De lêste tiid ha ik fan ferskate kanten útfûn dat myn stikjes yn 'e Feanster hiele lange reizen meitsje. Sa no en dan hear ik fan minsken yn Canada dat hja de stikjes tastjoerd krije fan famylje yn Fryslân. Oaren skriuwe my in brief, of stjoere in e-mail, of skilje eefkes. Sa lear ik mear en mear minsken kennen, en ik skarrelje ek wer mear gegevens op. "Een scharrelende Jood vindt nog wel eens iets", sei in âld man ris tsjin my. En dat is wier. In skoftke lyn krige ik midden op 'e dei in tillefoantsje út Harkema. En in dei of wat letter krige ik in brief fan Albert Kamminga út Woodstock, Ontario. No wie't moaie fan't gefal dat Ali en ik krekt lyn by myn stokdôve omke Jelle Hamstra yn Brampton west hienen. Ali siet wakker en noflik te praten mei tante Griet, mar ik moast benei myn hannen en fuotten, en papier en poatlead, brûke
om it praat mei omke wat geande te hâlden. It gie aardich goed, omke praatte mar raak, hie wille, mar ik hie - en dat hjir midden yn 'e kâlde winter - 't swit suver op 'e foarholle fan alle tinken en fan it skodholjen en knikken. Tante frege my of 't ik Gerrit en Ieke yn Athens wol koe. Athens is in goed oere riden hjir wei. Op dat stuit wist ik net rjocht wa't dat wienen. Tante fertelde ek noch dat Ieke fan 'e Tille kaam. In dei of wat letter krige ik dy brief fan Albert Kamminga oer in stikmannich OP ZOEK NAAR ROOTS-stikjes, en hy fertelde ek dat hy wol guon fan de minsken koe dy't ik neamd hie, ú.o. Bouwe Nicolai dy't lyk as hy ek fan de Tille kaam. Hy neamde ek: "Miskien kenne jo Gerrit en Ieke ek wol yn Athens. Dy frou komt ek fan de Tille, krekt as jo tante Griet." Dat wie dus twa kear yn de selde wike dat de selde minsken neamd wurden. Ien fan
beiden hie ek sein dat Ieke in dochter wie fan Foeke Dijkstra. No hie ik wol in Foeke Dijkstra yn 'e kompjûter en dy wie troud mei in Trijntje Kooistra mar ik hie har âlden net. Wol hie ik in Trijntje Jans Kooistra yn 'e kompjûter, mar mear ek net oer har, allinne dat dizze lêste Trijntje in dochter wie fan Jan en Ynskje. Mar ik hie gjin ferbân lein tusken de twa Trijntjes want ik wie der net wis fan.
Om't Gerrit net sa fier hjir wei wennet ha ik him eefkes opbelle. En no die bliken dat ik Gerrit wol koe want ik ha wol gauris yn Athens preke, en ek wol ris mei him praat. In pakesizzer fan him wennet hjir noch tichter by en dy kenne wy hiel goed. Nei't Gerrit en ik wat praat hienen lei de saak al hiel oars: syn frou Ieke en ik bin wrychtsjes famylje fan mekoar. Sa kenne jo al pratende wei soms fan alles útdokterje.
Wa is Gerrit de Jong (b.1918)? Hy is in soan fan Pieter Bouwes de Jong (1890-1980) en Grietje Gerrits de Haan (1891-1973) dy't froeger op 't Heechsân wennen. Dy hiele famylje sit ek yn myn kompjûter.
Mar fan Gerrit syn frou Ieke (b.1919) hie ik neat mear as har namme, mar gjin âlden. Gerrit fertelde mei al gau dat har namme eins Ynskje is en dat sy een dochter is fan Foeke Dijkstra (1895-1993) en Trijntje Kooistra (1897-), en dat dizze Trijntje in dochter wie fan Jan Wierds Kooistra (1865-1945) en Ynskje Fokkes Alma (1869-1903).
Doe't ik letter Jan en Ynskje op socht yn 'e kompjûter, fûn ik harren hiele gesin mei alle 9 bern, mar de measten sûnder harren manlju of froulju. Trijntje stie der ek by as dochter, mar net troud. Doe seach ik ek dat sy in broer Kornelis (1893-1972) hie dy't in dochter hie dy't Hylkje (1921-1954) hiet en de frou wurde fan Alle Johannes Kramer fan 't Fean, ek famylje fan ús.
Dus dizze Trijntje Jans Kooistra út Harkema is de mem fan Ieke (Ynskje) Dijkstra, de frou fan Gerrit de Jong. Trijntje wie dus troud mei Foeke Dijkstra, soan fan Teade Dijkstra en Klaske Foekes Veenstra.
En dus binne Ynskje en ik famylje. Hoe?
Hiel ienfâldich sa: Ynskje (Ieke) is in dochter fan Foeke Dijkstra en Trijntje Kooistra. Trijntje is in dochter fan Jan Wierds Kooistra en Ynskje Alma, en Jan wie in soan fan Wierd Kooistra (1816-1883) en Berendje van der Heide (1818-1899). Wierd wie in soan fan Klaas Kooistra (1782-1827) en Elisabeth Westerhuis (1786-1861), dy't ek in soan Rinze (1819-1863) hienen dy't troud wie mei Loltje van der Heide (1825-1886), suster fan Berendje. Rinze en Lol hienen in soan Hendrik dy't troud wie mei Romkje Buursma, en dy hienen in soan Rinze (1875-1946) dy't troud wie mei Hiltje Franken (1878-1948) en dat wienen myn pake en beppe fan de Boskwei/Drifte.
Ien ding noch: it foel my op mei hoefolle respekt Albert Kamminga en Gerrit de Jong oer Foeke en Trijntje praatten: hurd wurkjende minsken, 'gelovige' minsken, hy in fijne man dy't hiel presiis wie yn syn wurk en ek in goeie muzikant wie, en sy wie in goeie mem dy't in kreaze, grutte húshâlding hie yn in earmoediche tiid foar in protte minsken. Albert syn heit, âlde Pieter Kamminga, foar wa't Foeke wurke, hie sneontojouns om 6 ûre it wyklean klear lizzen foar Taede mei in pear sigaren der nêst foar de snein. Albert seach dat as jonge oan en hat it nea fergetten. Arbeiders wurken 6 folle dagen en in goeie baas wurdeare syn feinten.
Jelle yn Kanada