OP ZOEK NAAR ROOTS - 35


Wat sil dat een drokte en in grut feest west ha yn de húshâlding fan Haaye en Wytske yn Surhuzum. Trije bern trouwe op ien en deselde dei. De measte minsken ha genôch drokte as ien fan har bern trout, lit stean fan trije! Dochs barde dat op 15 maaie 1897 by Haaye en Wytske, no sa'n 103 jier lyn. Haaye wie 'armmeester' en wenne mei syn frou Wytske en de bern yn Surhuzum, krekt foar 1900. Haaye (1827-1908) wie in soan fan de keapman/polysjeman Edze Durks van der Molen (1794-1872) en Stijntje Hayes Loonstra (1797-1844), dy't op 't Fean wennen. Haaye syn frou Wytske (1833-1915) wie in dochter fan Atze Rinzes de Vries (1803-1876) en Aafke Ates Tjoelker (1802-1875), en dy wennen yn Stynsgea.

Doe't ik okkerdeis hiel rêstich en presiis troch de 'huwelijken' fan de gemeente Achtkarspelen krûpte, seach ik ynienen 3 spantsjes mei wakker deselde nammen en deselde âlden. 'k Ha alles doe noch wer ris goed besjoen en ja, it wie sa, it koe net misse. Alle trije bern kamen fan de selde âlden: fan Haaye en Wytske. Sels de nummers fan de trou-akten stienen moai op it rychje: nrs. 26, 27, 28.

'k Tocht doe: soenen de trije pearkes yn in soarte fan optocht nei Bûtenpost gien wêze? Binne sy alle trije tagelyk troud troch de boargemaster? En binne sy letter yn 'e selde tsjerke troud? Wêre? Yn Surhuzum? En binne sy letter mei mekoar oant feest fieren west yn Surhuzum? Of miskien op 't Fean? Op sokke fragen krije jo gjin antwurd fia de boargerlike stân. Dat soarte spul stiet net yn 'e boeken. Miskien wit de famylje dat wol. Net allinne wiene it trije bern fan Haaye en Wytske, mar twa fan dizze bern trouden mei twa bern fan Douwe Douwes Wijnalda (1831-1911) en Aatje Berends Renkema (1835-1923). Dus it wie dûbele famylje, hast trije dûbel.

It siet sa:
Akte nr. 26 fan dat jier seit dat Stijntje van der Molen (1867-) troude mei Johannes Douwes Wijnalda (1869-), soan fan Douwe en Aatje. Edze van der Molen (1870-1933) troude mei Janke Douwes Wijnalda (1871-) folgens Akte nr. 27. En akte nr. 28 fertelt dat Aafke van der Molen (1872-) troude mei Klaas Sipma (1871-) soan fan de grutter fan 't Fean, Henderikus Klazes Sipma (1847-1906) en Jeltje Wiebrens Wouda (1847-1906).

Fierder ken ik dizze famyljes net sa goed. Wol wie der yn myn jongesjierren in sekere Hansje Wijnalda op't Fean, dy't eefkes âlder wie as ik wie, en dy sil wol neamd wêze nei syn pake Johannes Wijnalda dy't troud wie mei Stijntje van der Molen.

Fia de kompjûter fûn ik út dat in soan fan Edze en Janke, nammentlik Atze van der Molen, letter troude mei Sytske Dalstra. Mar fierder ha ik dizze famyljes net út socht, mar der sille fest wol hiel wat neisaten op't Fean en yn 'e omtrek wenje.

Âlde Haaye Edzes van der Molen hie in suster Jantsje (1823-) dy't troud wie mei Meine Botes de Haan (1841-), en doe tocht ik gau eefkes oan in sekere Meine Botes de Haan (1907-1963) dy't froeger yn 'e Kornhinne wenne en yn 1953 boarch stie foar ús gesin doe't wy nei Canada gienen. Meine syn widdo Janneke Hovius (1902-) wennet tichte by ús en is no 97 jier âld. Sa no en dan tref ik har noch wol ris as ik yn har tsjerke preekje. Soe dizze Meine de Haan in pake/beppe-sizzer wêze fan dy earste Meine Botes dy't troud wie mei Jantje Edzes van der Molen? Miskien kin de iene as oare my wol wat út helpe.

De kompjûter seit ek dat Haaye Edzes en ik by mekoar komme op dizze manear: Jelle (1933-), Hendrik Kooistra (1906-1995), Hiltje Franken (1878-1948), Sierk Franken (1833-1902), Kornelis Arjens Franken (1806-1887), syn suster Grietje Arjens Franken (1804-1883) troud mei Rinze Hayes Loonstra (1805- ), syn suster Stijntje Hayes Loonstra (1798-1844) troud mei Edze Durks van der Molen (1794-1872), en syn soan Haaye Edzes van der Molen (1827-1908), is de heit fan dy trije bern dy't op de selde dei trouden in 1897.

Jelle yn Kanada