It kin somtiids nuver rinne yn it libben. Eltse simmer wurket ús jongste soan Milton, 24 jier âld en universiteit studint, foar in histoarysk doarp hjir aardich tichte by ús. Hy fynt it hiel moai wurk, foaral om't hy in protte minsken treft, en hy mei graach prate. Dat doarp wurdt neamd 'Upper Canada Village', en dêr komme eltse simmer tûzenen besikers, ek wol fan Hollân. As der Friezen komme, probearet hy altyd in praatsje mei harren te hâlden yn 'e taal fan syn âlden. De lêste jierren hie Milton as syn baas, Harry Pietersma, in man mei in graad fan de universiteit. Doe't ik dêr in kear wie om Milton op te heljen, ha ik eefkes mei Harry stien te praten. Ik hearde doe al ryklik gau dat hy eins Haaye Pietersma hiet, en dat hy op Koartwâld berne wie, as jongste soan fan Liekele Pietersma en Martje Cazemier. Dy buorken jierren lyn tusken
Koartwâld en Surhuzum. Harren âldste soan Hindrik siet mei ús op de knapen-ferieniging en letter op de jongfeinten-ferieniging. Hy wurde hjir letter professor, en syn broer Albert ek. Beide tûke jonges! Harry en ik ha fansels in moai skofte praat, ek yn't Frysk.
Doe't Ali en ik yn 1956 yn Chatham, hjir sa'n 600 km. wei, oankamen as emigranten, troffen wy dêr Johannes en Trientje van Minnen, dy't froeger yn 'e Ham wennen, wêr't ik ek berne bin. Om't wy harren gûd koenen, wurde dat ús twadde thús. Wy troffen dêr ek in omkesizzer fan Johannes en Trien, nammentlik Kees de Jong, dy't troud wie mei Ulie Brandsma út Drachten. Kees wie in soan fan Wytze de Jong en Antje van Minnen, suster fan Johannes. Dizze minsken wennen froeger oan de Lytsewei yn 'e Ham. Anna libbet noch, wennet yn Grins, en wurdt by libben en wolwêzen, 101 jier âld yn maaie. Kees hie ek in broer Hindrik dy't ek yn 'e Ham wennet, en dy is troud mei in suster fan Johannes' Trien, mei Martha Kloosterman. Dus dûbele famylje. Ik ken al dat folk wol omdat wy wol gauris yn'e Ham kamen by ús famylje dêre. No hat de kompjûter my útlein
dat Kees de Jong en Harry Pietersma famylje fan mekoar binne, mar dat ha sy nea witten fansels. Kees is al in jier of wat lyn stoarn, yn 1989, yn Chatham.
Hoe binne Kees en Harry no famylje? Dat sit sa yn mekoar:
Kees (1922 Oudega-1989 Chatham) wie in soan fan Wytze de Jong (1894 Grouw-1951 Drogeham) en Anna van Minnen (1899 Drogeham-). Wytze wie in soan fan Kornelis Wytzes de Jong (1852 Suameer-1906 Duitsland) en Harmke Bijl (1857-1895). Kornelis wie een soan fan Wytze Hendriks de Jong (1819 Suameer - 1895 Suameer) en Grietje Wibbelink (1817-1891 Suameer). Dizze minsken hienen ek in dochter Trijntje (r.1859-1909) en sy wie troud mei Liekele Edzes Dupon (1843 gem. Tietj.-1922 Deinum). Dy hienen in dochter Grietje (1875 Opeinde-1961 Zandbulten) dy't troud wie mei Hendrik Haayes Pietersma (1872 Hardegarijp- 1940 Surhuizum). Harren soan Liekele (1908-1993) troude mei Martje Cazemier (1908-1994) en dit pearke krige 6 bern, en Haaye wie de fyfde, berne yn 1945. De famylje Pietersma gie nei Canada
om hjir te buorkjen, yn Brockville. De measte bern ha hjir fierder studeare en ha it aardich fier brocht. Ik ha wol gau ris mei Liekele en syn frou praat as ik yn Brockville yn harren tsjerke preekje moast. De âld baas makke altyd eefkes een praatsje, ek oer de preek. Hy lústere altyd hiel krekt en mei oandacht.
Dy Hindrik of Henk Pietersma stie as jonge fan sa'n 15-16 jier ris op de preekstoel fan de Grifformearde Tsjerke op 'e Dellen yn 't Fean in ynlieding foar te lêzen as wie hy in dominee. It wie een mirakel. Gjin wûnder dat hy letter professor wurden is. It siet der doe al yn. En syn broer Albert wie al krekt sa.
Ik tink dat Harry Pietersma en Kees de Jong, as sy mekoar troffen hienen, net kend hienen en ek de famylje bannen net wisten fansels. Dat wit de kompjûter better. Soms tink ik wol ris: jo kinne it sa raar hast net betinke of de minsken op 'e doarpen wienen eins allegearre wol earne in bytsje famylje fan mekoar, teminsten in protte wol. Gjin wûnder, sy kamen ek net folle op oare plakken as allinnich harren eigen doarpen.
Jelle yn Kanada