Earne yn it grutte Canada wennet George van der Berg dy't dêr yn 1959 berne is. Hy is neamd nei syn pake Gosse dy't út Harkema kaam. Eins wie dat syn âld-omke dy't troud wie mei Taapke Waatzes Weening út Harkema, dochter fan in slachter. George syn heit wie Hendrik van der Berg (1938-) en dy syn mem wie net Taapke, mar Wyke, in âldere suster fan Gosse. Wyke tsjinne earne yn Fryslân, en rekke yn ferwachting mar de heit fan it bern liet har sitte. Har broer Gosse en syn frou Taapke, dy't sels gjin bern hienen, holpen har út de brân en namen it jonkje oan as harren eigen. Gosse wie froeger klompmakker, earst yn Harkema en letter yn Nij Beets. Dizze George yn Canada is in soan fan dat jonkje, Hendrik van der Berg, dy't mei syn omke Gosse en tante Taapke (hy neamde harren heit en mem) nei Canada gie en hjir letter troude mei Ellie de Klerk
(1939-), dy't no noch yn Canada wennet. Taapke hie in suster Ankje en in broer Eerde dy't ek nei Canada gienen. Ankje is hjir troud. Eerde wie al troud yn Hollân en kaam mei in jong gesin yn Alberta oan by Gosse en Taapke. Yn de earste winter dêrre is Eerde op in rare manear oan syn ein kaam. Wylst hy de oalje-kachel oanstuts, gie der wat mis: de peteroalje ûntplofte en hy is oan brânwûnen stoarn.
George stjûrde my lêstendeis in e-mail en frege of ik him wat fertelle koe oer Harkema, Surhústerfean, Droegeham, en omkriten. Hy hie noch wol mear fragen, mar ik ha lang net alles fertelle kinnen. Ik ha him ferwezen nei boeken en videos, ensf.
Hy fertelde my wat dingen oer de 'van der Berg-famylje' en doe bin ik begûn te sneupen yn de kompjûter. Ik ha hjir flak foar my in sketske lizzen dat eins begjint mei Aize Franzes Bouius van der Berg (1833-1915) en Romkje Wiebes Kootstra (1837-1916). Dizze minsken hienen in nustje bern en no wol ik in bytsje mear fertelle oer trije fan dy bern.
Dy Gosse (1909-1994) dy't ik al neamde, hie ek in broer Hendrik van der Berg (1899-) dy't troud wie mei Romkje Land (1901-). Dizze Romkje wie in dochter fan Jan Klazes Land (1869-1909) en Trijntje Aizes van der Heide (1872-), in dochter fan Aize en Romkje. Dat is dus de takke fan dizze George yn Lethbridge, Alberta. No wienen Hendrik en Gosse soannen fan Hendrik Hendriks van der Berg (1876-1954) en Eelkje Durks Dam !1874-1949), dy't fêst wol 8 bern hienen. Dizze Hendrik wie in soan fan Hendrik Pieters van der Berg (1835-1904) en Wyke Geerts van Schepen (1831-1900), dy't ik wolris neamd ha.
Romkje Land hie in suster Grietje (1908-) dy't troud wie mei Sietze Annes van der Meer (1909-1996), soan fan Anne van der Meer (1889-1973) en Lutske Wierds Kooistra (1888-1960). Dat wie dus famylje fan myn heit syn side. Sietse en Grietje ha in soan Anne, dy't troud is mei Sjoerdje de Vries, dochter fan Hendrik-bakker (1911-1976) út Stynsgea dy't troud wie mei Trijntje Postma (1915-1996) dochter fan smid Johannes Feyes Postma (1887-1972) en Sjoerdje Tobias van der Velde (1889-1972) út Surhúzum. Hendrik wie in soan fan Wiggele Ruurds de Vries (1875-1963) en Antje Hendriks Schutter (1878-1967) út 'e Ham, de frou dy't my myn aller-earste ruft ûnder dien hat.
Dit folk is dus allegearre ferbûn oan dy Trijntje Aizes van der Heide.
No hie dizze Trijntje ek in broer Wiebe Aizes van der Heide (1867-1923) dy't troud wie mei Johanna Metzlar. Dizze minsken hienen in soan Jan van der Heide (1914-) dy't troud wie mei de jonge widdo Martje Hamstra (1920-). Har earste man, Rinze Brouwer (1915-1942) wie deaslein troch in koartsluting yn de elektryske stroom. Rinze en Martsje hienen twa berntsjes: Willem en Hendrikje. As ik de namme Martje Hamstra sjoch moat ik tinke oan ús âlde Martsje-muoi (1857-1954) dy't op 'e Ikkers wenne wêr't ik wol ris west bin. Martje Hamstra wie in dochter fan Alle Harms Hamstra (1894-1955) troud mei Hendrikje Harts Boersma (1892-1934). Dizze Alle wie in soan fan Harm Jelles Hamstra (1852-1930) en Martje Jans Helder (1857-1954), myn Martsje-muoi. Dat wie allegearre famylje fan myn mem, Trijntje Hamstra. Al dat folk kaam fan 'e Ikkers, by de Ham.
Trijntje van der Heide en har broer Wiebe hienen ek in suster Saapke Aizes van der Heide (1880-) dy't troud wie mei Rienk Sytzes van der Meer (1879-1915). Dêr ha ik eins neat fierders oer, allinne dat sy fêst 5 bern hienen: Sytze, Romkje, Aize, Roel, en Wiebe.
Mar ik ha wol mear oer in oare suster fan Trijntje, nammentlik Jeltje Aizes van der Heide (1876-1943). Dizze Jeltje wie troud mei Koop Oenes Bakker (1866-1951), en harren dochter Tjitske (1914-2001) is lêstendeis ferstoarn. Sy wie ús buorfrou oan de Warreboskleane, en sy wie troud mei Eerde Weening (1911-1984). Harren dochter Jeltsje (1935-1999) ha ik al ris oer skreaun yn OP ZOEK NAAR ROOTS.
As ik no sa nei myn sketske sjoch ha ik al dizze minsken efkes ferbûn. Dit hiele spul is begûn mei ien e-mail fan George yn Alberta. Hy is elektrisjên, is troud mei Christine, hat trije jonges en in famke, en is dus in de fierte in bytsje famylje fan al dizze minsken en ek fan myn heit en myn mem. Dat wist hy net, en ik ek net.
Jelle yn Kanada