Doe't ik ris in kear by âlde Arie, in Hollânske emigrant en lid fan ús tsjerke stie te praten by syn skuorke, seach ik dêr in moai âld stukje ark hingjen. Ik bearde wakker en priizge it omraak. Yn ienen sei hy: 'Als je dat graag wilt hebben, mag dat best, hoor.' En doe sei hy der glimkjend efteroan: 'Een scharrelende Jood vindt nog wel eens iets.' Dat hie ik noch nea earder heard, mar it is wol wier, ek foar net-Joaden. Sa ha ik jierren lyn ris in moaie, âlde koperen ynstek tsjettel krigen fan Ieke van der Meer (1915-), dochter fan Sytze en Maai van Dellen. Ieke wennet yn in nij hûs wêr't froeger Japik Nink wenne yn in âld spultsje, op 'e hoeke fan de Ketting en de Warreboslaan. Ik hie yn't begjin fan de fyftiger jierren, krekt foardat wy nei Canada gienen, op'e sneup west by famylje lâns yn 'e Ham om in koperen tsjetteltsje. It wie op
neat út rûn. Dy selde jûns moast ik noch efkes om molke nei Ieke en har man Sjoerd van der Meer, en kaam sa ek efkes te praten mei Ieke. Ik fertelde har oer myn minne lok dy deis, en doe sei sy yn har gollens: 'Och, jonge, asto sa graach in koperen tsjettelsje ha wolst, der leit by ús wol ien op 'e solder. Dy meist do wol ha.' En sa seach dizze 'scharrelende' Fries syn winsk ferfolle op it aller ûnfer-wachts. It tsjettelsje stiet al jierren by ús yn 'e foarkeamer en hat wol faak oanlieding west ta fragen hoe oft de minsken dat nuvere ding brûkten froeger. In pear jier lyn ha ik noch ris by Ieke op besite west. Sy hat in ûnthâld as in almenak! Ik ken ek in protte minsken en wit ek aardich wat relaasjes yn de famyljes, mar ik stie fersteld fan Ieke. Alles stie har klear en dúdlik foar de geest, fernaam ik wol. Sa fertelde sy my ek wat meester Tjoelker ris sein
hie doe't twa fan de bern yn syn klasse wat meimakke hienen mei harren mem. Yn't iene gesin wie in jonge mem wer aardich opknapt thús kaam út it sikehûs, mar yn it oare gesin wie in jonge mem yn in oar sikehûs ferstoarn. Meester hie sein:' Ien gesin is bliid, it oare gesin is bedroefd. Lit ús bidde foar beide.' Sa probearre hy dy bern wat te helpen.
Ieke har mem, Maaike Nauta en myn mem, Trijntje Hamstra koenen ek hiel bêst opsjitte froeger. Der wurde wol gauris praat oer geastlike saken en ek wol oer de famylje fansels. De kompjûter fertelt my dat Ieke en ik dochs wol earne by mekoar komme en dat is dan fia de Kramer famylje oan mem har kant, en fia de van der Wijk famylje oan myn heit syn kant. Ieke (Ypkje) is de widdo fan Sjoerd van der Meer (1911-1984) dy't buorke mei syn sweager Ype van Dellen, broer fan Ieke. Dizze beide mannen binne al jierren wei. Ieke har âlden wienen Sytze Durks van Dellen (1875-1958) en Maaike Reinders Nauta (1878-1949), dochter fan Reinder Klazes Nauta en Ypkje Kobus Kooistra. Maaike hie earder troud west mei Edze Sints Ophuis dy't hiel jong ferstoar. Der wie ien jonkje, Reinder, dy't letter yn in karke ried mei in hardershûn der nêst. Reinder wie
kleanmakker en is 66 jier âld wurden. Ik ha net folle oer de Nauta-famylje om't dy famylje yn Grinslân wenne, mar wol oer Ypkje Kooistra. Sy wie de twadde frou fan Reinder en hie him kennen leard doe't hy yn 'e simmer yn har omkriten yn de gemeente Rauwerderhem wurke. Hy wie widner fan syn earste frou, ek in Ypkje, nammentlik Ypkje Geerts Smeding. Sy wienen troud in 1865, mar sy ferstoar foar 1874, want Reinder troude mei syn twadde Ypkje in 1874. Maaike wie in dochter fan de twadde Ypkje en wie berne yn Grinzer Pein wêr't it gesin wenne. In dochter Trijntje (1870-1935) fan de earste Ypkje wie troud mei Kornelis Andries van der Wijk (1867-1918) dy't in soan wie fan Andries Andries van der Wijk (1842-1868) dy't troud wie mei Romkje Kornelis Buursma (1841-1929). Andries ferstoar hiel jong en Romkje troude letter mei Hendrik Rinzes Kooistra (1847-1917), de pake en
beppe fan myn heit. Ik ha mar in stikmannich gegevens oer dizze van der Wijk-famylje. De âlden fan de twadde Ypkje wienen Kobus (Coop) Jetzes Kooistra (1816-1889) en Maaike Luitzens Schaap (1815-1854). Dizze minsken wennen yn de gemeente Rauwerderhem. Letter troude Kobus wer en wol mei Jantje Lolkes Ongeluk (1824-1898). 'k Tink dat Jantje dûbeld gelokkich wie doe't sy en Kobus man en frou wurden: sy troude en sy krige in oare famyljenamme. As in minske seit: 'Ik bin in Veenstra of in Jansma', klinkt dat hiel gewoan, mar as jo sizze moatte: 'Ik bin in Ongelok', dan heart dat al oars.
Ieke har man Sjoerd van der Meer kaam yn de famyljes Helmhout, Pietens, Kramer en Eilander. Ieke har heit Sytze hie in broer Tiemen (1868-1936) dy't troud wie mei Geertje Eilander (1867-1933) dochter fan Kees Eilander en Henderina Johannes Kramer (1840-1914), dy't in suster wie fan myn oer-beppe Aaltje Johannes Kramer fan 'e Ham. (1845-1928). Sa komme wy dus dochs wol by mekoar, mar it is net gewoan rjocht út. It giet wat krûm en wat oersiden bytiden. De van Dellen-famylje ha ik wol fierder útsocht. Miskien doch ik dy famylje letter wolris. Sa is't earst wol wer genôch.
Jelle yn Kanada