OP ZOEK NAAR ROOTS - 55


Doe't ik fan 'e moarn betiid te stappen gie - 'k stap alle moarnen faak ier en betiid trije kilometers - wie it knap kâld. De temperatuer wie -23 graden Celsius en it duorre mar eefkes en doe dienen my de wangen knap sear fan de froast. Sa moarns betiid is it prachtich moai bûten yn de wite wrâld. De reek fan de skoarstiennen gie rjocht omheech, wat my tinken die oan in bibelske plaat dy't froeger yn ús lokaal yn de Kristlike skoalle op 't Fean hong en de offerande fan Kaïn en Abel útbylde. Der wie súver noch gjin minske warber. Ik moast ek tinke oan de oarlochsjierren doe't dizze âlde man in jonkje wie fan om ende by tsien jier. Wy wennen by de AVEK yn Surhústerfean en sa no en dan moast ik op jûntiid molke ophelje út de Grinzer Pein. It wie winter en it wie knap kâld. It frear dat it kreake. De wyn waaide en de deade bledden makken ûnferwachte lûden as de wyn se meinaam of fertrolle. It ritsele wolris wat. Genôch om in lyts bûkemantsje in bytsje skrikke te litten en wat bang te meitsjen. Ik hie in eigenmakke tas yn 'e hân. Dat wie in tas mei twa houten hânsels mei lytse gatsjes wêr't de tas oan fêst naaid of bûn wie. Mar yn dy hânsels sieten ek twa gruttere gatten foar myn hannen. Soms die ik de tas yn de oare hân want de fingers ferlearen har gefoel wolris wat fanwegen de froast. En dêr stapte dit jonkje hinne de lange stille, keale Grinzer strjitwei lâns. Pitstra wenne yn it lêste hûs en dêrnei kaam der gjin hûs wer. Der wie ek nea gjin auto of fyts of minske. It wie deastil. Sa stapte ik by moanneljocht by it dûnkere fuotbalfjild lâns, doe it spoekerige rivierke de Lauwers foarby, by de kroech lâns, en dêrnei de Skieding foarby, en in eintsje fierder wie in reed oan de rjochterside dy't ik ynslaan moast. Dêr wenne Auke van der Hoek mei syn gesin. Hy hie mar in lyts boerespultsje, mar dêr hellen wy wol ris wat molke wei. Ik wie altyd bliid dat ik dêr feilich op it hiem stapte. It wie dêr lekker waarm yn 'e hûs, ik krige ek wolris wat waarms te drinken en wol ris in flaubyt derby. En ûnderwylst geaten dy goede minsken de twa flessen fol mei molke. En dan ... wer op hûs oan. It selde paadsje lâns en de selde eangsten. Op't lêst wie ik wer thús yn eigen hûs. Feilich en wol. Wy hienen wer wat molke. Stien, in dochter fan Auke van der Hoek, hat myn mem wol holpen doe't mem oerspanne wie yn dy tiid. Stien is letter troud mei Hendrik Helmus en sy wenje no al jierren yn 'e Kornhorn. Ik ha al in hiel skoft kontakt fia e-mail mei Lieko Helmus (1940-) út Hilversum mar berne yn Drachten, soan fan Lieuwe Helmus (1913-1998) en Lolkje Ates Storm (1916-1983), en de lêste wiken ek in pear kear mei Auke Helmus, soan fan Hendrik en Stien. Auke wennet yn Doezum.
Ik hie altyd al aardich wat gegevens oer de famylje Helmus en ek oer de famylje van der Hoek yn de kompjûter, mar no wit ik it ferbân mei Hendrik en Stien, en ek mei Lieko. Ik sjoch no ek dúdlik dat in protte oare famyljes earne ferbûn binne oan dizze twa famyljes. It tilt fan kontakten! Yn dit stukje wol ik Stien har famylje in bytsje folgje.

Stientje (1926-) is in dochter fan Auke van der Hoek (1900-1987) en Jeltje Meijer (1906-1983), en dizze minsken ha jierrenlang dus oan dat reedsje wenne wêr't ik froeger wol molke wei helle. Flak foar oan yn 'e Grinzer Pein. Jo kinne it spultsje wol sjen fan de Grinzer Strjitwei ôf.
Auke wie in soan fan Taede van der Hoek (1870-1961) en Bintsje Harmens Bekkema (1871-1956). Taede wie in soan fan Sytze Andries van der Hoek (1842-) en Froukje Taedes de Haan (1845-1913), en dizze Sytze wie in soan fan Andries Sytzes van der Hoek (1805-1869) en Antsje Aukes Broersma (1811-1887). No efkes werom nei Froukje de Haan. As ik in namme lyk as Taede de Haan sjoch dan wit ik dat dy ek yn de Kramer famylje sit. Froukje har heit en mem wienen Taede Klazes de Haan (1810-1876) en Ybeltsje Siebes Boomsma (1814-1905). Doe't ik Ybeltsje har namme seach tocht ik fuort en daliks oan Jan Boomsma dy't dat lytse famke froeger út de Drachtster feart helle hat en har libben dêrtroch sparre hat. En ... ja, hear, dat is yndied syn famylje!

Froukje hie in broer Teye de Haan (1856-1958) dy't troud wie mei Fokje Minnes Kuipers (1864-). Dizze minsken hienen in dochter Theodora (1887-1969) dy't troud wie mei Hendrik Feikes Wouda (1884-). De namme Theodora wiist yn de regel nei in Theodora Petrus de Brouwer, in Brabânsk famke, dat troude mei de seeman Johannes Alles Kramer yn 1836. En dat is dus allegearre famylje fan ús. Fokje Kuipers wie in dochter fan Minne Lykeles Kuipers (1836-1870) en Trientsje Johannes Kramer (1837-1927). Dizze Trientsje wie ús Trien-muoi om't sy in suster wie fan Aaltsje Johannes Kramer (1845-1928) dy't de beppe wie fan myn tante Dora, frou Schurer, dy't op 't Fean wennet yn in moai flatsje wêr't froeger de buorkerij stie fan Wiebren (1878-1952) en fan Klaas Poppinga (1924-). Dizze boeren ferbouden froeger lekkere rapen net sa fier fan ús hûs ôf. Dy smakken bêst. Master Tjoelker sei altyd dat de rapetiid de minste tiid wie om yn skoalle te wêzen!
En sa binne Stien en wy dus in bytsje famylje fan mekoar.

Jelle yn Kanada