OP ZOEK NAAR ROOTS - 57


In skoftke lyn neamde in frou yn ús tsjerke de namme Kobus Tiemersma tsjin my. It die bliken dat sy omke tsjin dizze man sizze moast omdat har mem Evertje in suster fan him wie. It neamen fan Kobus syn namme die my fuortynienen tinken oan in fier famyljelid fan froeger wêr't ik it as jonkje net rjocht op stean hie. Dat kaam sa om wat sy ris tsjin myn mem sei oer ûndogense jonges, lyk as ik, dy't stoarmste graach wat by en yn it wetter boartsje mochten. Trouwens dat is hjoed noch sa, tink ik. Myn pakesizzers kin it wetter ek wol fine. Dy mei ek graach dwers troch de grutte wetterplassen hinne wâdzje en batse. Wetter plakken lûke lyk as magneten. It is feest om yn wetter om te pjutskjen en te bargjen. Dat sit der gewoan yn by de bern.

It wie yn 't begjin fan de oarlochstiid want wy hienen noch dy wide sleat foar ús hûs mei in smel brechje der oer. Dy sleat is letter ticht smiten. Ús hûs stie sawat skeef tsjinoer it dûbele hûs fan Sjoerd en Jan Rinsma, en dy sleat rûn troch oan Kobus syn tún ta. Kobus wie dus ús buorman en hy wenne op'e hoeke fan de Warreboskleane en de Grinzerstrjitwei.

Op in snein, krekt foar tsjerktiid, wie ik noch efkes by dy sleat, earst wat oan't sjen, mar al gau wat tichter by doe oan't boartsjen, en op de ien of oare manear rekke ik yn dy smoarge sleat mei myn knappe, sneinske klean oan. Dat sil wol in grutte konsternaasje feroarsake ha, tink ik.
Mem fertelde in pear dagen letter oan dy selde frou dy't by ús op teebesite wie, dat ik sa glûpende graach by en yn't wetter boartsje mocht, en .... der ek wol ris yn rekke. It ferhaal fan de foarige snein wurde yn kleuren ferhelle. Mem fertelde dat sy net rjocht wist hoe of sy dat 'dy smoarge jonge' ôf leare koe. Mar dat wist dy frou wol! Ik wie krekt yn 'e hûs kaam en wie yn 'e gang neist de keamer en hearde har sizzen: 'Tryn, de earste de beste kear as hy wer wiet thús komt, moast him pakke en miterje him op 'e kop yn 'e sleat. Dan docht er it fuort net wer!' Ik skrok geweldich! Minsken, dat soe freeslik wêze! Myn hart sloech as in lammesturtsje. Gelokkich hearde ik mem sizzen: 'Dat wit ik net. Dat liket my dochs wol wat bot en noedlik ta. Dat soe ik nea dwaan kinne'. Ik wie goed bliid dat mem dat sei. 'k Leau no dat sy tocht: 'Stel jo ris foar dat myn eigen bern net wer nei boppen komme soe .... dat soe freeslik wêze ....'k moat der net oan tinke.'

'k Wie as jonkje wol in bytsje bang foar dy frou fansels. Letter doe't ik wat grutter wie en ek wat âlder, wie dat oars. Doe bin ik dêr wol ris west en koe bêst mei har oer de wei. 'k Ha dy sleat en dat wetter nea tsjin har neamd, ek net dat ik wist wat sy mem oanrieden hie. Grutte minsken meitsje lytse bern wolris hiel bang, mar beseffe dat net altyd. Wat moatte wy foarsichtich wêze mei ús wurden. Wy songen froeger wol: 'Zet, Heer, een wacht voor mijne lippen, Behoedt de deuren van mijn mond ...'. Dat jildt foar bern, mar ek foar grutte minsken.

No efkes werom nei Kobus Tiemersma. Kobus kaam út de omkriten fan Anjum en hy wie troud mei Jantsje van der Velde, dy't fiere famylje fan ús wie. Ik seach lêstendeis Kobus noch op in moaie âlde foto fan de Kristlike Sangferiening 'Ta God's Eare' fan 't Fean. Hy wie in soan fan Lieuwe Tiemersma (1890-) en Janke Tuininga (1889-) út Anjum. Dizze Lieuwe wie in soan fan Sake Meinderts Tiemersma (1859-1941) en Antsje Jans Kooistra (1861-1931) dy't gjin famylje fan ús wie. Kobus syn pake en beppe fan syn mem har side wienen Jakobus Klazes Tuininga (1854-1938) en Elizabeth Rijpma (1854-1882).

Jantsje is in dochter fan Geert van der Velde (1883-) en Aaltsje Smids (1887-), dochter fan Paulus Wiebes Smids (1854-1906) en Aaltsje Storteboom (1861-). Geert van der Velde wie in soan fan Sas Martens van der Velde (1847-1932) en Jantsje Ytzens Drost (1849-1928) dochter fan Ytzen Geerts Bakker (1799-1882) en Maria Elizabeth Drost (1813-1898) dy't troud west hie mei Wiemer Jacobs Hoeksma (1801-1851) en wêr't sy trije bern fan hie: Jacob, Doedina, en Hiske. Alle trije wienen Hoeksmas. In broer fan Jantsje Ytzens Drost wie Geert Drost (1846-1896) dy't troud wie mei Hiske Johannes Kramer (1844-1903), suster fan myn oerbeppe Aaltsje Johannes Kramer (1845-1928). Jantsje hie ek in suster Wytske Drost (1853-1943) dy't troud wie mei Jan Ridzerds Elzinga (1852-1908).

Noch in oare suster fan dizze Jantsje wie Janna Drost (1856-1941) dy't troude mei Sake Ridzerds Elzinga (1855-1944). Har jongste suster Froukje Drost (1857-1938) wie troud mei Anne Jaspers Pool (1857-1942). In grut neiteam fan dizze Drosten, Elzingas, en Poolen wennet noch op 't Fean.

Noch efkes dit: Krekt nei de oarloch kamen der wolris twa jonges út Anjum by harren omke Kobus en tante Jantsje útfanhûs. Dat wienen Piet en Lieuwe Greydanus út Anjum. Ik ha wol gauris boarte mei dy jonges, foaral mei Lieuwe. Sa'n fyftich jier letter kaam ik Lieuwe earne yn Ontario tsjin op in trouwerij. 't Kin frjemd beteare yn it libben. It wie Lieuwe syn jongere suster Geertsje dy't Kobus neamde en wat dit ferhaaltsje op 'e priemmen set hat.

Jelle yn Kanada