Sa'n 55 á 60 jier lyn stapten wy as bern op âldjiersjûn nei tsjerke en krigen dan in preek dy't spruts oer it jier dat omtrint foarby wie. It wie faaks wol in tsjinst mei in bytsje in aparte, melankelike sfear fûn ik altyd. Dat kaam foaral om't it wat in besûndere jûn wie. Mar miskien ek wol wat om't jo ek de earste oaljebollen rûke koenen yn de tsjerke. As wy dan nei de tsjinst nei hûs stapten rûkten wy noch mear oaljebollen. De lucht kaam ús temjitte út ferskate huzen. 'k Tink net dat dat hjoed noch sa is. Jo kinne hjoed-de-dei de oaljebollen al hiel reemakke keapje by de bakker, en jo rûke se ek net mear by de hûzen om't de auto's har eigen luchtsjes út de útlaat jouwe. Neijiersmoarn wie ek oars as gewoan: it begûn mei mekoar nijjier ta te winskjen, dan nei tsjerke om in preek dy't foarút wiisde, en dêr yn 'e tsjerke krigen
we ek wer mear oaljebollen-luchtsjes fan minsken dy't goed har bêst dien hienen in protte fan dy lekkere dingen nei binnen te skowen. De lucht siet de minsken gewoan yn'e klean, yn't hier, en it siet ek yn 'e tsjerke!
Nei tsjerktiid gienen wy dan altyd nei ús buorlju om neijier te roppen. Dat wie feest! Wy krigen dan in sint, soms in stoer, en in inkele kear in dûbeltsje. By guon minsken ek wolris in oaljebol of in apel. Hjoed-de-dei wit ik noch skoan dat it by ús buorman Eerde Weening altyd in toer wie om him it nijjier ôf te winnen. As lyts jonkje stie ik dan klear om 'lokkich nijjier' te sizzen sadree as de doar iepen gean soe, mar hy wie my wolris wat te fluch ôf. Dan wie hy earst! En dan sei hy mei in glimke: 'No moast my wat jaan, Jelle, want ik ha it wûn!' Dat wie eins ek sa, mar dat hoegde net fansels. Hy die dat om my in bytsje te pleagjen.
Grutte minsken gongen ek wol te nijjier roppen. Der wie ien man út Harkema dy die it eins it hiele jier troch, en gyng dan fan doarp nei doarp, en fan doar nei doar. Ik seach him wolris ús skoalle foarby gean midden yn'e simmer en dan rôp hy noch: 'Folle lok en seine yn't nije jier'.
In pear moanne lyn ha ik in pear stukjes skreaun oer dat famke út Drachten dat froeger omtrint ferdronken wie yn de Drachtster Feart. Ik ha krekt lyn noch efkes mei Jan en Griet Boonstra oan't e-mailen west en doe hearde ik dat Helena harren al twa kear in brief stjoert hie en dat der dus kontakt is tusken rêder en drinkeling. No krige ik lêstendeis in moaie krystkaart fan myn freon Siete de Jong út Gruttegast. Siete, dy't polysjeman west hat, skreau oer Helena en neamde sa: ,Dat famke út Drachten en ik binne famylje fan mekoar'. Dat hoopje ik aansen út
te lizzen. Siete en ik bin ek famylje en wol fia syn mem dy't by de Eilanders en Drosten útkomt. Dêr kom ik ek telâne. Ik lis no earst út hoe't Siete en ik by mekoar komme en dan ek noch efkes hoe't Siete en Helena ferbûn binne.
Siete (1933-) is troud mei Wietske van Hoorn (1934-), suster fan Mientje dy't troud wie mei Tamme Storteboom (1930-1997), dy't in broer wie fan Boukje frou fan myn broer Rinze. Siete is in soan fan Aise de Jong (1907-1991) froegere bank-direkteur en dy't berne wie yn Grinzer Pein. Hy wie troud mei Froukje Eilander (1910-1989) dochter fan Johannes Eilander (1877-1953) en Betsje Pool (1878-1961). Troch Betsy har mem Froukje Drost (1857-1938) komme jo yn'e Anne Jaspers Pool- famylje, mar troch Betsy sels yn de Eilander-famylje. Myn mem Trijntje Hamstra (1912-1995) wie famylje fan al dat folk fia har beppe Aaltsje Joh. Kramer (1845-1928). Dy har suster Hiske (1844-1903) wie troud mei Geert Ytzens Drost (1846-1896), en har suster Henderina (1840-1914) wie troud mei Kornelis Eilander (1840-1926). Henderina wie berne yn it turfskip fan har âlden wylst
dat by Beets yn 'e feart lei te dobberjen en te wachtsjen op turf. Dus allegearre famylje yn mekoar om.
Siete syn heit wie dus Aise, en dy wie in soan fan Siete de Jong (1865-1952) feeboer yn 'e Grinzer Pein en fan Sjoukje Heidsma (1869-1952). Dizze Siete wie in soan fan Aise de Jong (1816-1872), arbeider yn 'e Tieke, en fan Tjettje Pieters Lindeboom (1836-1904). Tjettje wie in dochter fan Pieter Sipkes Lindeboom (1803-1874) en Engeltje Wiebes Altena (1797-1856). Tjettje hie in broer Sipke Pieters Lindeboom (1832-1899) dy't troud wie mei Eelkje de Boer (1834-1880), en dit spantsje hie in soan Rinze Sipkes Lindeboom (1879-) dy't troud wie mei Romkje Migchiels van der Zee (1885-). Harren soan Migchiel Lindeboom (1911-1972) wie berne in Drachten mar ferstoar yn Abbotsford Brits Columbia, Canada. Hy wie troud mei Doetje Wilhelmina Adema, dy't berne wie yn Appelskea yn 1912 en ferstoarn is yn Abbotsford yn 1985. Doetje wie in dochter fan Jogchum Adema
(1864-1914) en Helena Wilhelmina Elmers (1872-). Migchiel en Doetje wienen de âlden fan it famke dat omtrint ferdronk yn de Drachtster Feart. Sy hiet Helena Wilhelmina Lindeboom en sy is berne yn Drachten yn 1941. Sy wurde rêden troch in skoallejonge, har buorjonge Jan Boonstra, dy't krektlyn omtrint 50 jier letter wer kontakt mei har krigen hat fia it internet. It kin frjemd rinne yn it libben. Wy kin ek sizze: wat liedt de Heare it libben soms frjemd, mar wol sekuer.
Jelle yn Kanada