OP ZOEK NAAR ROOTS - 41


Yn Eastermar wennet in jonge, kreaze slachter's frou dy't omke tsjin my sizze moat. Har famkes namme wie Tineke Wilkens en sy is de frou fan Rudi Kooistra, soan fan myn broer Rinze út Drachten.

In pear wiken lyn wienen Rinze en syn frou Boukje hjir in dei of fiif by ús op besite. Ek by ús jongste broer Sjirk fansels. Sy binne it hiele rychje lâns west, ek by Boukje har susters en fierdere famylje yn Ontario. Doe't Rinze en Boukje hjir by ús yn'e hûs sieten op in jûntiid, kaam der krekt in faks binnen ùt Fryslân. Dy kaam fan Willemke Veenstra-Doornbos (1938-) út de Kompenije en sy fertelde yn dy faks wat oer de Wijnalda famylje as réaksje op myn stukje yn de FEANSTER oer dy trije pearkes dy't op deselde dei trouden yn 1897 yn Bûtenpost. Sy is nammentlik ek famylje fan de Wijnalda's. En ... sy neamde yn har faks ek noch efkes dat sy famylje is fan Tineke Wilkens dy't troud is mei Rudi, de slachter út Eastermar. Doe't ik Rinze de faks ek efkes lêze liet, sei dy fuortendaliks: ‘Ik ken de dochter fan Willemke hiel skoan. Dy wurke mei my by Philips. Dat is Martje Bos.' ‘k Tocht wer wat is de wrâld dochs mar lyts.

Ik ha doe letter dy nammen efkes te plak set yn de kompjûter, en doe die bliken dat wy eins allegearre wat oan mekoar ferbûn binne. It is wol wat een tizeboel, mar it sit der dochs wol yn. Ik sil no probearje it wat dúdlik út te lizzen.

Der wienen twa susters: Trijntje Sierds Pool (1884-1974) en Aafke Sierds Pool (1879-), dochters fan Sierd Jacobs Pool (1848-1914) en Janke Gerrits van der Velde (1854-1935).

Trijntje Pool troude yn 1909 mei Durk Hendriks Wilkens út Nijega. Dizze minsken krigen in soan Sierd Durks Wilkens dy't troude mei Trijntje Sipkema, en sy krigen in dochter Trijntje (Tineke) dy't troud is mei Rudi Kooistra . Dit slachter's pearke hat trije bern en sy wenje yn Eastermar.
Aafke Pool troude mei Wybe Douwes Wijnalda (1873-1908) fan ‘t Fean en dizze minsken krigen in dochter Gepke (1905-) dy't troude mei in Doornbos. Gepke en har man krigen in dochter Willemke dy't troude mei Jelle Veenstra, en sy krigen in famke dy't sy Martsje neamden.
Dy Wybe Douwes Wijnalda hie in hiel nustje broers en susters. Ien fan syn broers wie Johannes Douwes Wijnalda dy't troude mei ien fan dy trije bern fan dy van der Molen yn 1897, nammentlik mei Stijntje. Sy krigen in soan Douwe Johannes Wijnalda, dy't letter in soan Johannes (Hansje) krige. Ik ha harren wol neamd yn dat stukje yn Op Zoek Naar Roots. En dy Wybe hie ek in broer Douwe Douwes Wijnalda (1864-1935) dy't troud wie mei Bregtje Jousma (1867-1978). Dizze minsken krigen in soan Douwe Douwes Wijnalda (1896-1978) dy't troud wie mei Romkje de Boer (1896-1992), dochter fan Ritske Wanders de Boer (1856-1938) en Loltsje Hendriks Kooistra (1873-1945). Dizze minsken wennen froeger op Blauhûs. Loltsje har heit en mem wienen Hendrik Rinzes Kooistra (1847-1917) en Romkje Kornelis Buursma (1841-1929), de pake en beppe fan myn heit. En sa is Rudi dus ek in bytsje famylje fan de Wijnalda's, en is yn ‘e fierte ek ferbûn oan de Pool-famylje en dus ek oan syn frou Tineke. It is eins dochs wol in wûnder dat dy beide fiere sibben mekoar fûn ha, al tink ik wol dat sy doedestiids net wisten dat sy earne in bytsje famylje fan mekoar wienen. ‘k Tink earder dat sy him in tsjeppe feint fûn, en hy sil wol tocht ha wat is dy Tineke in kreaze faam!

De kompjûter lit ús dingen sjen dy't oars net sa maklik te finen wêze soenen. Sa'n masine is dochs mar maklik en handich. No witte wy yn elts gefal dat Tineke en Rudi net hielendal frjemd foar mekoar wienen. It binne beste minsken en ik bin bliid dat sy my omke neame moatte.
Sokken mear! Rudi syn rikke woarsten smakken bêst doe't ik dêr ris op besite wie, en Tineke's kofje smakke ek tige goed. Dik yn oarder dêr yn Eastermar.

‘k Krige ek in moaie brief oer dy van der Molen's fan Johannes Atzes van der Molen út Beetsterswaech, mar net ien skynt noch te witten oft dy trije pearkes mei mekoar feest fiert hawwe yn 1897.

Jelle yn Kanada