OP ZOEK NAAR ROOTS - 50


Der giet hast gjin wike foarby dat der net in brief of in e-mail ús hûs binnen rûgeljen komt dy't my wer nije rjochtlinen jout. Dat betsjut net dat ik eltse brief fuortendaliks beäntwurdzje kin fansels. Soms nimt it wiken foardat ik de nedige gegevens wat fersammele ha dy't ik ha moat om de hoas ôf te breidzjen. En ... altemets giet it hiel fluch en maklik. Sa krige ik lêstendeis in moaie brief yn keurich hânskrift fan Baukje van der Wijk-van der Zee út de Drachtster Kompenije mei in pear fragen oer de famylje Kootstra dy't ik al ris neamd hie. Sy joech my ek wat nije gegevens oer de famylje van der Wijk. It bliek dat Baukje de stukjes yn de Feanster ek lêst en sy ferhelle ek dat sy sels ek al hiel wat út socht hie oer har famylje en dy fan har man. It liket my ta dat sy aardich betûft is yn dit wurk.

Ik ha mei Baukje praat en dan komt faaks it iene fan it oare. Har man Haye van der Wijk hat jierrenlang direkteur west fan de Rabobank yn Stiensgea, mar wurdt no ferplege yn it Wilhelminaoord. Haye is berne in 1925 en is in soan fan Lieuwe van der Wijk (1898-1963) en Imke Oldenburger (1901-1988). En it wie it neamen fan de namme Imke dat my oan it tinken sette en dat is eins de reden ta dit stukje foar OP ZOEK NAAR ROOTS. Baukje neamde nammentlik dat der yn de Kompenije minsken wennen dy't in Imke-muoi yn de famylje hienen. No frege sy oft har skoanmem Imke en dy âlde Imke-muoi fan in sekere Eerde Kalsbeek, har froegere doarpsgenoat, miskien famylje fan mekoar wienen. Sy neamde ek noch dat Eerde syn soan Willem troud wie mei Truike Bakker en dat dat miskien ek noch wol ris famylje wêze koe fan Tsjitske Koops Bakker, frou fan Eerde Weening en mem fan Jellie Weening wêr't ik okkerdeis ris in stukje oer skreaun ha. De kompjûter is myn handich feintsje yn dizze puzels en dan foaral it HAZA DATA programma foar stambeam/sibbekunde ûndersyk.

Hoe komme no Eerde Willems Kalsbeek (1959-) út de Kompenije en Baukje har man Haye van der Wijk eins by mekoar. Ik neamde al dat Haye in soan is fan Lieuwe en Imke. Dizze Imke wie in dochter fan Bareld Halbes Oldenburger (1876-) en Sjoukje Hayes Postma (1877-), en Sjoukje wie in dochter fan Haye Rienks Postma (1852-1924) en Imke Eerdes Postma (1856-). Dizze Imke wie in dochter fan Eerde Eelzes Postma (1821-1905) en Antje Hendriks Rinzema (1825-1905). Imke hie in suster Antje (1868-1955) dy't troud wie mei Jelle Martens Kalsbeek (1857-1918). Dizze Jelle en Antsje hienen sân bern en de middelste dêrfan wie Eerde Jelles Kalsbeek (1901-) dy't troud wie mei Taapke Willems van der Veer (1908-). Eerde en Taapke krigen tsien bern, en ien dêrfan wie Willem (1931-) dy't boaske mei Truike Bakker (1933-). Truike is in dochter fan Aize Koops Bakker (1904-) en Trijntje Annes Veenstra (1910-). Aize syn suster Tsjitske Koops Bakker wie troud mei ús froegere buorman op 't Fean, Eerde Weening (1911-) en dus de mem fan Jellie Weening. Willem en Truike hienen twa jonges: Eerde en Aize. Eerde ha ik al eefkes neamd. Aize, berne yn 1962, is jong ferstoarn yn 1993, noch mar goed tritich jier âld. De sinne skynt net altyd yn ús libben.

In dochter fan Haye en Baukje út de Kompenije, Jeltje, is troud mei Wietze Reitsma, soan fan Eerde Reitsma en Ieke de Jong. Dizze Eerde is in soan fan Bindert Reitsma en Sjoerdje Eerdes Weening, en Sjoerdje wie in suster fan Andries Eerdes Weening, de pake fan de niis neamde Jellie Weening. Dat wie der eefkes tusken troch.

No witte wy dus hoe't Eerde en Haye by mekoar komme yn it hûs fan Eerde en Antsje dy't in 1851 trouden yn Bûtenpost.
(Fia in suster fan dizze Antsje, nammentlik Lysbert (1831-1894) en har man Pier Metskes van der Wal (1822-1887), wie myn omke Sjirk Kooistra (1904-1991) út Droegeham troch syn frou Tiete van der Wal ek famylje fan dizze minsken.)

Noch eefkes werom nei Bareld Oldenburger (1876-). Hy wie in soan fan Halbe Barelds Oldenburger (1842-1910) en Jeltsje Hayes Postma (1843-1880). Dizze Jeltsje wie in dochter fan Haye Kornelis Postma (1802-1881) en Hiltsje Roels Poelstra (1805-1892). No is dit allegearre famylje yn mekoar om want Jeltsje (1843-1880) har broer Rienk Hayes Postma (1830-1864) wie troud mei Sjoukje Barelds de Jong (1828-1865). Rienk en Sjoukje wienen de âlden fan Haye Rienks Postma dy't troud wie mei Imke Eerdes Postma wêr't wy niiskrekt mei begûn binne. Sjoukje Hayes [Rienks] Postma wie dêrom in efternicht fan Jeltsje Hayes [Kornelis] Postma, de mem fan har man Bareld Halbes Oldenburger. De famyljes moatte it sels mar ris fierder útsykje. Jo meie wol in ûnthâld ha as in almenak.

Jelle yn Kanada