpe. Dy ferjit gjin ien!

Jelle yn Kanada