"Sake focht foar Abe" en "Tiete soarge foar syn Mem". As jo dat sa lêze, tinke jo fuortendaliks oan een ferhaal dat earne bard is. En dat is yndied ek it gefal, mar dochs gâns oars as dat jo op 't earste gesicht tinke. Dizze ferhalen begoannen yn Fryslân, mar eindigden yn Amearika. Een skoftke lyn ha ik ris een âlde frou fan 83 jier neamd, dy't yn Amearika wennet en dy't myn namme fûn hie op it internet. Ja, Pearl Coster wit hoe't sy mei de kompjûter om gean moat! Sy socht om de namme Kooistra. Hûndert en fyftich jier lyn gie Jacob Kooistra mei syn frou Antje Piekema en harren 5 lytse bern nei Amearika. Sy wennen yn Arum wêr't hy timmerman wie. Een kloft Friezen út dy kontreien, ûnder lieding fan de rike skoalmaster Oepke Bonnema ferliet Harns yn 't ein fan febrewaris 1853 mei een skip nei Ingelân. Dêr fûn dy
groep fan sa'n 85 Friezen plak op een oar en grutter skip, de "William & Mary", en gie trije wiken letter, op 24 maart, de oséaan op. Der wienen ek noch 120 Ierske en Dútse emigranten oan board fan dit frachtskip. Der wie romte foar dizze minsken om't it skip lang net fol wie om't de lading út stielen spoarraljes bestie. De earme minsken hienen gjin moaie keamers, mar sliepten allegearre by mekoar yn'e iepen romte ûnder yn it skip. De koffers hongen oan heakken tsjin it plafond oan. Elts moast sa folle mooglik syn eigen iten en drinken mei nimme foar dizze lange reis. Nei een dei of wat wienen een protte minsken see-siik en de tastân wie skriklik. Gjin wûnder dat een protte minsken siik wienen, en dat guon stoaren. Twa lytse Kooistra berntsjes binne ek stoarn op 'e oséaan en wierskynlik oerboard smieten: Boukje op 12 april, noch mar oardeheal, en
lytse Marinus op 18 april, noch mar een pear moannen âld. Net bêst om soks mei te meitsjen, minsken!
Sy soenen nei de nije wrâld, rjochting New Orleans, Mississippi. Letter soenen sy fierder gean nei de staat Wisconsin wêr't Bonnema een grutte lape lân kocht hie.
Begjin maaie seagen sy foar't earst lân: de Bahamas. Mar op 3 maaie gie alles mis. De boat wie te ticht by 't lân en farde op een sânbank. Dy selde nacht kaam der een heislike stoarm en it skip briek yn stikken. De kaptein en syn bemanning tochten dat alles omkomme soe, en hy en syn kornúten sprongen yn de ienichste reddingsboat en naaiden út. Sy lieten al dy earme minsken efter. Letter fertelden sy oan de ynstânsjes dat it skip fergien wie 'met man en muis'.
Der is bot bidden wurden en flokt ek, en de mannen ha probearre om harren froulju en berntsjes te rêden, mar it like slim. En doe kaam der hiel yn 'e fierte een oare frachtboat oan dy't harren seach en ..wûnderbaarlik ... de measten binne feilich oan lân brocht op de 5de maaie. Sy hienen alles ferlern: al harren 'aardse goederen', mar sy libben! Sy binne holpen troch swarte minsken op it eilân en nei een pear wiken fan swalkjen troch de bosken mei hast gjin iten, kamen sy yn Nassau, de haadstêd oan. It wie tefolle west foar Jacob Kooistra. Hy stoar dêr op 16 maaie 1853. Wat een slach foar Antsje en har trije jonkjes!
De ploech Friezen is een wike of wat letter mei een oare boat fierder gien nei New Orleans en doe mei een 'riverboat' al hielendal nei't noarden nei Wisconsin wêr't sy de 5de july oankamen.
Elts krige syn hoeke lân taskikt troch Bonnema dy't letter werom betelle wurde moast. 'k Tink net dat Antsje der folle oan dien hat, want een pear jier letter is sy nei it plakje dêr flak by gien, nei La Crosse, en wenne dêr yn een houten kratsje yn djippe earmoede. Dêr stoar een jier of wat letter lytse Simen en doe bleau de widdo oer mei twa jonges: Sake en Tiete. Dizze jonge mem dy't sa'n protte lijen meimakke hie, stoar sels yn 't begjin fan 1862. Yn maart '62 gie Sake yn't frijwilligers leger fan Pres. Abraham Lincoln en focht foar Abe yn ferskate slaggen, mar rekke swier wûne yn de slach by Gettysburg. Trije wiken letter, op 30 july, is dizze jonge Fries dêr stoarn. Syn grêfstientsje leit der noch en seit: Silas Coster, en syn moaie foto is op it internet te sjen. Net ien soe witte dat hy een Fries wie! De famylje hie de namme
feroare, of leaver de Amerikanen skreaunen it oars as yn Fryslân. Jonge Tiete (Tecter) bleau allinne oer. De famylje wit net hoe't hy troch syn jeugd hinne kaam is. Wol is hy sterk wurden want hy is 91 jier âld wurden (1842-1933). Hy hat jierrenlang foar 't spoar wurke, en hy troude yn maaie 1873 en krige 5 bern. Ien fan syn bern krige de namme fan de soldaat: Silas Coster! Dizze Silas libbe fan 1877-1921, wie troud en krige mar ien bern, een soan en hy neamde him Roy Silas Coster, berne yn 1915. Yn 1946 troude Roy mei Pearl Gearhart, de frou dy't alles útsiket. Dizze Frysk-Amerikaanske famylje wist net rjocht hoe't alles gien wie. Sy wisten allinne dat der een protte fertriet lei yn it ferline, dat der een jonge, moediche soldaat west hat dy't sneuvele is en dat harren "roots" earne yn een fier heitelân leinen. Een lân wêr't Jacob en Antsje berne
wienen, boaske wienen, en bern krigen hienen.
Hjoed wit Pearl folle mear. Sy hat no een moaie kaart fan Fryslân, hat alle datums fan de 5 bern, hat no ek de trou-akte fan Jacob en Antsje, en sy wit ek wa't de âlden wienen fan Jacob en Antsje.
Pearl is hiel bliid en tankber. Ik krij sa no en dan een e-mail fan har. Minsken bliid meitsje is moai en tankber wurk.
Jelle yn Kanada