OP ZOEK NAAR ROOTS - 36


As ik in koetsebeibeam sjoch moat ik altyd tinke oan in ferske dat ik froeger leard ha fan myn heit, en dat hy song as hy in floitsje makke út in grien stokje fan in koetsebeibeam. Letter ha ik sels ek wol faak ris sa'n floitsje makke. Dat ferske wie sa:

"Hippe-tippe-tiepe,
Wannear silst do liepe?
Om maaie, om maaie,
As alle fûgels kraaie.
Dan komt Jan mei't skerpe mes,
En sil dy de kop omdraaie."

Dat songen wy wylst wy de bast fan it stokje beklopten mei it heft fan it mes, en de bast op dy manear los makken fan it hout, en dan koene wy de bast der ôf draaie. Sa'n floitsje wurke hiel bêst en ik soe it hjoed-de-dei noch wol dwaan kinne want hjir by ús yn Canada groeie deselde soarte beammen as yn Fryslân.

Ik sjoch my noch sitten neist it lytse wâldhúske fan myn pake Jelle Hamstra op 'e Ikkers yn 'e Ham. Dêr wie in lyts ferheginkje fan groun mei seadden oan de side fan it hûs, ûnder by de muorre wêr't ik sitte koe te floitsje-meitsjen. Pake siet dêr ek wol ris te seine harjen. Pake Jelle neist lytse Jelle. Moai en noflik yn 'e sinne. Sokke dingen wurde net mear dien, tink ik, want de seinen en it harspit wurde net mear brûkt. Ik ha hjir noch wol in âlde seine, mar dy brûk ik allinne foar wat rûchte spul yn 'e barm fan de sleat. It gers mean ik mei in 'ridingmower', in ridende meanmasine. 'k Kin der moai by sitte! Sa't pake meane koe, soe ik it dochs net meane kinne. Myn meanen giet ek sa moai en linich net as dat fan pake. Myn meanen is mear 'hakseljen'. Dy mannen fan froeger hiene dêr de slach om tinken fan. Guon Hamstra's wienen mieren, en guons wienen slatters, stiet yn it boek 'De Ham - in doarp op 'e sânen'. Myn pake wie in mier. Grutte Harm wie, tinkt my, in slatter. 'Sân slatte wie gjin maklik wurk. Men moast sterk wêze en goed fan ynhouten', stiet yn dat boek oer Droegeham. En Harm wie sterk!

Wa wie Grutte Harm? Hy wie in neef fan myn pake Jelle (1884-1942). Harm Hamstra (1895-1978) wie troud mei Houkje de Bruin (1898-1954), en sy wennen yn in kreas hûske op 'e Ikkers, net fier fan myn pake ôf. Harm en Houk's dochter Atsje wenne dêr letter, tink ik.

Der wennen hiel wat Hamstra's oan dy sânreed. Dêr wenne Jan-om's Jelle, Jelle Jans Hamstra (1886-1962) ek, en âlde Martsje-muoi (1857-1954) dy't omtrint 100 jier wurden is. Martsje wie de frou fan Harm Jelles Hamstra (1852-1930) en dy hienen ek in soan Jelle, Martsje-muoi's Jelle (1882-1970) en dy wie troud mei Klaske Lubberts Slaaf (1884-1950).

Sa probearden sy al dy Jelles wat út mekoar te hâlden. Myn pake wie Jelle-Hinke, en hy wurde sa neamd om't syn frou Hinke Nicolai wie. Der wie noch in oare Jelle, ek in neef fan dizze mannen, nammentlik Sjutsje-muoi's Jelle, de klomp-makker út de Ham (1885-1967), soan fan Hendrik Jelles Hamstra (1845-1892) en Sjutsje Wiebes Weening (1859-1937). Yn 1956 ha ik ris by Martsje-muoi west yn har lytse hûske op 'e Ikkers. Doe't ik sei wa as ik wie, nammentlik Jelle fan Trien fan Jelle-Hinke, sei sy: 'No moast dochs ophâlde. Ik herinnerje my dyn mem noch skoan. Dy koe wurkje. En sy wie fluch en skjin! En ... sy koe mear mei een dûbeltsje as in protte oaren mei een kwartsje. Hoe is't no mei Trien?'
Alles wat Martsje-muoi sei, koe ik hiel wol mei ynstimme. Immen sei ris tsjin my: 'Jimme moatte gûd op 'e lytskes passe, dan komme de grutten fansels.' Dêr wie myn mem it wol mei iens west. In pear jier lyn trof ik Atsje Bylsma-Hamstra, dochter fan Harm en Houk, yn Drachten yn it sikehûs doe't myn heit dêr lei, en Atsje's iene soan ek. Dy hie in auto-ûngelok hân, leau ik.

Grutte Harm wie in soan fan Jan Jelles Hamstra (1860-1945) en Aukje Harms Bergsma (1863-1949), en Aukje wie in dochter fan Harm Siegers Bergsma (1827-1897) en Janke Sjoerds Hoekstra (1825-1907). Jan Jelles Hamstra wie in soan fan Jelle Pieters Hamstra (1822-1896) en Wytske Hendriks Schievink (1819-1888). 'k Ha de hiele Hamstra-famylje útsocht en dat folk sit allegearre yn 'e kompjûter te wachtsjen oant ik ris tiid fyn om it yn boekfoarm út te jaan. 'k Hoopje al dat ik genôch tiid krij want it hat hiel wat wurk naam om de measten fan dy minsken op te skarreljen, want sy binne net allegearre yn 'e Ham bleaun. 'k Soe eins allinne myn eigen famylje dwaan moatte, mar it is dochs sok glûpend moai wurk om oaren wat te helpen mei harren famylje.

Jelle yn Kanada