OP ZOEK NAAR ROOTS - 42


Sa no en dan stjoert myn broer Rinze my in pakje kranten, de Drachtster en de Feanster. Net de hiele krante, mar wol alle advertinsjes fan ferstjerren. Op dy manear bliuw ik in bytsje op'e hichte mei in protte famyljes. Soms steane der âlde skoallematen yn, soms fiere famylje, en soms minsken dy't passe yn ‘e famyljes dy't ik al yn de kompjûter ha. Okkerdeis skrok ik wol efkes doe't ik de namme fan Jellie Weening (1936-1999) seach yn de Feanster. Jellie wie ús buorfamke froeger, sy wenne skean tsjinoer ús op de Warreboskleane. Ik ha der wol ris húswarre krekt nei de oarloch. Har âlden wienen Eerde en Tsjits, freonen/buorren fan myn âlden. Sy kamen wol ris by mekoar op besite yn'e oarlochstiid. Eerde mocht graach fiskje froeger. Ik seach altyd hiel heech by dizze fisker op. Jellie wie in pear jier jonger as ik, sy wie net bang en buorte faak wol mei de jonges en sprong oer deselde sletten as wy. Doe't sy sa'n 12-13 jier âld wie, krige sy TB en moast sy nei in sanatoarium tichte by Hilversum. Doe't ik letter ûnderwizer wie op it eilân Rozenburg ha ik har ris opsocht yn't sanatoarium en doe ha wy it noch ris oer ús bernejierren hân. Sy wurde ynvalide foar it grutste diel fan har libben. Letter hearde ik dat sy troud wie en yn Grins wenne. Nei dy tiid ha ik nea wer wat fan of oer har heard ...oant ik seach dat sy ferstoarn wie nei in lang siik wêzen en in libben fan in protte lijen. Ik wie hiel bliid mei it tsjûgenis dat yn it advertinsje te lêzen stie. Jellie in no sûnder pine, sûnder mankement, sûnder lek of brek, en sy is no by Jezus. De tekst ùt Rom. 8 , fers 18 , stie moai boppe har advertinsje.

Har mem, Tjitske Bakker, libbet ek noch. Dy is ek al âld. Eerde en Tsjits ha tegearre in protte meimakke. Sy ha wol gauris in dea berntsje krigen froeger. Ik ha dokter Folkerts dêr wol ris wei kommen sjoen froeger, en efkes letter fertelde myn mem ús dat it wer mis gien wie mei it berntsje fan Eerde en Tsjits. It liket soms wol as kriget de iene mear te dragen as de oare. Dit pearke hat harren part wol hân.
Tsjitske is in dochter fan Koop Oenes Bakker (1866-1951) en Jeltsje Aizes van der Heide (1876-1943). Dizze Jeltsje wie in dochter fan Aize Franzes Bouius van der Heide (1833-1915) en Romkje Wybes Kootstra (1837-1916). Aize hie in broer Jan (1842-1929) dy't troud wie mei Elizabeth Rinzes Kooistra (1845-1910) dy't yn ús famylje sit. Aize en Jan wienen soannen fan Jeltsje Hindriks van der Heide (1812-1897) en sy wie in dochter fan Hindrik Aizes van der Heide (1788-1828) en Antsje Berends Tilstra (1788-1864). Hindrik en Antsje hienen ek in dochter Loltsje (1825-1886) dy't troud wie mei Rinze Klazes Kooistra (1819-1863). Harren soan Hendrik Rinzes Kooistra (1847-1917) wie troud mei Romkje Kornelis Buursma (1841-1929), de foarâlden fan myn heit.

Eerde Weening (1911-) wie in soan fan Andries Eerdes Weening (1887-1937) en Tsjitske Uilkes Bouius (1881-), en Andries wie in soan fan Eerde Freerks Weening (1840-1909) en Trijntje Kornelis Iedema (1845-1935). Dizze Eerde wie in soan fan Freerk Willems Weening (1798-1886) en Hebeltje Wiebes Pettinga (1796-1869), en hy hie ek in broer Wiebe Freerks Weening (1820-1900) dy't troud wie mei Sijke Fokkes Veenstra (1821-1900). Harren soan Freerk Wiebes Weening (1843-1925) wie troud mei Tietje Wiebes Kootstra (1844-1929) en dy krigen in soan Fokke Freerks Weening (1878-1958) dy't troud wie mei Trijntje Wobbes Bouma (1883-1950). Freerk Wiebes Weening hie in suster Sjoerdje [Sjutje] (1859-1937) dy't troud wie mei Hendrik Jelles Hamstra (1845-1892), in broer fan myn oerpake Pieter Jelles Hamstra (1849-1888) dy't troud wie mei Aaltje Johannes Kramer (1845-1928). Fokke en Trijntje hienen in soan Freerk (1913-1987) dy't troud wie mei Antje Sybryns van der Veen (1914-1994), dy't de âlden wienen fan de soannen dy't ik wol gauris neamd ha, û.o. Fokke, Sieb, Jan, Wobbe, ensf. Romkje Kootstra en Tietje Kootstra wiene susters, dochters fan Wybe Klazes Kootstra (1795-1865) en Trijntje Barelds de Jong (1804-1893). De Weening-famylje is in machtich grut laach wurden. In protte oare famyljes binne mar lytse beamkes bleaun, mar de Weening's foarmje gâns in bosk! En sa binne Eerde en Tsjits dus beide famylje fan ús, de iene fia de van der Heide's en de oare fia de Hamstra's. ‘k Tink net dat myn heit en mem dat ea witten ha, en Eerde en Tsjits fêst ek net.

Jelle yn Kanada