OP ZOEK NAAR ROOTS - 51


Lêstendeis wie ik op húsbesyk by Maaike de Jong-Kloosterman (1925-), berne yn Aldegea, yn Smellingerlân. Har man Sjoerd de Jong (1923-1998) kaam dêr ek wei. Sy hienen in grutte húshâlding mei 13 bern. Maaike hie it Kloosterman-boek yn 'e keamer lizzen en dat ha ik gau efkes troch blêde. Ik seach doe ek dat de measten fan dizze minsken út Garyp kamen. Wylst ik dat sa troch seach, foel myn each op in sekere Gooitske Abrahams Kloosterman (1927-), dy't troud is mei Gooitzen van der Veen (1929-) út 'e Ham, en dat die my tinken oan myn berteplak fansels. No blykt dat Gooitzen in soan is fan Pieter Siemens van der Veen (1900-) en Aukje Gooitzens Nicolai (1904-), dy't beide út 'e Ham kamen. As ik de namme Nicolai sjoch gean myn eagen in bytsje wider iepen. No bliek dat Aukje in dochter wie fan Gooitzen en Jinke, dy't fiere famylje fan my binne. Myn mem is berne yn in hûs flak by Gooitzen Pieters Nicolai (1870-1918) en Jinke Rienks de Boer (1871-) dy't froeger efter de Hamster toer wennen yn in moaie âlde pleats. Ik fûn ek út dat Gooitzen van der Veen in broer Jetze (1928-) hat dy't flak by it Stynsger Tiltsje wennet. Dêr rieden wy froeger ûnder troch op 'e redens as it iis sterk wie yn 'e Feanster feart. Fan Jetze en syn frou Ruurdina (1933-) krige ik fierdere gegevens en mei wat ik al yn de kompjûter hie, fûn ik út dat Jetze en ik famylje fan mekoar binne fia de van der Veen's en de Nicolai's, mar ek fia de Hamstra's om't Jetze syn broer Liekele mei Houkje Hamstra, dochter fan Sjoerd en Anna, troud is. Jetze komt ek yn de Luimstra famylje telâne, nammentlik by Teike Pieters Luimstra (1860-). En syn frou Ruurdina de Boer komt dêr ek út. Sy is neamd nei beppe Ruurdsje Pieters Luimstra (1828-1896). Ruurdsje en Teike binne susters.

No earst werom nei Jetze. Hy is dus in soan fan Pieter Siemens van der Veen en Aukje Gooitzens Nicolai. Pieter wie in soan fan Jetze Klazes van der Veen (1871-1919) en Teike Pieters Luimstra. Jetze wie in soan fan Klaas Jetzes van der Veen (1837-1902) en Hendrikje Filippus Hofstede (1844-1927) en Klaas hie in broer Jan Jetzes van der Veen (1842-1923) dy't troud wie mei Sytske Jelles Nicolai (1841-1907). Sytske kaam út de Pein en wie in suster fan Pieter Jelles Nicolai (1835-1903) dy't troud wie mei Hinke Gerbens Folkertsma (1832-1906). Harren soan Jelle Pieters Nicolai (1862-1902) wie troud mei Trijntje van der Iest (1861-1944) en dizze minsken wienen de âlden fan myn beppe Hinke Nicolai (1888-1918) dy't troud wie mei Jelle Pieters Hamstra (1884-1942). Beppe Hinke stoar yn de Spaanske Gryp yn 1918. Dizze Jelle en Hinke wienen de âlden fan myn mem Trijntje Hamstra (1912-1995). Ik leau dat myn beppe Hinke as jong faam tsjinne by Jetze en Teike yn 'e Ham of by famylje dêrfan. Sy kaam fan 'e Pein, mar de famylje van der Veen wie fiere famylje. Yn 'e Ham trof sy myn pake Jelle, en al gau wurde dat in spantsje, en letter wurden sy myn pake en beppe.

Ik neamde al earder dat Teike Pieters Luimstra en Ruurdsje Pieters Luimstra susters wienen, beide dochters fan Pieter Siemens Luimstra (1828-1896) en Aukje Pieters van der Berg (1831-1897). Dizze minsken kamen fan 't Fean, mar ha ek yn Harkema wenne. Pieter wie boer en wie in soan fan Siemen IJes Luimstra (1790-1874) en Beitske Meines Boetes (1799-1865) fan 't Fean. It falt my eltse kear wer op hoe't de nammen altyd mar werom komme, lyk as, bygelyks, by Jetze en Ruurdina van der Veen. Dizze minsken ha 4 bern: Engelina, Aukje, Pieter en Simon. De namme Pieter giet werom nei âlde pake Pieter Luimstra fia Jetze, en Simon giet werom nei âlde Siemen Pieters Luimstra. Hjoed de dei is dat oars. No krije de bern de nammen fan sportminsken, of fan filmstjerren, of út de Bibel. Hûndert jier fierder giet genealogy net sa maklik as hjoed, tinkt my. Net sa lang lyn wie it maklik: fan heit syn side: earst heit, dan skoanheit ferneame; foar mem har side: earst har mem, dan skoanmem ferneame. Myn heit, Hendrik Kooistra, hie 3 jonges en alle trije krigen sy as earste bern in soan, trije jonkjes binnen it healjier. Ús soan wie de lêste fan de trije jonkjes. Sjirk neamde syn soan Henry, en Rinze neamde syn soan Hendrinus. Beide dus nei pake Hendrik. Om't wy krekt efkes letter wienen, skreau ik in brief nei hûs en fertelde dêryn dat Ali en ik der wolris oer tochten om, yn gefal it ek in jonkje wie, him miskien in oare namme te jaan. ,Wat tinke heit en mem dêrfan?' fregen wy. De brief kaam yn Drachten oan en ús heit, dy't altyd maklik sliepe koe, koe dy nachts net sliepe. It woe net. Hy wuolle mar om, wie ûnrêstich en koe deagewoan net sliepe. Op't lêst frege mem him: ,Kinst net sliepe, Hindrik? Wêrom net? Wat is der?' Doe kaam it antwurd: 'Wat soe Jelle op my tsjin ha?'

Mem hat ús gau in briefke skreaun en doe't in goed wike letter ús jonkje berne wurde, ha wy him de moaie namme fan Henry joen. Gelokkich al. Heit wie wol sa bliid! Yn 'e tiid fan in healjier trije kear ferneamd!

Ali's Beppe Jetske van der Land wurde tsien kear ferneamd: Tsien lytse Jetskes! Jetske's Tsiental! Dat stiet beskreaun yn myn boekje oer dizze Beppe Jetske van der Land. Ien dêrfan is Ali's suster Jetske, dy oare njoggen binne har nichten.

Jelle yn Kanada