OP ZOEK NAAR ROOTS - 30


De oarlochstiid wie net een rike en moaie tiid om op te groeien as bern. Der wie krapte oan een protte dingen, der wie gefaar, der wie angst, en ... der wie net folle boartersguod. Dêr tink ik wol ris oan as ik de bulten 'toys' sjoch fan ús bernsbern en ek by oaren. Om't wy eins neat hienen om mei te boartsjen, makken wy een protte dingen sels: bosters, draken, knikkerts, floitsjes, karkes fan een bakje of kistke en mei tsjillen fan een âlde bernewein, pylk en bôge, katapult, en gewearkes fan wat latsjes en een elastykje. En noch wol folle mear oare dinkjes. Wy makken ek een soarte gewearke fan een stikje angelstôk mei een groef dy't wy der yn seagden of kerfden, en dêr dienen wy dan een stikje fear yn dat út een âlde wekker kaam. As jo dat stikje fear ombûgden dan stie it op spanning. Dan dienen wy een griene earte der yn en dan de wiisfinger yn 'e spande fear ... en dan wie't gewearke klear. Dêr siet ik oan te tinken doe't ik samar ûnferwachts de namme fan Willem Veenstra tsjin kaam yn 'e kompjûter. Willem siet by my yn 'e seisde klasse by meester Tjoelker krekt nei de oarloch. Willem wie mar lyts, mar hy wie der goed! 't Wie Freedtemiddei, omtrint tiid om nei hûs. Meester lies ús foar út een spannend boek en 't wie mûsstil yn 'e klasse. Wy sieten mei oandacht te lústerjen, mar Willem net sa bot, tink ik. Hy hie sa'n angelstôk-gewearke yn 'e hân, spande de fear, die der een earte yn en boarte der wat mei. Hy rjochte op dizze, en dan op dy, mar skeat net fansels. Allinne mar wat boartsje, en sabeare sjitte. Hy rjochte ek al ris op meester, mar hy die neat. Oant op een bepaald stuit it rjochtsjen mear as boartsjen wurde, en syn finger die wat de holle fêst net woe, tink ik. De fear sprong foarút, de earte fleach der út mei faasje, en ... klapte tsjin it glêde, reade wang fan meester Tjoelker! De stiltme fan niis wie al hiel ferbrutsen. De klasse mei bern oeral, meester fjûrread om 'e holle, en Willem dea benaud fansels. Hy hie de boppemeester sketten! Ik wiet net mear wat der fierder bard is, mar it wie wol wat. Willem sil wol ferteld ha dat it by ûngelok barde. It is letter wol goed kaam mei Willem. Hy wurde een sakeman. En een goeie photograaf! Een pear jier lyn joech hy my een pracht foto wêr't ús âlde hûs by de Avek op stie.
Ja, ik ha Willem yn'e kompjûter. Dat komt einliks sa: Ik koe altyd wol een nustje Land-ten út Harkema, lyk as Sytske Land, dochter fan Klaas Land en Jitske Veenstra. Dy wennet ek yn Canada. En Sjoukje Storm, dochter fan Jantje Land en Sytze Storm. Een pear jier lyn doe't ik noch yn skoalle wie as haad, kaam op een dei een jonge mem om har bern op te jaan foar ús Kristlike Skoalle. Nei wat hinne en wer praten fertelde sy my dat sy einliks fan Fryske komôf wie en dat har heit Gerben Land hiet en troud wie mei Roelofke Algra, en dat hy út Harkema kaam. Doe sei sy: "Ik bin Aaltje Land, mar no Alice Cantin." En sy fertelde my dat sy een lyts famylje stambeamke hie oer dy famylje LAND. Dy ha ik letter besjoen en alles yn'e kompjûter treaun. En doe kamen der ek fan alderhanne ferrassingen, û.o. dat Willem Veenstra een folle neef is fan Sytske en Sjoukje, en ek fan Alice Cantin dy't ik sa no en dan noch wol ris sjoch. It 'wereldsje' is mar lyts.

Willem syn mem wie Janke Land (1892-1962), troud mei Oebele Veenstra, en sy wie een âldere suster fan Gerben (1915-1961) dy't yn Alberta wenne. Mar Janke wie ek een suster fan Sjoukje har mem Jantje (1894-1957) en fan Sytske har heit Klaas Land (1895-1971). Dat wienen allegearre bern fan Albert Land en Feikje Bos. Dy minsken hienen 17 bern. Dan wurde jo ek faak pake en beppe!

'k Seach lêstendeis een kykje mei 7 minsken en dat wie de hiele famylje: pake en beppe, harren soan mei syn frou en har âlden, en ... ien berntsje! Dat wie yn China.

Albert en Feikje krigen een protte bern en een hiele grutte keppel bernsbern. Fan Albert koe sein wurde wat Gen. 28:30 sa moai seit fan Abraham: '...en dy man wreide him tige by tige út ...'

De kompjûter fertelt my ek dat ik fiere famylje bin fan de Land-ten. Albert Land (1866-1940) wie een soan fan Klaas Land (1825-1883) dy't troud wie mei Jantje Ritsma (1827-). Klaas wie een soan fan Grietje Land (1799-1878) dy't letter troud wie mei Harm Postumus, en dizze Grietje wie een dochter fan Steffen Goslings Land (1763-1833) en Janke Gerbens (1767-1834). Dizze Janke hie een suster Aafke Gerbens (1774-1812) dy't troud wie mei Klaas Alberts Gorter (1764-1845). De susters wienen dochters fan Gerben Wopkes (1735-) en Grietje Jans. Klaas Gorter en Aafke Gerbens hiene een dochter Janke Gorter (1812-1893) dy't troud wie mei Kornelis Rinzes Buursma (1814-1881) en dy hienen een dochter Romkje (1841-1929) dy't troud wie mei Hendrik Rinzes Kooistra (1847-1917). Harren soan Rinze (1875-1946) wie troud mei Hiltje Franken (1878-1948), en dat wienen de âlden fan myn heit Hendrik (1906-1994). En sa is dit ferhaaltsje ek wer klear.
Dit noch eefkes: Sjoukje, Sytske, Willem en ik binne allegearre fan '33. Ik bin de jongste fan de fjouwer.

Jelle yn Kanada