OP ZOEK NAAR ROOTS - 6


Om't wy famylje yn 'e Ham hienen, en ek om't wy dêr berne wienen, lûk de Ham altyd hiel bot. "Mar it blûd yn Fryske ieren, lûkt nei Fries en Fryslân ta" song Eeltsje Halbertsma lang lyn, en sa is't miskyn ek wol een bytsje mei wêr't een minske op 'e wrâld kaem is. De Ham wie ús bakerkoer. Dêr kaemen heit en mem beide wei. Pake Rinze en Beppe Hiltsje wennen dêrre, Pake Jelle Hamstra wenne dêrre, en letter wenne tante Janke Kooistra flak by de âlde Hamster toer midden yn'e Ham.

Doe't ik dêr een kear wie, 'k sil sâ'n 16 jier west ha, en by tante Janke op besite wie, kuierde ik wat by de Hamsterfeart en haven roun, om te sjen wêr't wy froeger wenne hienen. Dêr tichte by stie een âld wyfke foar har hûske, en ik makke een praetsje mei har. Sy freege al gau: "Wa bist dû?" Ik fertelde har wa't ik wie en dat ik by tante Janke op besite wie. "Bist dû ien fen Hindrik en Tryn?" freege sy fierder. Ik antwurde: Ja. "Bist dû de twadde jonge?" Ja. En doe sei sy: "Dan ha ik dy it earste ruft ûnder dien." Ik besefte doe dat der tusken ús net folle geheimen wienen. Sy fertelde my doe ek oer de kâlde winter fen desimber 1933, en ek oer de minne tiiden.

Det âlde wyfke wie Wiggele's Antsje, frou fen Wiggele de Vries. Sy rintenierden doedestiids yn 'e Ham.

Us gesin koe har soan en syn frou hiel gûd. Dat wienen Hindrik en Tryn fen Stynsgea. Hendrik hie dêr een bakkerij. It wienen freonen fen myn heit en mem. Letter ha myn heit en mem wol een heal jier by dizze Hindrik en Tryn ynwenne, doe't ús gesin werom kaem út Canada yn 1954. It wienen pûrbêste minsken.

Harren famkes Anneke en Sjoerdsje wienen krekt as susters foar ús. Anneke en har man Anne van der Schaaf ha al ris by ús west yn Canada. Anne ken smûk fertelle.

Dy âlde Antsje wie dus de beppe fen dizze beide famkes. Sy hat myn mem doe holpen om my yn 'e wrâld te bringen.

Wy wennen doedestiids op'e Drifte, mar dat hûs is letter ôfbaernd. It stie neist it hûs wêr't Ruurd en Wyts de Vries wennen. Dy Ruurd wie een broer fen Hindrik- bakker út Stynsgea. Dizze Ruurd en Wyts hienen ek een Wiggele wêr't ik wol mei boarte ha as ik by pake en beppe Kooistra útfanhûs wie. Pake en beppe wennen krekt op 'e hoeke fen de Drifte en de Boskwei. Dat hûs is ek al jierren fuort.

Hindrik-bakker (1911-1976) wie een soan fen Wiggele de Vries (1875-1963) en Antje Schutter (1878-1967). Wiggele wie een soan fen Ruurd Jans de Vries (b.1834) en Wytske Wiggeles Veltman (1836-1910), en Ruurd wie een soan fen Jan Jans de Vries (b.1804) en Geeske Ruurds van der Leij (b1806).

Trijntje Postma (1915-1996), frou fen Hindrik-bakker, wie een dogter fen Johannes Feijes Postma (1887-1972) smid yn Surhúzum, en Sjoerdje Tobias van der Velde (1889-1972). Johannes-smid wie een soan fen Feije Jans Postma (1860-1929), smid yn Surhúzum, en Taetske Johannes Pauzinga (1863-1951). Feije-smid wie een soan fen Jan Jans Postma (b.1825), smid yn Surhúzum, en syn frou Wypkje Feijes Wilpstra. Sjoerdje Tobias van der Velde wie een dochter fen Tobias Tjipkes van der Velde (1862-1930) en Trijntje Johannes van Minnen (1858-1938), dogter van Johannes Jans van Minnen (1830-) en Sjoerdje Lucas Bijstra.

Sjoerdsje fen Hendrik de Vries en Trijntje Postma is troud mei Anne van der Meer, soan fen Sietze van der Meer (1909-1996) en Grietje Land (b.1908). Sytze wie en soan fen Anne Sytzes van der Meer (1889-1973) en Lutske Wierds Kooistra (1880-1960). Dizze Lutske wie een dogter fen Wierd Rinzes Kooistra(1855-1915) en Anna Roels Veenstra (1865-1937). Dy Wierd wie een jongere broer fen Hendrik Rinzes Kooistra (1847-1917) en dizze Hendrik wie myn oer-pake, en wie troud mei Romkje Kornelis Buursma(1841-1929).

En sa is't sirkeltje wer roun! Anne fen Sjoerdsje en ik bin dus famylje fen mekoar, en Sjoerdje's beppe wie de earste dy't my ophimmele in 1933.

Jelle