Wy krije de lêste tiid wer in âlderwetsk kopke tee. Ik bedoel dêrmei dat wy wer tee drinke út in stiennen teepôt. Sa lang as wy troud binne ha wy tee hân út sa'n glêd, glimmend, fergroomd teepotsje. Dat smakke ek wol goed fansels, mar myn frou Ali woe altyd noch wolris sa'n echte teepôt ha. Dat wie noch ris echt tee-drinken. En sa hat sy in skoft lyn in moaie nije stiennen teepôt krigen. Klear. Ik moat tajaan dat de tee hiel lekker smakket. Of him dat no yn de pôt sit of yn 'e tee, dat wit ik net. Doe't ik dat moaie nije gefal seach moast ik tinke oan in foarfaltsje út de tiid doe't ik noch wat nochteren en ek aardich ferlegen wie. Ik wie sa om-ende-by de 16 jier âld, tink ik, doe't myn mem my nei de winkel fan Numan op 't Fean stjoerde om in nije teetúte te keapjen. De túte fan ús teepôt wie der ôfbrutsen en dan koenen jo der
sa'n gummy ding oandwaan en dan koe de pôt wer tiden mei. Ik kaam de winkel binnen - der wie gjin klant te bekennen - en ik seach wat skruten om my hinne. Jo kamen ek hast nea yn sa'n moaie winkel fansels. Yn'e fierte seach ik in kreaze, jonge winkeljuffer. Ik koe har wol en sy my ek wol. Sy wie in jier of wat âlder as ik wie. Sy wie sa skruten en ferlegen net mear as ik, tink ik. Sy kaam op my ôf stappen en groete my hiel freonlik en sei: ' Kin ik dy ek helpe, Jelle? Wat moast ha?'
Yn myn ferlegenheid sei ik: 'Ik moat eins in tút ha.' It wie der út foardat ik it wist. Ferkeard fansels. Sy seach my in bytsje ferheard oan en sei: 'In tút? No, jonge, dan kin ik dy wol helpe. Dy kinst fan my wol krije.' Sy kaam laitsjend op my ôf, mar it is neat wurden. Ik sil wol in fjûrreade holle ha'n ha. Ik ha har fluch útlein wat ik eins bedoelde en wat foar soart túte ik ha moast. Letter ha ik wolris tocht, wat dom eins dat ik it net oannaam want it wie wol in moaie, tsjeppe faam. It wie myn tiid noch net foar dat soart spul, tink ik. Yn elts gefal, ik krige gjin tút, mar wol in túte, sa'n gummy ding wat presiis oan ús brutsen teepôt paste. Ik sil mar net fertelle hoe't dy faam hiet.
No wat oars: gjin túten, mar wol wat nammen. Alles op syn tiid.
Yn myn lêste stukje ha ik wat ferteld oer Stien van der Hoek, dochter fan Auke en Jeltsje út de Grinzer Pein. Dizze kear wol ik wat gegevens trochjaan oer har man, Hendrik Wolter Helmus (1926-). Hendrik en Stien wenje yn 'e Kornhorn. Ik kin alle kanten út mei de Helmus-famylje, mar ik nim mar twa ferbânen: mei Wijma út Eastermar en mei Storm út Harkema.
Hendrik is in soan fan Hielke Helmus (1892-1955) en Johanna Mellema (1893-1945). Dizze Hielke wie in soan fan Lieuwe Hendriks Helmus (1857-1938) en Hiltsje Pieters Ruiling (1863-1912), dochter fan Pieter Johannes Ruiling en Rinske Hattums de Vries. Lieuwe en Hiltsje hienen ek in soan Liekele (1888-1975) dy't troud wie mei Sytske Johannes Smeding (1895-1973). Liekele en Sytske hienen in dochter Jantsje Helmus (1915-) dy't troud wie mei Jan Hietbrink, en letter mei Mattheus Bosma (1914-1996). Dizze Mattheus hie in broer Ljibbe Bosma (1911-1993) dy't troud wie mei Aaltsje Wijma (1915-1997) dochter fan Elle Wijma (1884-1956), de klokmakker fan Eastermar, en fan Wytske Pieters Hamstra (1888-1949). Wytske har âlden wienen Pieter Jelles Hamstra (1849-1888) en Aaltsje Johannes Kramer (1845-1928), en dat wienen de pake en beppe fan myn mem.
No eefkes werom nei Jantsje Helmus. Sy hie in broer Lieuwe Liekeles Helmus (1913-1998) dy't troud wie mei Lolkje Ates Storm ( 1916-1983). Dizze Lolkje wie in dochter fan Ate Jetzes Storm (1887-1969) en Vogeltsje Hendriks Land (1887-1970). Ate wie in soan fan Jetze Rinzes Storm (1856-1933) en Grietsje Ates Veenhuizen (1858-1926) dy't tolve bern hân ha. Harren soan Sytze Jetzes Storm (1892-1977), en dus in broer fan Ate, wie troud mei Jantsje Alberts Land (1894-1957), en dizze minsken hienen ferskate bern wêr't ik wol guon fan neamd ha yn eardere stukjes fan ROOTS, lyk as Griet (1919-) dy't troud wie mei Wierd van der Meer (1917-1985), en Sjoukje (1933-) dy't troud is mei Anne van der Veen, oannimmer út 'e Ham. Sytze en Jantsje hienen ek in dochter Tryntsje of Nynke (1928-) dy't yn Canada wennet en troud is mei Bokke Hovius út Peebos. Sy wennen
eins op 'De Zanden'. Bokke syn heit wie wolris âlderling yn de Kristlik Grifformearde Tsjerke yn Kornhorn. As hy soms wat lêst hie fan sliep ûnder de preek, dan gie hy wolris in skoftke stean yn 't fjouwerkant om wekker te bliuwen, tink ik. Ik fûn dat as jonkje hiel plechtich en it makke in djippe yndruk op my. Hendrik Helmus is dus in bytsje famylje fan de famyljes Storm en Wijma. Sa sjogge jo dat in protte minsken earne dochs ferbûn binne oan ferskate famyljes. Ik fyn dat wol ynteressant om dat wat út te dokterjen. Auke Helmus út Doezum en Lieko Helmus út Hilversum ha my moai wat holpen mei inkelde gegevens oer de famylje Helmus. Sa mei mekoar kinne wy hiel wat klear krije. En ... ferjit net dat de kompjûter ek gâns wat prestearje kin.
Jelle yn Kanada