Ik wie noch mar in lyts bûkemantsje yn 'e oarlochstiid en wy wennen op 't Fean. Sa no en dan gie ik wolris nei myn pake en beppe Kooistra dy't op 'e hoeke fan de Boskwei en de Drifte wennen, flak ûnder Droegeham. Dat wie in hiel ein rinnen, foaral foar in jonkje allinnich. Ik moast myn mem earst dúdlik fertelle hoe't ik reizgje soe: by dokter Folkerts lofts ôfslaan, dan by de toer lâns, dan op nei Blauhûs, by Evert van Wieren syn pleats lâns, dan by 'Oranjeboom Bieren' rjochts ôf, dan in lyts eintsje op 'e Betonwei, dan lofts ôfslaan by in bakkerij, op nei Meint Talma, dêre de sânreed yn en dan op it hûs fan pake en beppe oan. It wie in hiele reis, sa te foet, en ûnderweis wienen der fan alderhande dingen dy't in jonkje bang meitsje koenen: der wienen hûnen, grutte jonges, hynders, it ûnsekere fan 'bin'k noch wol op 't rjochte
spoar', of 'wat soe der efter dy dykswâl sitte', ensf. 'k Wie dan ek altyd bliid as ik by pake en beppe en tante Janke yn 'e feilige stookhutte siet. It wie dêr altyd sa smûk.
No krige ik lêstendeis in faks fan Rienk de Boer dy't yn dy bakkerij wennet wêr't ik dan lâns stapte. 'k Ha no ûnderwylst al in pear kear mei Rienk en syn suster Riekje praat en dy koenen myn pake en beppe en oare famylje ek skoan. Rienk stjoerde my ek in advertinsje oer it ferstjerren fan Anna van Minnen dy't 101 jier wurden is. Sa bliuw ik moai op 'e hichte fan 't spul.
Rienk mei ek wol graach wat âlde dingen útplúzje oer syn famylje en hy hat ek al moai wat nammen by mekoar skarrele. Doe't hy my fertelde wa't syn pake en beppe wienen, bin ik efkes nei de kompjûter gien en dêr stie samar yn ien kear Rienk syn hiele foargeslacht flak foar my op it byld fan de kompjûter. Klaas Bekkema út Drachten, ek in hiele betûfte sneuper, hat in boek skreaun oer de Rottefalle 'De Rottefalle troch de ieuwen hinne' en dêryn stean in nustje stambeamkes, û.o. ek fan Bareld Rienks de Boer. En dat is it selde laach wêr't Rienk fan ôfstammet. Klaas en ik ha wol gauris mei mekoar praat en ús famyljes komme by mekoar yn Antje Gooitzens Nicolai (1777-1846). Famyljes steane soms fersteld as sy hearre dat harren famylje al útsocht is. Sa krige ik froeger fan myn tante Janke Kooistra út 'e Ham in lyts boekje oer de
Nicolai-famylje. Dat boekje hiet: 'Onze Voorouders: wie het waren en waar ze woonden', skreaun troch S.P. Nicolai. ús foargeslacht wurdt dêr ek yn neamd. 'k Bin der noch tige wiis mei.
Doe't ik Rienk syn namme-spul wat trochnaam en hearde dat der in Gaatze en in Lieuwkje yn de famylje sieten, tocht ik fuort oan myn freon Koos Smid by Hamilton. Koos of Folkert, komt út Kollumersweach en hy hat dy nammen ek yn syn famylje. Doe't ik dy wat presizer nei seach, bliek dat Koos en Rienk famylje fan mekoar binne. Sy sille mekoar wol net kenne, mar dat is wol faak sa. As ik oan Koos tink moat ik altyd wat glimkje om't Koos froeger noch al gauris de útdruk-king 'as in hynder' brûkte. Koos wurke as in hynder, hoaste as in hynder, switte as in hynder, rûn as in hynder, ensf. Dat hear ik no nea mear fan him. It wie doedestiids wol ris in bytsje fermaaklik.
Hoe komme Rienk en Koos no by mekoar?
Rienk (1949-) is in soan fan bakker Anne de Boer(1920-2000) en Lieuwkje Gaatzes Bosma (1918-1997). Anne wie in soan fan Rienk de Boer (1882-1967) en fan syn twadde frou Riekje Jacobs Storm (1881-1945), dy't al widdo wie fan Andries Mulder (1877-1910). Rienk syn earste frou Reinou Wiersma (1884-1911) ôfkomstich út Rauwerd, wie al ryklik gau stoarn nei de befalling fan it earste bern, Jelle de Boer (1911-1981). Rienk wie in soan fan Barteld (Bareld) Jans de Boer (1827-1907) en Antje de Vries (1846-), en Barteld wie in soan fan Jan Barelds de Boer (1801-1875) en Jinke Johannes Kuipers (1800-1863). Dizze famylje brûkte beide nammen, Bareld en Barteld, wol foar de selde persoan. In pake/beppesizzer fan Jan en Jinke, nammentlik Jinke Rienks de Boer troude mei Gooitzen Pieters Nicolai yn 'e Ham. No efkes werom nei Lieuwkje Bosma: sy wie in dochter
fan Gaatze Jacobs Bosma (1871-1938) en Antje Tjibbes Wagenaar. Gaatze wie in soan fan Jacob Gaatzes Bosma (1840-1900) en Hinke Tjipkes Zuidema (1840-1915). Dizze Jacob hie in dochter Jitske Jacobs Bosma (1865-1941) dy't troud wie mei Folkert Aukes Smid (1864-1945). Dy minsken wennen yn Kollumersweach en hienen in soan Femme Smid (1904-1964) dy't troud wie mei Tjitske Heines van Althuis (1905-), dochter fan Hein Lammerts van Althuis (1879-1962) en Hiltje Dirks Brouwer (1886-1978). Koos is harren soan. Riekje, Rienk syn twadde frou, wie in dochter fan Jacob Jelles Storm (1856-1939) en Aaltje Roels van der Veen (1853-1935), en dizze Jacob wie in soan fan Jelle Sjoukes Storm (1819-1890) en Trijntje Jacobs Brouwer (1827-1859). Fia dizze Jelle Sjoukes Storm, dy't twa kear troud west hat, kinne jo linen lûke nei in protte famyljes, û.o. Bruining, Kielstra, en Bijma. De
Storm-famylje is ek in grut geslacht wurden. Rienk syn faks oer Anna van Minnen hat my in protte nije tinzen joen.
Jelle yn Kanada