OP ZOEK NAAR ROOTS - 40


Okkerdeis krige ik in briefke fan in frou út Gerkeskleaster. Sy hie myn adres krigen fan myn broer Rinze út Drachten, en yn har brief fertelde sy my dat har man famylje wie fan Sieb Weening, myn freon fan froeger en no noch. Sieb is in soan fan Freerk en Ant dy't froeger op 't Fean oan de Achterwei wennen, net sa fier fan de mûne ôf. Attie, sa hiet dy frou, woe graach wat mear witte oer in sekere Antje Top dy't froeger yn Grand Rapids, yn Amearika, stoarn is. Mar ek oer dizze Antje har man Wiggele van der Veen en harren jonkje Sybryn dy't mei syn heit wer nei Nederlân werom gie nei't Antje stoarn wie. Wiggele en Sybryn wennen letter yn 'e Grinzer Pein. Sybryn troude earst mei Saaktje Top en sy krigen in famke Albertje. No stamt Attie har man Douwe ôf fan dizze Albertje. Letter troude Sybryn wer nei't syn frou Saaktje stoarn wie, mei Geeske Wijma, en no stamt Sieb ôf fan dizze twadde frou.

Attie hie útfûn dat ik de Grand Rapids konneksje al ris út socht hie, en dat ik ek it ferstjerren fan dy Antje Top en lytse Albertje fûn hie. En ek wêr't dy mem en har lytse famke begroeven leinen yn Grand Rapids. Marten Haijema út Assen, in tûke sneuper wat stambeam-spullen oanbelanget, hie my dêr gâns wat by holpen yn't Argyf yn Grins.

Doe't ik dit allegearre nei seach yn de kompjûter, kaam ik noch in namme tsjin wêr't ik al in skoftke oer skriuwe woe. En dat is de famylje van der Kooi út Stynsgea. Doe't wy yn 1953 yn 'e swarte feangrûn fan Holland Marsh omkrûpen en 60 sinten yn'e oere fertsjinnen, lei in stik lân fierder ek in wurkploech te wrotten, en dêr wie Sjoerd van der Kooi ek by mei syn keppel bern. Ien dêr fan wie Jochum, en der wie ek in Steffen en in Saakje, dy't letter troude my Sieb syn broer Jan Weening. En no blykt dat Jochum ek in bytsje besibbe is oan Attie har man Douwe, dy't ek fiere famylje fan Sieb is.

Hoe sit dat no yn mekoar mei Sieb en mei Jochum en mei Douwe?

Sieb of Sybryn is berne yn 1933, en hy is in soan fan Freerk Weening (1913-1987) en fan Antje van der Veen (1914-1994). Ant koe der altyd moai by komme. Dêr ha wy wol faak om lake. Sy wie noch mar santjin jier doe't sy troude mei Freerk. Doe't sy 18 wurde en al yn ferwachting wie, sei sy grapkjend en wat ûndogensk tsjin har freondinnen by de tsjerke: " Hjoed is myn jierdei en no mei ik jûn de feint oan hûs ha." Doe't Sieb in pear moanne troud wie mei syn Sytske, fertelde Ant my op in kear, in bytsje glimkjend: " Hast it al heard dat Sieb de tún ek al yn 'e bou hat?" Dat wie Ant. Altyd wille en koartswilich. Gjin wûnder dat har bern roet mâl my harren mem wienen. Antje wie neamd nei har beppe Antje Top dy't stoarn wie yn Grand Rapids yn 1873. Antje har âlden wienen dus Sybryn van der Veen (1868-1952) en Geeske Wijma (1868-1948). Sybryn wie in soan fan Wiggele van der Veen (1841- ?) en Antje Top (1844-1873). Sybryn syn earste frou wie Saaktje Top(1864-1892), fiere famylje fan Antje Top (1844-1873) dochter fan Jan Top en Aaltje Brouwers. Sybryn en Saaktje krigen in famke Albertje (1892-1961) dy't letter troude mei Sikke van Dekken (1890-1976). Sikke en Albertje wennen yn 'e Grinzer Pein, op Topweer, en hienen in aardich protsje bern. Ien dêrfan wie Siebrigje van Dekken (1920-1987) dy't troude mei Jan van Slooten (1918-1996) soan fan Douwe van Slooten en Geeske Hofman. Jan en Siebrigje krigen in soan Douwe (1946-) dy't troude mei Attie Mulder (1949-), de brieve-skriuwster. Douwe en Sieb binne dus famylje fan mekoar.

En no noch eefkes oer Jochum gear. Sikke van Dekken hie in suster Saakje (1893-1937) dy't troud wie mei Jochum Steffens van der Kooi (1893-1937) en dizze Jochum hie in broer Sjoerd van der Kooi (1906-1964) dy't troud wie mei Saakje Brink (1903-1970) dochter fan Jelle Brink (1855-?) en Grietje Sikkema (1863-?).[Tinus Jongsma hat my holpen mei wat gegevens oer dizze Brink-famylje] Sjoerd wie in soan fan Steffen Bonnes van der Kooi (1857-1925) en Sjoukje Jochums van der Wielen (1865-1943) dochter fan Jochum Sjoerds van der Wielen en Baukje Hendriks Piekstra. Steffen wie in soan fan Bonne Rypkes van der Kooi en Taetske Eizes de Boer. Sjoerd en Saakje hienen ek in hiele keppel bern en sy wennen froeger yn Stynsgea. Ien fan de jonges is dus Jochum. En no binne Jochum en Sieb ek noch wer in bytsje oan mekoar ferbûn, nammentlik sa: Sieb syn broer Jan is troud mei in suster fan Jochum, mei Saakje van der Kooi. En Sieb en Jochum fûnen in frou yn it selde nêst, sy trouden twa susters, dochters fan Anne de Beer en Durkje Visser
: Sieb troude mei Sytske de Beer en Jochum mei Naenke de Beer. En in omkesizzer fan my, Grace, dochter fan myn broer Sjirk, is troud mei Sieb syn jongste broer Harry. En sa binne wy dus einliks allegearre in bytsje besibbe oan mekoar.

Jelle yn Kanada