OP ZOEK NAAR ROOTS - 58


Lêstendeis bin ik te preekjen west nei Kemptville, sa'n 50 km. by ús wei, en in wike earder nei Renfrew dat hjir 175 km. wei leit. It wie sierlik winterwaar, de wegen wienen moai droech en skjin, en ik ried proastich yn myn sa-goed-as-nije truckje, in Ranger XLT mei in CD-spiler deryn, op myn doel ôf. Ik bin goed wiis mei myn truckje want no kin ik CD's spylje wylst ik oeral hinne ryd. Ik tocht noch efkes mei tankberens: wat bin'k eins gelokkich dat ik trije talen knap brûke kin: Hollânsk, Ingelsk, en Frysk. Ik preekje yn it Ingelsk fansels, mar ik tref dan ek wol minsken dy't noch wol graach efkes Hollânsk of Frysk prate wolle. Al ridende, lústerje ik no moai nei in nustje CD's: wat Ingelske en Hollânske gesangen, en ek nei Fryske ferskes song troch Ritske Numan. In wiere lust! 'Doe'k eartiids in beuker wie ...', of 'Troch see en skaad en lânnen ...', of 'Wat bin' der yn't ferline al in Friezen 't lân úttein...', binne in pear fan de lieten dy't Ritske sjongt op dizze moaie CD. In lust om der nei te lústerjen. 'k Bin dan efkes yn Fryslân wylst ik yn Canada efter it stjoer sit.

Nei de tsjerke-tsjinst ha ik noch efkes praat mei Janneke de Haan-Hovius en mei har beide soannen Bert (Bote) en Henry (Hendrik). Alle trije seagen hiel blier en in bytsje ûndogensk. Foaral Henry hat altyd wol in kwinkslach klear. Dat hat syn mem trouwens ek. Sy is benei 99 jier âld en noch goed helder. Sy sit no yn in rôlstoel en de jonges drage of ride mem oeral hinne. Sy is in bliermoedich Kristinne. Ik moat altyd efkes tinke oan de Kristlike Grifformearde Tsjerke yn Kornhorn wêr't wy froeger hinne gienen, en de famylje de Haan ek. Janneke hie in broer Wiebe dy't ek wat in grapmakker wie. Dy minsken hienen faak wille. Hy wurde diaken yn 'e Kornhorn en doe hat it jongfolk in grapke mei him úthelle. Hy moast foar it earst de kollekte ophelje mei in lange angelstôk mei in sekje op it ein mei in sturtsje of kwastje deroan. It like wol wat op fiskjen. Jo moasten in hiel ein rikke om it oare ein fan de lange rige minsken te berikken. Minsken krigen ek wol ris in bats tsjin de holle mei dy lange stok of pong, tink ik. De jonges hienen allegearre wat ekstra koperlappen meinommen foar Wiebe syn earste fangst. Sy soenen de nije diaken efkes te pakken ha. Wiebe begûn by de efterste bank wêr't it jongfolk siet en de jonge bazen hienen allegearre in hânfol sinten klear. De stok skeat Wiebe hast ta de hannen út doe't de iene nei de oare der in hânfol koperlappen yn die. Hy moast doe goed oppasse dat hy de pong rjocht hâlde en de minsken net mei de swiere pong reitsje soe. Hy hat it oprêden, mar it kaam der op oan. Hy wurde net lilk, mar glimke mar wat, en hie wol yn 'e gaten dat de jonges it as in grapke bedoelden. Miskien hie hy it sels froeger ek wol ris dien. 'k Tink net dat Wiebe ea wer sa'n goede fangst hân hat as dy earste kear.

In skoftke lyn krige ik in brief mei wat gegevens fan Miny Bron-de Haan fan't Fean. Sy is famylje fan dizze Janneke yn Canada. Dizze minsken binne ek famylje fan dy trije van der Molen bern dy't op 15 maaie 1897 alle trije op de selde dei trouden. Dêr ha ik al ris oer skreaun. Miny (1938-) is de widdo fan Wisse Bron dy't yn 1993 stoarn is. Sy is in dochter fan Jan de Haan (1910-1987) en Tjitske Ytsma (1915-). Tjitske is in dochter fan Hendrik Ytsma (1875-) en Wilhelmina Oost. Hendrik Ytsma wie in soan fan Pope Alles Ytsma (1828-1899) en Tjitske Romkes van der Kloet (1835-1908). Jan de Haan wie in broer fan Meine de Haan (1907-1963) dy't troud wie mei Janneke Hovius (1902-) dy't hjir wennet. Jan en Meine hienen beide in soan Bote, neamd nei âlde Bote de Haan (1871-1955) dy't troud wie mei Anje Terpstra (1879-1955). Dizze minsken gienen froeger nei de Kristlike Grifformearde Tsjerke yn Kornhorn. Bote wie in soan fan Meine Botes de Haan (1840-) en Jantje Edzes van der Molen (1842-), dochter fan Edze Durks van der Molen (1794-1872) en Stijntje Haayes Loonstra (1798-1844).

Janneke wie in dochter fan Liekele Hovius (1859-1938), soan fan Jacob Hovius (1821-) en Janneke van Duinen (1818-), en fan Willemke Ewema (1862-1947), dochter fan Wiebe Ewema (1793-) en Antje Dijkstra (1791-).

No eefkes werom nei dy trije van der Molen bern dy't alle trije op ien en deselde dei trouden yn Bûtenpost. Ien fan dy trije wie Edze (1870-1933) dy't troude mei Janke Douwes Wijnalda (1871-1958). Edze wie slachter, keapman, boer en moal hannelsman op Koartwâld. Sy hienen in soan Atze (1901-1974) dy't troude mei Sytske Johannes Dalstra (1901-1993), dochter fan Johannes Jacobs Dalstra (1859-1941) en Wipke Alles Bijma (1865-1928). Atze van der Molen hie in feefoer-mingbedriuw op 't Fean. No krige ik okkerdeis in brief út Beetstersweach fan in soan fan Atze en Sytske, nammentlik fan Johannes van der Molen (1930-) dy't troud is mei Hendrikje Schroor. Johannes hat stjoerman west op de Grutte Hannelsfeart en letter jierrenlang produksje sjef by Philips yn Drachten. Hjir woe ik it dizze kear mar by litte.

Jelle yn Kanada