OP ZOEK NAAR ROOTS - 38


Wêr is de tiid bleaun! Mear as fyftich jier lyn ha ik Jan Drost foar't lêst sjoen op 't Fean, mar ik hie him net hielendal fergetten. It wie by harren efter op 't lân dat ik omtrint ferdronken bin as jonge yn 'e Baukewyk ûnder de iis-skossen.

Jan wie, tink ik, wol ien mei fan de grutste dogeneaten by ús yn 'e klasse op de Kristlike Skoalle op 't Fean. Wy wienen allegearre net sokke bêste, froede jonges bytiden, mar Jan koe der wol wêze. As myn mem it oer jonges hie dy't net groeie woenen om't se sa ûndogens wienen, gienen myn gedachten wolris nei Jan want dy bleau earst mar lyts en behindich. Wat ha wy oars wol in protte wille hân as jonges, ek mei en troch Jan.

It wie in kear smoarhjit en it swit rûn ús út it hier wei doe't wy yn it lokaal fan de heechste klassen kamen. Mar wy moasten nei binnen foar it skoalwurk. Wa hie dêr no sin oan! It lokaal siet fol mei bern, en miskien wol op oanrieden fan oaren, pakte Jan de termometer fan de muorre en hâlde him in skoftke yn 'e gleane sinne by't rút. De graden fleagen om heech oant oer de njoggentich, en doe hong er him fluch wer te plak. Meester Tjoelker kaam fuort dernei binnen en seach ús wol sitten mei it pylkerich, switterich hier. Hy koe de hjitte ek wol rûke, tink ik. Lokalen fol bern ha bepaalde luchtsjes, ferskillend nei de tiid fan't jier. Hy sei ris tsjin myn âlden: 'De minste tiid yn skoalle fyn ik de rapetiid. Dan is der hast net yn't lokaal te wêzen!' Wy seinen tsjin him: 'Master, it is fiersten te hiet. It is wol njoggentich graden.' Hy rûn nei de termometer, seach eefkes, en sei: 'Wy sille noch eefkes wachtsje hoe it giet.' Hy hie it, tink ik, wol troch dat der wat mei dien wie. Wy bleauwen wol yn 't lokaal dy middei. (Wy brûkten Fahrenheit yn 'e simmer, tinkt my, en Celsius yn'e winter, want it frear mei nul graden.)

Ik koe myn eagen mar amper leauwe doe't wy mei de Krystdagen in moaie kaart krigen út Assen fan in fam. Drost. Wa wie dat? Ik tocht dat kin oars net ien wêze as dy selde Jan Drost dy't froeger by my yn'e klasse siet, ek al om't ik him neamd hie yn in stikje in 'Op Zoek Naar Roots' yn de FEANSTER. En ja, hear, it wie him wol! 'k Ha him in brief werom stjoerd en no krige ik koartlyn in lange brief fan Jan.

It is wol goed kaam mei dy dogeneat fan doedestiids, lyk as mei de measte dogeneaten al! It nimt de iene wat langer as de oare. Jan fertelde yn't koart dat er nei de legere skoalle slagge wie foar de ambachtsskoalle as smid-bankwurker, wie doe nei de HTS gien om skipswurktúchkundige te wurden en doe ... de oseanen op! Letter hat er noch mear stúdzje folge en helle de twadde rang. Doe is hy troud en is oan wâl bleaun en hat yn Schiedam op in werf foar skippen wurke, en reizge jierren nei in protte oare lannen foar syn wurk. En no wenje sy yn Assen en genietsje fan 'de âlde dei'.

Jan soarge altyd foar ferrassingen, doedestiids, en no noch.

Hy fertelde dat syn frou Joke hiet, einliks Johanna Faber, en dat sy in dochter is fan Broer Faber (1913-1989) en Wytske Veenstra (1909-1989), dy't yn Gruttegast wennen.

Krekt lyn hie ik dy nammen noch heard, mar net yn dit ferbân. Dochs hie ik Broer en Wytske yn de kompjûter, mar fierder wie dy hoas net ôfbreide. Doe't ik Jan syn brief krige, tocht ik, ik sil de kompjûter ris rie pleegje. En ... hoe is't mooglik, dêr siet dy hiele Wytske Veenstra famylje al yn 'e kompjûter, sels gâns wat stagen tebek! Wêrom?

Skean tsjin oer ús wenje trije famkes: Megan, Alyssa, Kayla dy't 'Grandpa' tsjin my sizze moatte om't sy bern binne fan ús soan Bill (1960-) en dy syn frou Rita Oosterheerd (1961-), dy't in dochter is fan Jan Oosterheerd (1932-1996), soan fan smid Cornelis Oosterheerd (1902-1991) dy't froeger yn Lytsegast wenne, en Joke Veenstra (1932-2000). Dizze Joke is twa wiken lyn samar ferstoarn. Sy wie 68 jier âld. No blykt dat Jan Drost (1932-) syn Joke (1938-) in folle nicht is fan Jan Oosterheerd syn frou Joke. Beide binne it Johanna's en beide binne neamd nei deselde Beppe Johanna Jans Hoekstra (1872-1953), frou fan Johannes Andries Veenstra (1870-1950) fan Surhuzum. Beppe Johanna wie in dochter fan Jan Sjoerds Hoekstra (1844-1903) en Aaltje Sjoerds Veenstra (1843-1901). Johannes wie in soan fan Andries Johannes Veenstra (1838-1917) en Antje Roels van der Ley (1839-1913).

Ik bin bliid dat Jan my skreaun hat want oars hie ik dy Veenstra-bân nea witten.

Jan Drost en ik binne ek fiere famylje fan mekoar, mar dan moatte wy werom oant Bareld Barelds en Tietje Jans ta. Miskien doch ik dat letter wolris.

Jelle yn Kanada