OP ZOEK NAAR ROOTS - 45


In snoek, in snoek, in barich yn 'e broek,
In snoek, in snoek, in barich yn 'e broek ...
Dat sankje - sûnder ein - wurde altyd song as ien fan de bern op ús buurtsje yn 'e sleat sitten hie en sompe trochwiet nei hûs slofte. De hiele keppel bern der efteroan en mar sjonge, lûd genôch om de memmen fan de hiele strjitte út 'e hûs te lûken en harren oan it tinken te bringen: 'Wa soe no wer yn 'e sleat sitten ha? Wa kriget hjoed de wiete bringst thús?'

Op in sneon yn 'e lette neimiddei hienen wy, de trije jonges by ús thús, al yn 'e tobbe west en wy hienen de skjinne skoalle klean eefkes oan dy't wy Moandei-temoarn oan ha moasten. 't Wie simmerdei en noflik waar. Heit wie thús en mem wie noch efkes nei de buorren om de iene of oare boadskip. Heit wie maklik en liet ús noch wol in skoftke boartsje mei de oare bern om ús hinne. Ik hie dy deis in moai dowenêst fûn mei in pear moaie aaien deryn en woe se noch graach ien kear sjen foar de snein. Oare bern gienen mei en de hiele kloft gie it lân fan Poppinga yn nei de beam wêr 't ik it nêst fûn hie. Ik klom gau yn 'e beam en liet de aaien ien foar ien efkes oan de jonges en famkes sjen. It siet yn in âlde wylch dy't wat skeef oer in smoarge dobbe groeide. Wat my nea earder bard wie, barde dy lette nei-middei. Ik glied út of stapte mis, en kwakte út de beam op 'e kop yn de stjonkende dobbe en ferdwûn efkes ûnder it einekroas. Ik baaide fluch nei de kant fan de dobbe, krûp der út, seach benaud en my skamjend om my hinne, en sette gau op hûs oan. Mar de hiele kloft kaam efter my oan en song it lietsje út folle boarst: 'In snoek, in snoek ...'. It selde sankje dat ik wol gauris meisong hie as oaren klets trochwiet op hûs oan setten. Dit klonk en fielde wol gâns oars. De skoech siet no oan de oare foet! It smoarge, stjonkende dridzige wetter pjutske ta de klompen út en it einekroas siet yn't skjinne hier. Ik stonk fan it fize wetter ... en sa gie de hiele optocht nei ús hûs. Ik tocht: 'k Hoopje dat mem noch net wer thús is. Heit is gâns makliker. Dat wie ek sa. Gau de wiete, smoarge bringst út, gau in amer fol wetter en opnij waskje ... wat skjin ûnderguod oan en fluch op bêd. Dy jûns ha ik gjin iten hân, mar fierder ek gjin brommen. Heit hat mem opheind, tink ik, en dizze ûnferwachte stoarm waaide rêstich út op in sigentsje, of leaver op in lege jongesmage..

Twa fan de sjongers yn myn optocht wienen Henk en Sake Elzinga, twillingen en buorjonges fan ús. Soannen fan Ridzerd en Ant. Henk en Sake wienen in jier âlder as ik. Wy ha in protte boarte mei dizze jonges dy't tegearre efterstefoaren prate koenen troch alle wurden om te draaien. In hiele keunst! Sa koenen sy geheimkes bewarje!

No seit de kompjûter dat Ridzerd en Ant beide fiere famylje fan ús wienen. Ridzerd fan myn mem har side, en Antsje fan myn heit syn side. Mar dat ha myn heit en mem nea witten, tink ik, en Ridzerd en Ant ek net. En dochs is it sa.

Earst Antsje (1895-1970) dan mar: Sy wie in dochter fan Klaas Karstes van Dellen (1852-1917) en Martje Hendriks Gorter (1856-1929). Martje wie in dochter fan Hendrik Klazes Gorter (1822-1888) en Ienje Lammerts Barma (1831-1864). Hendrik wie in soan fan Klaas Alberts Gorter (1764-1845) en Geertje Gales Staal (1784-). Mar Klaas wie earder troud west mei Aafke Gerbens (1774-1812) en hy en Aafke hienen in dochter Janke Klazes Gorter (1812-1893) dy't berne wie flak foar de dea fan har mem, en troud wie mei Kornelis Rinzes Buursma (1814-1881). Kornelis en Janke hienen in dochter Romkje (1841-1929) dy't troud wie mei Hendrik Rinzes Kooistra (1847-1917), en dat wienen de pake en beppe fan myn heit Hendrik Kooistra (1906-1994). Romkje hie earder troud west mei Andries Andries van der Wijk, dy't jong ferstoar. Sy hienen in soan Kornelis Andries van der Wijk dy't troud wie mei Trientsje Nauta. Fierder wit ik fan dy takke net folle. Miskien kin ien my helpe mei wat gegevens oer dy van der Wijk-famylje. Twa kin faaks mear as ien.

No Ridzerd noch: Ridzerd (1897-1975) wie in soan fan Sake Ridzerds Elzinga(1855-1944) en Janna Ytzens Drost (1845-1941). Janna, dochter fan Ytzen Geerts Bakker (1799-1882) en Maria Elizabeth Jans Drost (1813-1898), hie in broer Geert Ytzens Drost (1846-1896) dy't troud wie mei Hiske Johannes Kramer (1844-1903). Dizze Hiske wie Hiske-muoi yn ús famylje om't sy in suster wie fan Aaltsje Johannes Kramer (1845-1928) dy't troud wie mei Pieter Jelles Hamstra (1849-1888). Pieter en Aaltsje wienen de pake en beppe fan myn mem, Trijntje Hamstra (1912-1995), en sa komme dus myn mem en Ridzerd by mekoar yn 'e famylje. Sake en Henk, de twillingen, wisten ek net dat dizze wiete snoek, fiere famylje fan harren wie. Miskien hienen sy dan net sa lûd song op dy moaie neisimmerdei.

Jelle yn Kanada