Doe't ik in jonkje wie fan sa'n tsien jier, binne der twa dingen op 't Fean bard dy't in grutte yndruk op my makke ha. Jo kin se hast fergelykje mei de begraffenis fan John F. Kennedy en de trouwery fan Prinses Diana en Prins Charles fan Ingelân. Teminsten sa like dat yn myn berne eagen. Yn 1944 is Taeke Schuilenga, de wolbekende bakker fan't Fean, op in gemiene en wrede manear deasketten troch de Dútsers. Dat wie in hiel grut en ôfgryslik barren yn myn eagen. En noch grutter wie de begraffenis fan dizze stille freon fan my. Hy wie ommers de freonlike bakker dy't der foar soarge dat de grutte minsken my, in lytse jonge, net oan kant treaunen Saterdeimoarns by de doar fan syn winkel. Dizze man wurde begraven op't Fean. Wat in minsken stienen der oan beide siden fan de Kolk al hielendal fan de âlde Grifformearde Tsjerke fier de toer foarby. It
wie swart fan yn't swart klaaide minsken. Ik sjoch noch de lange stoet foarby gean, hiel stadich en steatlik. Ik tocht dat it in keninklike begraffenis wie. It wie in bange tiid. Wat in minsken stienen dêr te gûlen en drôvich te sjen. Ik stie op it hoekje wêr't froeger Pol syn drukkerij hie, op 'e hoeke fan de Slotstrjitte en de Kolk. In goed heal jier letter wie der wer in grut barren. Doe sieten wy yn de Grifformearde Tsjerke op 'e Dellen en de tsjerke wie wer stampfol. Ik wit net werom ik dêr by wie. Ik wie mar in earm jonkje en sil wol net útnoege west ha, tink ik. Miskien wie it wol op in Sneon of in Snein, dat wit ik net mear. Foar my wie it krekt of troude der in prinses. Treffend wie it. Ik sjoch Jelte Strampel en Akkie Schuilenga noch dúdlik stean foar de preekstoel. Foar my wie dat wol wat mear as gewoan.
Dizze dingen kamen my yn 't sin doe't ik it Kloosterman boek seach en dêr de namme Strampel yn fûn. Ik ha dat doe wat better besjoen en ja, der fûn ik de nammen fan Akkie en Jelte as âlden fan Djoerd (George) Strampel (1951-) dy' troud is mei Aaltje (Alie) Tjeerdsma (1951-). Alie is in dochter fan Jan Tjeerds Tjeerdsma (1918-1998) en Aukje Eelkes Kloosterman (1924-), dy't út Garyp komme.
No fertelt de kompjûter my dat Akkie en ik by de selde foarâlden út komme en wol by Bouwe Franzes Postma (1742-1822), dy't froeger slachter op't Fean wie en by syn frou Hiske Jacobs van der Ploeg (1753-1822).
Ik haw yntusken mei Alie Tjeerdsma praat en bin in stik wizer wurden oer har famylje en ek oer de Strampel famylje. Sy stjoerde mei in pear hiele moaie foto's fan it Schuilenga gesin fan 1930 en fan 1946, en ek in moaie foto fan it personeel fan de bakkerij fan 1946. Ik herken mar in pear minsken op dizze lêste foto. Gjin wûnder. Dat giet ek in hiel ein tebek.
Akkie is dus ien fan de tsien bern fan Taeke Schuilenga (1878-1943) en Engeltje Bos (1881-1940). Taeke wie in soan fan de houthandeler en kûper Djoerd Jans Schuilenga (1851-1940) en Elizabeth Taekes Postma (1849-1903). Dizze Elizabeth wie in dochter fan bakker Taeke Harms Postma (1817-1899) en syn frou Janke Reinders Kloosterman (1819-1896). Taeke wie in soan fan Harm Bouwes Postma (1787-1863) en Elizabeth Thomas Brouwer (1788-1853). Harm wie slachter en keapman op't Fean, en in soan fan slachter Bouwe Franzes Postma en fan Hiske Jacobs van der Ploeg. Dizze lêste minsken hienen ek in dochter Trijntje Bouwes Postma (1778-1853) dy't troud wie mei de turfskipper Alle Johannes Kramer (1773-1845) dy't ferstoar yn syn skipke dat yn de haven fan Oudeleije by Finkum lei. Dizze minsken hienen in soan Johannes Alles Kramer (1810-1886), ek seeman en
skipper, dy't troud wie mei in Brabânsk famke Theodora Pieters de Brouwer (1809-1886). Sy hienen fiif bern: Trijntje, Hiske, Aaltje, Henderina, en Alle. Aaltsje (1845-1928) tsjinne as faam yn 'e Ham en trof dêr de jonge postrinder Pieter Jelles Hamstra (1849-1888). Dy krigen in soan Jelle (1884-1942) dy't letter troude mei Hinke Jelles Nicolai (1888-1918). Dizze Jelle Hamstra wurke foar boeren yn 'e Ham en hat ek jierrenlang by't simmer by boeren op 'e klaai wurke. Letter hie hy syn eigen spultsje op 'e Ikkers ûnder Droegeham. Jelle en Hinke wurden de âlden fan myn mem Trijntje Hamstra (1912-1995). En sa binne Akkie en ik dus fiere famylje fan mekoar. It kin frjemd rinne yn it libben en yn'e wrâld. Alde Taeke Schuilenga wist net dat hy en ik by deselde minsken út komme, mar dochs holp hy my moai doe't ik wol ris bang wie. Dat die hy om't hy in goede man wie en
gjin brikens en ûnrjocht sjen koe. Dat sil him ek it libben wol koste ha. It minskdom kin wreed wêze. Dat wy allegearre mar mear nei frede stribje meie, en dan foaral nei de frede dy't allinnich it berntsje yn de krêbe jaan kin: frede yn it herte en Frede op Ierde.
Jelle yn Kanada