OP ZOEK NAAR ROOTS - 39


In pear moanne lyn frege in frou hjirre oft ik in pear bledsiden Hollânsk oersette woe foar har yn't Ingelsk. Ik sei dat ik dat wol dwaan woe foar har, mar doe bleken dat wol 30 siden te wêzen, typt, en it wie ek noch wol in soarte âlder Hollânsk. It wie benei in boek! Ik ha it earst in kear of wat troch lêzen, mar letter net hielendal oerset, allinne dat stik wat mei har famylje te dwaan hie. It wie dochs noch in heislik karwei.

It gie oer de Couperus famylje fan Stynsgea, en it begûn mei in sekere John Cowper dy út Skotlân nei Fryslân flechte wie, rûn it ein fan 1500 en letter de suvere grifformearde lear preke hat yn Fryslân. De famylje Couperus begjint mei dizze man. It is in hiel moai ferhaal.

Theresa, de frou dy't my frege hie om it oer te setten, stamt ôf fan dizze famylje Couperus. Har famkesnamme is Trijntje Beerda, berne yn Brockville, yn Ontario, yn 1951, as jongste dochter fan Julle Beerda (1909-1995) en Sjoukje Daniels van der Meulen (1909-). Al har broers en susters binne berne yn Kollumer-sweach. Julle en Sjoukje kamen yn 1950 yn Canada oan, en Theresa hat it no drok mei it klear meitsjen fan in hiel moai famyljeboek foar it grutte feest dat de Beerda-famylje dizze kommende simmer al 50 jier yn Canada wenne hat. Har mem Sjoukje is in dochter fan Daniel Andries van der Meulen (1873-1955) dy't yn 1911 lykme allinne nei Amearika gien is en dêr bleaun is. Syn frou en bern bleaunen yn Fryslân en soenen letter komme. Dat is lykwols nea bard. In soan Pieter is letter ek nei Amearika gien en wenne neitiid in California. Mar de mem, Gaatske Lieuwes Nicolai (1878-1936) is yn Fryslân bleaun en wie jierrenlang ûnderwizeres oan de Kristlike Skoalle yn Twizelerheide. De oare bern bleaunen ek by mem, mar twa fan de bern, Lieuwe en Sjoukje gienen nei de oarloch, nei Canada mei har gesinnen.

No blykt dat Theresa fia de van der Meulen's ek in bytsje besibbe is oan myn frou Ali van der Meulen, troch de van der Meulen's fansels, mar wol mei in pear stapkes oerdwers fia de Meindert Barteles van der Hoek famylje. Dêr gean ik no net fierder op yn.

Theresa har heit Julle, wie in soan fan Pieter Taekes Beerda (1866-1945) dy't troud wie mei Jeltje Gooitzens Couperus (1871-1956). Dizze Jeltje wie berne yn Stynsgea yn 1871 en stoar yn 1956 yn Kollumersweach. Sy wie in dochter fan Gooitzen Gaeles Couperus (1838-1916), boer yn Surhuzum, en Siebrigje Tjeerds Kloosterman (1842-1929). Gooitzen wie in soan fan Gaele Johannes Couperus (1804-1892), in eigenerfde boer yn Stynsgea, en Aafke Gooitzens Luimstra (1808-1902), dochter fan Gooitzens Simons Luimstra en Tjitske Jilles Tjoelker, dy't letter troude mei Jakobus van der Veen. (sjoch COUPERUS út it boek 'De TJOELKER's en de TSJOELE' troch Wytse J. Tjoelker)
Pieter wie in soan fan Taeke Julles Beerda (1831-1921) en Nieske Jans Krol (1834-1901), en Taeke wie in soan fan Julle Taekes Beerda (1802-1875) en Sietske Willems de Boer (1804-1882). Taeke hie in suster Trijntje Julles Beerda (1841-1917) dy't troud wie mei Kornelis Baukes van der Henne (1833-1909). Dizze Kornelis en Trijntje hienen in soan Julle Kornelis van der Henne (1877-?) dy't troud wie mei Etje Oebeles Gorter (1869-1907), dochter fan Oebele Klazes Gorter (1825-1915) en Sjoerdje Beins Kamminga (1831-1917), dochter fan Bein Oebeles Kamminga (1801-1871), boer, en Wytske Pieters Rinsma (1808-1870). (út 'Poppinga's -rondom de Omloop' troch K. P. de Boer) Oebele hie in healsuster Janke Klazes Gorter (1812-1893) dy't troud wie mei Kornelis Rinzes Buursma (1814-1881). Harren dochter Romkje Kornelis Buursma (1841-1929) troude mei Hendrik Rinzes Kooistra (1847-1917) en harren soan Rinze Kooistra (1875-1946) wie troud mei Hiltje Franken (1878-1948). Dit lêste pearke wie myn pake en beppe dy't froeger op it hoekje fan de Boskwei en de Drifte wennen, ûnder Droegeham. Sa komme Julle Beerda en ik by mekoar. Theresa is wakkere bliid en wiis mei de moaie grutte printen fan de famylje-wapens fan de Nicolai's en fan de Couperus famylje, beide yn folle kleuren.

Jelle yn Kanada