OP ZOEK NAAR ROOTS - 47


Yn September ha myn broer Sjirk en syn frou Klaasje in moaie reis makke nei Dútslân en ek nei Fryslân. Sy binne krapoan in wike yn Drachten west by ús âldste broer Rinze en syn frou Boukje. Sjirk en Klaasje ha it geweldich nei't sin hân. Wylst wy lêstendeis sa nei harren ferhalen oer dy reis sieten te lústerjen, frege ik Sjirk in pear dingen oer't Fean en ek oft hy ek noch âlde bekenden sjoen hie. Sa wurde û.o. Joop Atsma ek noch neamd en ek syn omke Rypke Atsma. Wy ha noch in hiele moaie foto fan de 'knapenvereniging' fan de Grifformearde Tsjerke fan 't Fean wêr't myn broer Rinze en ik ek op steane. En dêr stiet Rypke ek op. 'k Tink dat dy foto yn in protte gesinnen te finen is. Dy foto wie nommen krekt nei de oarloch.

Doe't Klaasje ús sa praten hearde en de nammen Rypke en Atsma hearde, sei sy min of mear ferheard: 'Dy nammen sitte ek yn myn famylje. Oan myn mem har side hie ek in âlde oerbeppe Atsma dy't froeger yn Eastermar wenne hie'. No moat ik eefkes sizze dat Klaasje berne is yn Lekkum en dat har âlden froeger ek yn Langezwaag, Hempens, Oldeberkoop en Noordwolde wenne hienen, en jo soene net sa gau tinke dat sy famylje hie yn Eastermar. Wy seagen dy jûns it ferbân fuort net sa dúdlik.

Ik hie al gau in stukje papier op 'e knibbel en Klaasje oant opneamen fan nammen fan har âlden, har omkes en muoikes, pakes en beppes, en ja, dêr wie it al sa: har oer-pake en beppe wienen Sybren Walles de Vries en Heiltje Tjerks Atsma. Sy neamde alderhande nammen op dy't gelyk wienen: Rypke, Heiltje, Tjerk, Tjitske. It klonk wol aardich gelyk.

Doe't ik Rypke Atsma syn famylje letter wat fan tichteby beseach yn 'e kompjûter duorre it net lang en doe hie ik Klaasje en Rypke al by mekoar. Dy twa kenne mekoar net fansels, mar sy komme wol út it selde nêst. Ûnderwylst ha ik ek al eefkes mei Rypke skille en ek mei Doutzen Kooistra-Atsma út Burgum, dy't ek fiere famylje fan Klaasje en Rypke is. Rypke fertelde my ek dat syn mem Frijkje Buma hiet en dat sy in lytsdochter wie fan Frijke Dictus Benedictus. Doe gienen der noch mear ljochtsjes op. Want dizze Frijke wie in suster fan Loltsje Dictus Benedictus, dy't troud wie mei Sjirk Kornelis Franken. Sjirk en Loltsje wienen de âlden fan myn beppe Hiltje Franken (1878-1948) dy't troud wie mei myn pake Rinze Kooistra (1875-1946). En sa is dit sirkeltsje ek wer rûn, en sa binne Klaasje en Rypke en ik dus famylje fan mekoar, eat dat wy in moanne lyn net wisten of ea tocht hienen: Klaasje en Rypke fia de Atsma's en Rypke en ik fia de famylje Benedictus.
Hjir folget presiis hoe dat yn mekoar sit.

Klaasje Koopmans (1938-) is in dochter fan Eling Koopmans (1907-) en Gezina de Vries (1913-) dy't in dochter is fan Walle Sybrens de Vries (1886-) en Jitske Geerligs (1886-). Walle wie in soan fan Sybren Walles de Vries (1855-) en Heiltje Tjerks Atsma (1859-) dy't in dochter wie fan Tjerk Rypkes Atsma (1832-1889) en Willemke Pieters Buma (1833-1891). Tjerk wie in soan fan Rypke Tjerks Atsma (1794-1881) en Tjitske Jans Postma (1808-1862).

Rypke (rûn 1930-) is in soan fan Johannes Atsma (1898-1968) en Frijkje Pieters Buma (1900-1991), en Frijkje wie in dochter fan Pieter Alberts Buma (1870-1907) en Trijntje Klazes Postmus (1870-). Johannes Atsma wie in soan fan Jan Jans Atsma (1870-1940) en Doutzen Johannes de Boer (1875-1939). Jan Jans Atsma wie in soan fan Jan Rypkes Atsma (1835-1911) en Lysbert Jans Bijker (1835-1884), Jan Rypkes wie in soan fan Rypke en Tjitske, niiskrekt al neamd by Klaasje .

Noch efkes tebek nei Rypke syn beppe Trijntje Klazes Postmus en sjen hoe't ik der ek by pas. Dizze Trijntje wie in dochter fan Klaas Hendriks Postmus (1814-1876) en Frijke Dictus Benedictus (1832-1909). En Frijke wie de âldste suster fan Loltsje Dictus Benedictus (1838-1909) dy't myn oerbeppe is. Ik seach ek noch dat Jan Rypkes Atsma (1835-1911) earst troud west hat mei Tjitske Gaeles Couperus (1833-1861) dy't in dochter wie fan Gaele Johannes Couperus en Aafke Gooitzens Luimstra. Oer dizze famylje Couperus ha ik al ris in stukje skreaun yn ferbân mei de Beerda famylje. Rypke stiet dus tusken Klaasje en my yn: sy is famylje troch de Atsma's en ik troch de Benedictus famylje. 'k Tink dat it hiele Fean hast famylje fan mekoar is, en Droegeham ek. En oare plakken ek fansels.

Jelle yn Kanada